Bernewille op 'e iisbaan fan Stiens |
It iis hâld
It is safier: de iisbaan fan Stiens is iepen; jo kinne hjir wer knap reedride.
In moaie grutte iisflier leit yn it fermidden fan ús doarp; by't simmer keatsfjild, mar no iisbaan.
Spitigernôch leit der noch wol in bytsje droege snie op it iis, mar dat hoecht in lytse en grutte rider der wier net fan te wjerhâlden om de earste streken op dit natoeriis te setten.
Bernewille
It is oan 'e ein fan 'e middei noch net botte drok op 'e Stienzer iisbaan.
It binne benammen bern dy't harren fermeitsje op it skoandere iis.
Hjir en dêr in heit & mem en in pake & beppe - tinkt my - om te helpen en om tafersjoch te hâlden.
Lit de bern mar moai skowe; boartsjendewiis leare hja sa it riden wol.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten