Jacobus Knol (1936-2023) |
Bestjoerder fan de KFFB
Op 30 novimber 2023 is Jacobus Knol ferstoarn. Hy is berne yn 1936 en hikke en tein yn Dokkum. Jacobus wie by syn ferstjerren 87 jier. De tanktsjinst foar syn libben en wurk wie op 6 desimber 2023 yn de Sint-Catharinatsjerke fan Ealsum.
Koos – want sa neamden wy him ek wol – hat him tige ynset foar allerhande maatskiplike saken. It falt dan ek net ta om yn it ramt fan in beheind In Memoriam in folslein oersjoch te jaan fan wat Koos allegearre úteinset hat yn al syn aktive jierren.
Hjirûnder komt in tal priuwkes fan wat Koos oan wurk ferset hat, en dan fansels fral oer syn grutte bydrage oan it wurk foar de Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB). Jacobus wie nammentlik in betûft taallearaar, mar ek in wurdearre skriuwer, oersetter en bestjoerder fan de KFFB.
Learaar
Nei syn beropsoplieding oan de kristlike kweekskoalle wie Knol ûnderwizer. Hy hie syn wurk ûnder oaren op Nij-Guinea, yn Beverwyk en yn Snits. Koos learde troch foar de hegere ûnderwiisaktes Nederlânsk en Frysk, en waard learaar Nederlânsk en Frysk oan Klaerkamp en Mariënburg. Dat wienen eartiids de kristlike pedagogyske akademys fan Dokkum en Ljouwert, dy’t letter beide opnommen waarden yn de Kristlike Hegeskoalle Noard-Nederlân, tsjintwurdich NHL Stenden Hegeskoalle.
Knol wie net allinne learaar mar ek ynspirator foar syn studinten. Fan wat ik fan myn frou Durkje de Jong fan Broeksterwâld heard haw – ien fan syn eartiidske studintes – wie Knol as kundich taallearaar wol in taalpurist, mar gjin taalaktivist. Durkje seach him as in noflik learaar, en hja sei oer Knol: “Hy learde ús it Frysk goed.”
Skriuwer
Jacobus Knol waard yn 1988 bestjoerslid fan de KFFB. Yn it jier 1994 waard troch de hânskrifte-karkommisje fan de KFFB in publikaasje-adfys yn it bestjoer fan de KFFB ynbrocht, om de nije útjeften foar it kommende jier fêst te stellen. Ien fan de manuskripten dy’t goedkard waarden, wie it manuskript fan Styntsje Piters mei de titel ‘In libben as Styntsje’. Letter die bliken dat Styntsje Piters de skûlnamme wie fan Koos.
Jier op jier folgen nije boeken fan Jakobus Knol, nammentlik: ‘In earsten dragonder’ (yn 1996), ‘In opwinend fraachteken’ (1997) en ‘Tusken Boedapest en Burgerheide’ (1998). Dêrnei waard Jacobus sels ek lid fan de Karkommisje fan de KFFB, om mei oaren de ynbrochte hânskriften fan al bekinde en fan nije skriuwers te beoardielen.
Yn dy jierren wie ik as twadde foarsitter fan de KFFB ek ien fan de meibestjoerders dy’t op grûn fan de adfizen fan de Karkommisje de hânskriften al of net goedkarden foar publikaasje as KFFB-boek.
Yn 1979 hie Koos trouwens al twa publikaasjes fan de KFFB op syn namme krigen, nammentlik ‘Sa gong it mei Jezus’ en ‘Jezus komt yn 'e wrâld’, twa bibelferhalen foar de bern yn ienfâldich Frysk.
Oersetter
Yn 1978 ferskynde de ‘Nije Fryske Bibeloersetting’ by it NBG. Knol hat ek foar dizze nije útjefte – fral ek op it mêd fan de nije Fryske stavering – in bydrage levere. Noch net iens sa lang lyn ferskynde de lêste oersetting fan Jacobus Knol, mei de útjefte fan it boek ‘Nina’ fan de skriuwer Frédéric Lenoir, útjûn as KFFB-boek yn it jier 2020.
In tige grut en wichtich projekt fan Jacobus wie it út it Frânsk en it Ingelsk nei it Frysk oersetten fan in tal boeken fan Elie Wiesel, de skriuwer dy’t de konsintraasjekampen Auschwitz en Buchenwald oerlibbe yn de Twadde Wrâldkriich. Dat wienen ‘De nacht’ (1995), ‘Alle rivieren rinne nei see, diel 1 en 2 (1999, 2000), ‘…mar de see rekket nea net fol’, diel 1 en 2 (2001, 2002), ‘De Nacht De Dage De Dei’ (2002), ‘De stêd fan it lok’ (2006), en ‘Twiljocht’ (2009).
Ek ferskynden fan Jacobus noch oersettings fan: ‘Teatske Alzum har wrâld’ (2004), ‘Wy, dy’t bidde’ (2014), ‘It Geheim՚ (2015). Ek sette er út it Dútsk de roman ‘De skilderesse fan de fjoerstoarm’ (2017) oer. Net allinnich om de kwaliteit fan dizze oersette boeken, mar ek om’t it foar de KFFB wol gauris dreech wie om gaadlike hânskriften goed te karren foar publikaasje, wie it Knol dy’t der mei foar soarge dat de KFFB-leden alle jierren harren nije Fryske boeken krigen.
Stean en gean foar de KFFB
Mar Jacobus Knol die folle mear, suver te folle om hjir te beneamen. Tink bygelyks mar oan syn redaksjewurk, korreksjewurk, opmakwurk, en skriuw-adfys jaan oan nije en bekinde skriuwers. In soad fan dat wurk hat de beskieden Koos yn alle stilte dien. Mar yn dy stilte binne der in soad minsken dy’t mei grutte wurdearring werom sjogge op alle goede wurken fan Koos.
En it wie grif net allinnich mar burowurk dat Koos die. Hy stie en gie foar alle wurk fan de KFFB. In foarbyld: Yn 2008 hat Koos soarge foar in goed plak foar ús boekefoarrie fan de KFFB, doe’t alle boekedoazen ferfarre moasten fan de garaazje fan ús meibestjoerder Dick Eisma yn Aldehaske nei in boerepleats yn Boarnwert. Mei ús auto's en twa swiere oanhingweinen fol KFFB-boeken rieden Dick en ik oerdei nei ús nije KFFB-magazyn yn Boarnwert. Dêr hie Koos al in soad wurk ferset mei it meitsjen fan in grut tal boekerekken; in knap stik wurk. En dêr stie Koos fansels ek al wer klear om Dick en my by te stean mei it sjouwen fan alle boekedoazen fan 'e oanhingweinen yn 'e nije boekerekken.
Ofskie fan Koos
Doe’t Jacobus Knol nei in bestjoerssit fan 24 jier ôfskie naam fan it bestjoerswurk foar de KFFB yn 2012, haw ik yn myn deistige bloch al skreaun dat der net genôch wurden binne om Koos mei paste eare tank te sizzen foar al syn goede wurk foar syn en ús Kristlik Fryske Folksbibleteek, en dat bliuwt oerein. As wy as bestjoerders en as leden fan de KFFB werom sjogge op wat Jacobus Knol rûnom en spesifyk foar de KFFB dien en betsjut hat, dan begrype jo grif wol dat wy Koos dêr allegearre tige tankber foar binne.
Dit troch my skreaune 'In Memoriam' is publisearre yn de krante 'De Fleanende Krie' nûmer 201 fan febrewaris 2024, de útjefte foar de leden fan de Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB).
Geen opmerkingen:
Een reactie posten