| In moai fotoportret by Refugio Ultreia Feinsum en dan it Jabikspaad wer op |
Pylgers mei ûnderfining op it Jabikspaad
Lykas earder fan'e wike hjoed al wer pylgers op it Jabikspaad troch Feinsum.
Op de smelle Hege Hearewei efkes yn'e bjirm om in trekker mei in sûkerbitewein passearje te litten, en dan sette hja fierder útein.
Lykas earder fan'e wike hjoed al wer pylgers op it Jabikspaad troch Feinsum.
Fan'e moarn stappe trije froulju Feinsum yn oer it Jabikspaad. It binne trije pylgers, út Burgum en Dronryp.
Hja binne al betûfte pylgers, want - sa fertelle se ús - hja hawwe ôfrûne maitiid (april 2026) yn Portugal-Spanje ûnder oare mei Wiebe de Haan pylgere fan it Portugeeske Porto, earst by de kust del, en dan ynlâns fierder nei de Spaanske beafeartsstêd Santiago de Compostela.
En no binne hja te pylgerjen op it Frysk-Oeriselske Jabikspaad. De earste dei gie it fan de Groate Kerk fan Sint Jabik nei de Aldebildtdyk, en hjoed fan dêr ôf no fia Feinsum en dan troch Stiens op nei Ljouwert.
Stimpelje by Refugio Ultreia Feinsum en dan wer it Jabikspaad op
It is treflik waar om te kuierjen, dat it is net ferkeard om hjoed it Jabikspaad op te gean.
Hja krije fansels de beide stimpels fan Feinsum en fan ús Refugio Ultreia Feinsum yn harren stimpelkaart, want dêr meie pylgers meastentiids graach oer.
Dan it ôfskie om fierder, mar ynearsten noch in fotoreportaazje by it pylgerbankje fan ús Refugio Ultreia Feinsum.
Dêrnei sette hja wer útein, de Hege Hearewei op, de Hyltsjebrêge oer en dan fierder oer it Jabikspaad op nei Stiens en wat dêr hjoed noch op folget.

Geen opmerkingen:
Een reactie posten