zaterdag 4 april 2009

It sil jin mar oerkomme

Sneon 4 april 2009

As de doarbel giet, moetet Durkje oan 'e foardoar Romke Grijpstra, fan Jelsum. Grijpstra rint net foar in kollekte, mar hy hat in oar ferhaal, of eins in tal ferhalen. Hij ferkeapet boeken oan 'e doar, hûs oan hûs. It giet om in boek dat hysels skrean hat. "It sil jin mar oerkomme" is de titel fan syn boek en Romke hat it yn it Frysk skrean; hat him yn it skriuwen hâlden oan 'e sprektaal. No sammelje ik alle soarte fan Fryske boeken - en dizze hie ik noch net - dat Durkje betinkt har net en keapet fan dizze skriuwer-ferkeaper syn boek as in kado foar Heitedei 2008.

Romke Grijpstra is in pensjonearre fersekeringsman. Jierrenlang hie Romke himself foarhâlden dat er alle slimme ûngefallen dy't foarby kamen, net meinimme woe en soe nei hûs. Mar nei syn pensjonearren kamen dochs noch allerhânde fersekeringssaken út it wurkferline boppe driuwen, dat hy sette him dochs ta it beskriuwen fan in tal fan dizze nijgjirrige anekdoates. It needlottich ûngefal fan harren soan yn 1983 hat dêr grif ek mei de trochslach ta jûn, sa skriuwt Grijpstra op 'e achterflap fan syn boek.

It boek - mei in tal yllustraasjes fan Ronald de Haan út Koarnjum - befettet in breed ferskaat fan 57 ferhalen fan allerhânde fersekeringssaken. Ferhalen oer bygelyks autoraces, fiskmaten, iiswille, kuilride, punttried, in stikje glês en wintersport. De ferhalen binne foar in diel humoristysk, somtiden ek tige fertrietlik en in oare kear geane se oer domme list en bedroch. De kearnen fan alle ferhalen binne wier bart.

It lêst noflik, it lit diels sjen hokfoar fersekeringssaken in fersekeringsman lykas Grijpstra en alle oaren yn harren deistig wurk ûnder hânnen hawwe. Studinten dy't leare foar fersekeringsagint en fral ek foar alle beropskrêften yn dit soarte fan assurânsjewurk lyket my it lêzen fan sa'n praktykboek in wollen of eins faaks of perfoarst in moatten. It boek lit sjen wat de ien de oar allegearre oandwaan kin en hoe slim in soad minsken nei allerhânde slimme kwestjes sitten bliuwe mei in grut fertriet en oare skea. It is lykas Romke Grijpstra syn boek neamde: It sil jin mar oerkomme".

2 opmerkingen:

Jan Verra zei

goedemiddag,

Ondergetekende heeft interesse in dit boek maar tot op heden ben ik er nog niet achter gekomen (ook niet via de boekhandel en google) waar ik dit kan bestellen. Kunt u mij op dit punt verder helpen? Bij voorbaat mijn dank.

groet,

Jan Verra, Langedijke

Wiep Koehoorn zei

Geachte heer Verra,
Auteur Romke Grijpstra is als volgt bereikbaar: Op 'e Terp 18, 9057 RG Jelsum, telefoon 058 257 20 27.
vr. gr.
Wiep Koehoorn, Stiens