zaterdag 12 september 2009

50 jier stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum

Sneon 12 septimber 2009

Hjoed betinkt de stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum te Ljouwert dat it FLMD fyftich jier lyn oprjochte waard. As fertsjintwurdiger fan it bestjoer fan 'e Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) bin ik by de feestlike jubileummiddei yn it gebou fan Tresoar yn Ljouwert. Bestjoersfoarsitter Jannie van der Kloet iepenet de feestlike gearkomste.

Professor dr. Goffe Jensma - heechlearaar Frysk yn Grins, fersoarget in lêzing oer de mooglikheden fan literêr-histoarysk ûndersyk. Jensma smyt by wize fan sprekken in tal stientsjes yn it wetter om de diskusje yn literêr Fryslân fierder te fieren. Hy freget him ôf wêrom't wy wol Frysktalige literatuer ûndersykje, mar wêrom't wy net de Nederlânsktalige literatuer fan Fryske grûn fan bygelyks Francois HaverSchmidt (Piet Paaltjens) meinimme yn ús ûndersyk. Hy neamt it FLMD in "museale mausoleum muorre". Jensma: De fúzje fan Tresoar mei it FLMD wie urgint, want tegearre kinne wy no ús eigen identiteit en ússels bestudearje.

Foar it skoft harkje wy nei poëzy fan Yva Hokwerda, troch harsels foardroegen. Dêrnei lêst skriuwer Meindert Bylsma proaza foar, ien fan syn kremearkes, oer "in Protter mei in fleanfoby". Nei it skoft sjongt Lucette van den Berg - begelaat op gitaar troch Reinout Vrijhoeff - Jiddyske lieten, dy't foar in part yn it Frysk oerset binne troch Eppie Dam.

Fuort nei it skoft folget de lêzing fan de Brit Julian Spalding, opinymakker oangeande musea. Spaldings lêzing giet oer "The Poetic Museum: Questions about the Presentation of Literary Collections in the 21th Century". Spalding: Musea are like collecting animals, categorising in sections, exploring and fascinated by all little differences in their collection. Hy wiist op it belang fan 'e histoarje fan in taal, de histoarje, dy't jo kenne moatte om taal te eksposearjen.

Trije punten besprekt Julian Spalding oer de kolleksje fan ús "treasure" ("Tresoar, in moaie namme"), dy't hy de "Three Principles" neamt:
1. Make visual what you have;
2. Make audible what you have;
3. Make personal and meaningfull what you have.
Talen moatte jo hearre, kolleksjes kinne op it ynternet, mar jo moatte jo kolleksje fral sjen litte. Lit minsken hânskriften en brieven sjen; "thats more intimate, words are close to people". Tresoar moat sjen litte hokfoar ferskillen der binne tusken Fryske en oare literatuer en hokfoar ferskillen der binne tusken de Fryske en oare talen. En, seit Spalding, jimme moatte hjir fral dingen dwaan, dy't earne oars noch net dien binne. En dan ôfslutend as "peptalk": Your Oldehove and your Language are not sinking.

Oan 'e ein fan 'e jubileumgearkomste ûntbleate skilderes Dinie Boogaart en Tresoar-direkteur Bert Looper it nije skilderij dat Dinie Boogaart makke hat fan skriuwer Josse de Haan. Dat portret wurdt fuort ophongen yn 'e nij ynrjochte Gysbert Japicxseal fan Tresoar, en dan wurdt de feestmiddei ôfsletten mei in hapke en in drankje.

Geen opmerkingen: