It omslach fan de nije gebedebondel fan de KFFB |
Die Betenden
Yn de simmer fan it jier 2012 wie der in moaie tentoanstelling yn de Nicolaikirche fan Wismar, yn Dútslân. Dêr seagen jo transparante skilderijen fan twa meter hichte, op pleksyglês.
By alle skilderwurken hie de Benediktiner muonts Anselm Grün in gebed makke, dat de djippere diminsje efter it skilderij ophelle.
"In jedem von uns steckt die Sehnsucht,
sich mit dem, was das Hertz bewegt,
an den wenden zu können,
der der Ursprung von allem ist."
(Anselm Grün, 2012)
Wij, die bidden
Dûmny Tjitske Hiemstra fan de Meniste Gemeente fan Ljouwert wie dêr doe, en kocht it tentoanstellingboek 'Die Betenden', mei dêryn de skilderijen en de gebeden.
Hja hat dizze gebedebondel tegearre mei Rinse Rinsma fan Tytsjerk omset nei in Nederlânsk-Ljouwerter ferzje, mei oersettings fan de gebeden yn it Nederlânsk, en hja hat troch fotografe Nienke van der Meer fan Dronryp foto's meitsje litten fan Ljouwerter Meniste gemeenteleden, ien bypassende foto by elts gebed.
De tsien foto's fan de leden fan de Meniste gemeente jouwe yn kombinaasje mei de tsien gebeden sicht op de rykdom en de yntimiteit fan it gebed by ûnderskate situaasjes yn it libben.
"..... Barmhartige en goede God,
houd uw hand beschermend over het kind, dat in mij groeit.
Begeleid het ook, wanneer het is geboren. ....."
Wy, dy't bidde
De Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB) hat der foar soarge dat alle tsien gebeden oerset binne yn it Frysk. Jacobus Knol fan Dokkum - foarhinne ek bestjoerslid fan de KFFB - hat alle tsien gebeden fan Anselm Grün fan it Dútsk oerset yn it Frysk.
Dizze moaie Frysk-Nederlânske gebedebondel 'Wy, dy't bidde' befettet tsien gebeden en foto's mei tema's lykas: swier-wêzen, âlderwurden, bidden & sjongen, gebed & segen, sykte, meditaasje, benearing, en in kears oanstekke.
Meiinoar is dizze bondel in bysûnder gehiel wurden; moai om te krijen, om te lêzen en te besjen, en moai om ris oan in oar kado te jaan.
"..... Lit dat ljocht ek yn myn hert streame,
dat al dy tsjustere prakkesaasjes, dy't my sa faak benearje,
ferdwine en myn hert oerrint fan jo mylde ljocht
en fan jo waarmte. ....."
Geen opmerkingen:
Een reactie posten