dinsdag 23 november 2021

Hertsear

Tiisdei 23 novimber 2021
   
Omslach fan de roman 'Hertsear'
Twa fatale ferkearsûngelokken
Yn oktober 2021 hat de Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB) in nije roman útjûn fan Jikke Olivier.
Op it omslach fan dit boek stiet in tekening fan Rieke Verbeek, dy't my as pylger fan Sint Jabik tige oansprekt. It is nammentlik it figuer fan in Jabiksskulp, mei in toutsje deroan, lykas Durkje en ik wend binne om dy oan ús rechpuod te dragen as wy in pylgertocht meitsje mei de Spaanske beafeartsstêd Santiago de Compostela as doel. 
Yn dizze roman 'Hertsear' giet it oer de gefolgen fan twa fatale ferkearsûngelokken, foar sawol de dieder as foar de achterbliuwers fan it slachtoffer. De lêsten krije it ferlies fan in dierbere foar de kiezzen.
Hoe giest dêr as dieder of as achterbliuwer mei om? 
It seit himsels dat der foar beide partijen in wrakseling komt. Eardatst oan akseptaasje takomst, is der in hiel ein te gean. Ast safier komme kinst teminsten.

Twa pylgers mei hertsear
Wilt Jorna, in jongeman fan tritich jier, rint yn Spanje de Camino del Norte nei Santiago de Compostela om it trauma dat er oardel jier earder oprûn hat te ferwurkjen. Bûten syn skuld om hat er in fytser fan 19 jier oanriden, dy’t de klap net oerlibbe hat. Hy is troch de rjochter frijsprutsen, mar Wilt fielt him likegoed noch skuldich oan de dea fan de jonge. Underweis moetet er oare pylgers, elk mei in eigen ferhaal. 
Ien fan harren is Amy Carpenter, in jonge Kanadeeske frou, dy’t har âlders koartlyn ferlern hat as gefolch fan in ferkearsûngelok. Sy wrakselet mei haatgefoelens foar de dieder oer. 
Beide jonge minsken besykje in paad te finen om it libben wer oan te kinnen. Dat falt lang net ta.

Foar pylgers en net-pylgers
Mar it boek is net allinnich it ferhaal fan de striid dy't Wilt mei himsels fiert, en fan de striid dy't Amy mei harsels fiert.
It is ek it ferhaal fan in tal pylgers út Ierlân, Dútslân, België, Kanada, Spanje en Fryslân, dy't inoar moetsje op it Spaanske pylgerpaad. Dat jout wol wat strideraasjes, mar it lit ek fral sjen hoe't sa'n ynternasjonale groep pylgers yn alle moetings, yn it loslitten en yn it inoar fêsthâlden en helpen geandewei harren pylgertocht in bysûndere mienskip foarmje. Hiel werkenber foar Durkje en foar my, om't wy dat ek al in tal kearen meimakke hawwe op ús eigen pylgertochten fan Fryslân nei it Spaanske Santiago de Compostela.
Dat foar kuierders dy't noch mar koart of faaks al langer ûnderweis binne nei Santiago de Compostela, of foar de pylgers dy't alris oankommen binne by it grêf fan Sint Jabik yn de katedraal fan Santiago de Compostela, is it in pracht om it ferhaal oer de pylgerjende groep te folgjen. En wa't ea noch ris fan doel is om in Sint-Jabikspylgerreis nei en troch Spanje te meitsjen, jout dit in moai byld fan hoe't sa'n pylgertocht mei oaren wêze kin.
Mar foar alle lêzers binne fansels de tinzen fan de twa haadpersoanen en harren ynteraksje meiinoar en mei de oare pylgers ek tige niisgjirrich.
De skriuwster hat noch al in extra komplisearjende faktor yn it ferhaal ynbout, dat mei it fierder rinnen fan it ferhaal de noadige ynfloed hat. Dêr stiet tsjinoer dat de werklikheid fan it pylgerjen wat minder komplisearre oan bod komt, as dat m'n it as pylger ûnderweis meimakket, mar dat makket wol dat it in noflik boek is om te lêzen.

Hertsear
  • Der is gjin rjochtfeardigheid mear.
  • Straf is yn mijn belibbing in logysk gefolch op in misdie.
  • Misdie en straf binnen net fan inoar te skieden.
  • Ik koe mei gjin mooglikheid fierder mei myn libben yn dit doarp.
  • Dêr't neat fan oan is, komt ek gjin praat fan.
  • Fan in frisse, tûke jonge wie ik ôfglide nei in bleke suterige fint sûnder ynteresse foar wat dan ek mar.
  • Ik hie ek feroaring fan lucht nedich, fier genôch fan hûs en doarp.
  • Ik seach der absolút gjin heil yn om in fuotreis te meitsjen yn in oar lân.
  • Ik fielde my wûnderbaarlik goed, ek omdat net ien my hjir koe.
  • It lêste healjier hie my leard, dat ik regel nedich hie.
  • Ik besefte op dat stuit dat ik noch lang net op it punt wie dêr't ik wêze moast om fierder te kinnen mei myn libben.
  • Ik koe my sliepende hâlde, en dêrtroch hoegde ik mei net ien te praten.
  • Ik woe allinne op wei om nei te tinken, mei as doel oars omgean te kinnen mei myn skuldgefoel, myn lêst dy't ik dan miskien makliker drage koe.
  • It slagge my mar net om it ferlies fan heit en mem in plakje te jaan.
  • Paths are made by walking 
  • In leauwige op myn paad? Wat geweldich. Dat meitsje ik net alle dagen mei!
  • Ik woe alles wat der bard wie leafst even ferjitte.
  • Mar wat dochst as it ûnheil dy treft?
  • De snein begûn mei it moarnsgebed. Ik fielde dat it my nije krêft joech.
  • Ik soe de man dy't it dien hat mei alle wille ombringe wolle.
  • Wy misse de jonge alle dagen wer ferskriklik, wy hawwe wól straf en dy is libbenslang.
  • As ik yn it doarp bliuwe soe, soe der foar my noait wat feroarje.
  • Ik kin wat der bard is, net fan my ôfsette. Dêrom rin ik dizze tocht yn dit frjemde lân. Om it in plak te jaan. Mar it falt net ta.
  • Wy minsken moatte allegearre in priis betelje foar de leafde. Wiis wurde mei ien stiet daliks foar fertriet.
  • Der is mar ien oplossing foar it obstakel tusken jim: dêr tegearre oer prate. Mar earst sille jimme akseptearje moatte wat der bard is.
  • It wie net de bedoeling dat pylgers deis op 'e sliepseal omtoarken.
  • Ik siet hielendal fêst.
  • Do kinst it ek oars besjen.
  • Haw ik dan altyd dôf en blyn west? Myn gedachten woenen oant no ta mar ien kant út.
  • Ik krige it gefoel dat ik de kilometers oankoe.
  • Ik besef no dat men guon dingen gewoan net keare koe, mar akseptearje moast.
  • Ien dea winskje, kaam dat net op itselde del as it echt dwaan?
  • Ik moast sjen dat ik dy haat foar de dieder kwytrekke.
  • Sa is der foar alles in útwei.
  • Stadichoan krige ik mear rêst yn 'e holle.
  • Troch in oar paad yn te slaan, soe ik fierder kinne.
  • Ik bin noch net safier dat ik my hielendal ûnskuldich fiel, mar dat is neffens my ek ûnmooglik.
  • It fielde as thúskommen nei in swiere reis troch in tsjustere nacht.
  • It is hiel lestich foar in minske om haat om te bûgjen nei in oar gefoel.
  • Haatsjen is in dearinnende dyk. Immen haatsje sil dy noait ferromming jaan of dyn libben lichter meitsje. Want troch haat kin der gjin oplossing komme foar dyn probleem, it bringt dy gjin stap fierder. Haatsjen soarget derfoar datsto hingjen bliuwst yn dyn ferfelende emoasjes.
  • De haat stie my yn it paad.
  • Tiid wie har medisyn.
  • Haat makket kreauwerij wekker, mar leafde sljochtet alle misslaggen oer.
  • De mannen wienen weardefolle meiminsken foar ús wurden.
  • Om my mocht dizze fuotreis wol ivich duorje.
  • It doel is yn sicht. Oan 'e iene kant sjoch ik dêr nei út, oan 'e oare kant binne wy ticht by it ôfskied. En dêr skytskourje ik ferskriklik tsjinoan!
  • Ik hie myn paad foar in grut part fûn. It hie sinfol west om dizze fuotreis te meitsjen.
  • By har koe ik gewoan wêze wa't ik wie.
  • Wêr koest hjoed-de-dei noch leafde sûnder betingsten fine?
  • Op in goede dei sil der wol in fûgeltsje skite dat no noch gjin kont hat.
  • Myn probleem fan de lêste oardel jier wie yn Spanje stadichoan lytser wurden en wat der fan oer wie, koe ik maklik drage.
  • Prachtminsken! Der soenen wat mear fan sokke juwielen omrinne moatte op dizze wrâld.

Geen opmerkingen: