Moandei 31 augustus 2009
It boek "De hearen fan Fryslân" - skrean troch Arjen Terpstra (jawis, de soan fan de ferneamde Fryske skriuwer Piter Terpstra) is in machtig epos, dat basearre is op wiere barrens yn'e striid fan in man en syn folk. Dizze roman spilet earst yn'e súdwesthoeke fan Fryslân, yn Tsjerkgaast, in lyts boereplakje tusken de Sleattemer Mar en de Grutte Brekken. It ferhaal giet al gau oer nei Amearika en giet dernei hinne en wer fan it iene nei it oare lân. It ferhaal is it machtig debút fan Arjen Terpstra. De tragyk en de humor benimt jo as lêzer no en dan de siken en it is wier mei in daverjende gong skrean, dat it nimt jo mei en foardat jo it witte, binne jo troch it meinimmende ferhaal hinne. It is mar goed dat dizze skriuwer him ris wier ta it skriuwen fan in roman set hat, want as seeman, sjoernalist, cameraman, ûndernimmer en romantikus allinnich kaam it der yn it ferline net fan om tusken alle oare skriuwwurk troch in boek te skriuwen.
It ferhaal beskriuwt de lotgefallen fan'e twillingbroers Tsjalling & Tseard. Hja binnen twa boeresoannen, dy't yn'e tritiger jierren fan'e 20e ieu nei de Feriene Steaten wolle, sille en gean om harren omke Hotse fan'e ûndergong te rêden. Mar it is yn dit ferhaal al lykas yn it wiere libben: ek de emigranten út dit boek fiele harren immen ferskuord troch tsjinstridige gefoelens. Der wiene en der binne mar inkelen, dy't yn in frjemd lân it wiere lok fyne. En it wurd jo ek as lêzer fan dit ferhaal dúdlik dat jo as emigrant it Fryske lân nea ferjitte kinne en dat jo foar jo eigen en foar in oar syn emoasje nea flechtsje kinne, om't jo immen josels, jo holle en jo eigen tinken en gefoel meinimme.
Arjen Terpstra woe gewoan in moai ferhaal skriuwe. Dit ferhaal is in knappe mingfoarm wurden fan feit en fiksje. Sa komme jo ek ta nijsgjirrige titels fan haadstikken lykas: 1929, Speknekke, Monica (mar ek Antsje mei der wêze), I'll ask the manager (wa keapet no sa in auto?), Hearen, The (red) rose of Mudtown, Kreakjend bloed en Wite hynders. Mar mear jow ik no net frij, want jo moatte it boek mar sjen te krijen om it gau te lêzen. It ferhaal bliuwt jo dan noch wol lang by, tinkt my.
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten