zondag 24 mei 2009

Twiljocht

Snein 24 maaie 2009

Sûnt Pedro koart nei de oarloch efter it izeren gordyn ferdwûn is, hat Rafael Lipkin om him socht. Wa is dy Pedro? Wêr kaam er wei? En wêrom hâldt er Rafael sa yn'e besnijing? Dy fragen litte Rafael net los en bringe him, nei 't er in heimsinnich telefoantsje krigen hat, yn de Mountain Clinic, dy útsûnderlike ynrjochting by New York mei syn psychiatryske pasjinten dy't har yn bibelske tiden wane en miene dat se Adam, Kaïn, Abraham, Joazef en sels de Messias of God binne. Yn syn moeting mei dy bysûndere minsken moat Rafael weromtinke oan syn ferline yn Rovodok, dat stille stedsje yn'e Karpaten dêr't er hikke en tein is.

As bestjoer fan 'e Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) publisearje wy dizze moanne de nije roman "Twiljocht" fan de wrâldferneamde Nobelpriiswinner en skriuwer Elie Wiesel. It boek hat KFFB-nûmer: 453 en ISBN-nûmer: 978 90 74918 71 8. Yn 'e boekhannel èn by de KFFB kinne jo dizze roman keapje foar € 19,50. Foar KFFB-leden is de priis by de KFFB € 16,00.

Yn 1987 is it boek yn Frankryk ferskynd mei as titel "Le Crépuscule, au loin". In jier letter ferskynde dizze roman yn in oersetting fan Marion Wiesel mei as titel "Twilight". En no is der ek de Fryske ferzje "Twiljocht", de oersetting fan ús KFFB-bestjoerder en Fryske Wiesel-spesjalist Jacobus Knol

Faaks wolle jo ek lid wurde fan ús feriening de Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB). It lidmaatskip fan 'e KFFB kostet mar € 27,00 yn 't jier. Dêrfoar krije jo mar leafst trije kear yn 't jier (yn febrewaris, maaie en septimber) in nije roman-útjefte; en de Frysk literêre krante "De fleanende krie" krije jo der dan ek noch trije kear mei op ta.

Fia ynternet kinne jo fuortendaliks lid wurde op 'e side: http://kffb.nl/nijlid.html

Geen opmerkingen: