woensdag 1 november 2023

Testamint van de siel

Woensdag 1 november 2023
 
Cover van 'Testamint fan de siel'

Ferhaallinen
Yn 2021 publisearre de Fryske skriuwer Hylke Speerstra (1936) syn Frysktalige boek 'Testamint fan de siel'.
Dizze roman oer 'it grutste tafal fan 'e wrâld' befettet nammen fan personaazjes, die fingearre binne, en hat ek in tal âlde foto's en sfeartekeningen as illustraasjes.
En yn it jier 2023 ferskynde der in Nederlânsktalige oersetting fan dit boek, fan de skriuwer sels, dat as titel krige: 'Testament van de ziel'.
Op 10 febrewaris 2023 wienen Durkje en ik te gast by de boekpresintaasje fan dizze oersetting.
It boek hat in feskaat oan ferhaallinen, dêr't it heden en it (fiere) ferline knap troch inoar hinne skreaun binne. 

It ferhaal fan heden & ferline
It ferhaal fangt oan mei in tafallige(?) moeting fan de twa Kanadeeske widners Ids Faber & Thomas Akkerman - tachtigers - dy't beide harren oarsprong kenne yn Fryslân.
Harren moeting yn Calgary soarget derfoar dat hja meiinoar yn petear reitsje en in freonskip ûntwikkelje. Se skriuwe foarinoar harren libbensferhaal op foar harren bern en bernsbern, en stuitsje dêrby op in soad oerienkomsten.
  • Twa jonges belibje, alhiel los fanelkoar, in ferskriklike jeugd. De iene yn it Fryske wetterlân, de oare tusken in keppel mislearre ymmigranten op de Kanadeeske prairy. 
  • As bern wurde se oan harren lot oerlitten, mar se sette troch. 
  • Beide meitsje se karriêre en fine de leafde. 
  • Wat se trochmakken en harren pleaget, ferswije se. Oant se wer allinne komme te stean en yn Kanada as âlde mannen mei-elkoar yn ’e kunde komme. 
  • Se reitsje oan de praat en fertrouwe elkoar ta wat se noait kwyt woene. 
  • By tafal komme se derachter dat harren hertferskuorrende libbens ferweven binne…
Testamint
  • Alles giet foarby, mar it ferline net.
  • De rivier streamt gewoan troch, sa't it libben nei ús dea ek gewoan trochstreamt.
  • Wy minsken moatte altyd trochgean mei ús ferhalen troch te fertellen oan de bern.
  • Ienris moat in minske it paad werom nimme.
  • Wa't fertelt, kin de hurde wierheid in bytsje stylearje. Om de ramp draachliker te meitsjen.
  • Op 'e âldedei kinne de triennen my samar oerfalle.
  • Gean op yn de wittenskip, mar ferjit net ek dyn yntuysje oan te skerpen.
  • Lit ús oan elkoar ús ferhaal tabetrouwe, dan betrwouwe wy it ek ússels ta.
  • As jo alles opskriuwe en neilitte oan dejingen dy't nei ús komme, dan krijt dat stikje rotlibben dochs noch in bysûndere bestsjutting.
  • Kinne wy boumaster wêze fan ús eigen libbensferhaal, as ús wichtichste boustiennen oantinkens binne?
  • Wy libben it libben foarút, wy begripe it achterôf.
  • Yn de himel wint it libben it fan de dea.
  • Ik ha net allinne leafde en treast dronken, mar ek wanhope en ûntheistering.
  • Sa't wy it bern ta foarbyld binne, sa is it bern ús ta foarbyld. Slaan mar ris acht op it fabeleftige fermogen fan in bern om him oan te passen oan wat it lot him tabedielt.
  • De woartels moatte bleatlein wurde. Net allinne de woartels moatte bleat, ek de siel.
  • Ideale heiten binne der net, sa't der ek gjin ideale soannen binne.
  • Ik kaam út in oare wereld wer thús.
  • Sa reizge yn ús wagon de freeslikste geheimen mei.
  • De bûter, it brea en de tsiis waarden bytiden mei bloed, swit en triennen betelle.
  • Wy ha hjir as boeren de macht fan it getal. No de ienheid noch!
  • As ik leare woe, moast dat te hea en te gêrs.
  • As ik om har dy't ik mis gûle moat, doch ik it om it gelok dat wy dielden. Dat meie de bern wol witte.
  • Freedsumens draacht men net op de pet, mar yn it hert.
  • De wrâld kin op dy rekkenje, mar do litst ús stikke.
  • Gjin tiid foar in nije wrâldoarloch, oan myn oarloch op eigen hiem hie 't mear as genôch.
  • Ik wie net mear as de soan fan in foute heit.
  • Der binne fan dy libbensoeren dy't yn dyn ûnthâld bliwue as in piketpeal yn de swiere klaai.
  • Gelok fage fertriet oan 'e kant.
  • Tsjin grutte soargen kinst net fjochtsje.
  • Mei de memmetaal kinst dyn hert en dyn siel it bêste sprekke litte.
  • It falt ús swier om immen te haatsjen dêr't wy graach fan hâlde wolle.
  • Der is mar ien remeedzje, en dat is leafde en soarch.
  • Men kin mar better net poerlilk wurde; it wurdt der allinne mar minder op.
  • Ik hoopje fan herte datsto dy rare gewoante ek ha silst, datst de groanyske kwaal krijst datst dyn hiele libben lang hartstikke nijsgjirrich wêze silst.
  • Sa't it lichem net sûnder iten en drinken kin, sa kin de siel net sûnder frijheid, leafde en rjochtfeardichheid.
  • It regear helle de bern fan de Yndianen by harren âlden wei. Yn de hope om der yn ien generaasje in nij soarte minsken fan te meitsjen.
  • Watst net hast, kinst ek net kwytreitsje.
  • Allinne ast dyn rêch rjocht hâldst mei de kop omheech, kinst der oerhinne sjen en wer fierder.
  • Mear dokter as húsdokter kinst noait wurde.
  • Jo ferline is ek ús ferline.
  • Wy binne de slútpost fan ús eigen bestean.
  • It is foar my de leafde dy't sin oan it libben jout.
  • Oer karakters fan heiten sprekke harren bern de wierheid.
  • It papier is geduldich, de lêzer net.
  • Wa't net helder skriuwt, tinkt meastal ek net helder.
  • Ik bliuw de soan fan in foute heit, en dat bliuwe je blykber foar altyd.
  • Ik siet der as NSB-soan raar tusken. De goeien noch de minnen soene my fertrouwe.
  • In bern hat syn heit net útsocht, sa't trouwens in heit syn soan ek net útsocht hat. It lot bringt se byelkaor. Of jaget se útelkoar.
  • Fan hearren en sizzen liicht men it meast.
  • Mar sa't in oarloch útbrekke kin, sa kin der ek in leafde útbrekke.
  • Wolle is kinne. 
  • Fertrouwen hearde by echte leafde.
  • Gelokkich hiene wy de leafde, dêr't fan sein wurdt dat it fan alle krêften de sterkste is.
  • Wat se ynienen net mear droech (nei in miskream), soe se altyd by har drage.
  • Us memmen stekke yn belangrykheid fier boppe ús heiten út.
  • De offisier prate kalm, sa't je dat fan in ferstannige heit ferwachsje meie.
  • Oarloch is de hel.
  • Hoe lang is frij, sa lang men jinsels net befrijd hat fan alle fertriet en disharmonije; hoe frij is frij as de mienskip in elk dy't oars tinkt mei de finger neiwiist?
  • Do kinst dy net earder in befrijer neame ast dysels befrijd hast. Wês dysels en fier de leafde.
  • Der kinne je dingen oerkomme dêr't je stil fan wurde.
  • Wy fertelle elkoar, mar yn wezen ússels, ferhalen.
  • Haw leaf by it libben.
  • Komme minsken mei elkoar yn 'e kunde - tafallich of net - dan bestiet de kâns dat der oer en wer finsters iepenflappe.
  • De sin fan it libben is yn it foarste plak leafde.

Geen opmerkingen: