zaterdag 24 oktober 2009

Hupsakee en oare ferhalen

Sneon 24 oktober 2009

“Yn in foarich libben haw ik grif seeman west“, sei omke.
Neffens muoike wie dat lichtsinnich praat.
En doe't wy omke mei de kloet dwaande seagen..."

Mei it fleurige ferhaal 'Farre' begjint dizze ferhalebondel, dêr't alderhanne personaazjes yn foarbykomme. Jong en âld, en alles wat dêr tuskenyn sit. Elk, mei syn eigenaardichheden, tekoartkommings of wivelmoedigens, siket it paad troch it libben. Wolris op in wize dêr't men jin oer fernuveret of om skodholje moat. Guon fan 'e 60 ferhalen binne mankelyk, oare spannend of mystyk. Mar humor spilet de boppetoan en faak sille jo glimkje om de nuveraardichheden dy't jo yn dit boek meibelibje.

De ferhalen binnen skreaun troch Anders M. Rozendal. In grut part fan dizze 60 ferhalen binnen yn ’e rin fan ’e jierren yn ’e Sneinspetiele fan it Friesch Dagblad publisearre. Ferhalen mei titels lykas: Spoekegat, De registers iepen, Snobkont, Simmerjûn, Foar master opslaan en as útsetter it 60e ferhaal: Neisit.

As bestjoer fan 'e Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) publisearren wy yn it jubileumjier 2009 de nije ferhalebondel " Hupsakee en oare ferhalen” fan ús Fryske skriuwer Anders M. Rozendal út Dokkum. It boek hat KFFB-nûmer: 455 en ISBN-nûmer: 978 90 74918 73-2. Yn 'e boekhannel èn by de KFFB kinne jo dizze ferhalebondel keapje foar € 19,50. Foar KFFB-leden is de priis by de KFFB € 16,00.

Faaks wolle jo ek lid wurde fan ús feriening de Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB). It lidmaatskip fan 'e KFFB kostet mar € 27,00 yn 't jier. Dêrfoar krije jo mar leafst trije kear yn 't jier (yn febrewaris, maaie en septimber) in nije roman-útjefte; en de Frysk literêre krante "De fleanende krie" krije jo der dan ek noch trije kear mei op ta.

Fia ynternet kinne jo fuortendaliks lid wurde op 'e side: http://kffb.nl/nijlid.html

Geen opmerkingen: