Jabikspaadpylgers Ittie & Hylke op 'e Hyltsjebrêge fan Feinsum |
Stimpelje foar pylgers op it Jabikspaad
Ta myn ferrassing stean fan 'e moarn ynienen de ús wolbekinde Fryske pylgers Ittie & Hylke foar ús Refugio Ultreia Feinsum. Oft hja in refugiostimpel yn harren stimpelkaart fan it Fryske Jabikspaad krije kinne. Jawis, dat moat fansels al wêze, mar dêr nimme wy dan ek efkes de tiid foar. Dat in tal minuten letter sitte wy noflik mei in kopke kofje met Fryske koeke op it Flinterplein fan Feinsum oan it wetter fan It Kanael, de âlde terpfeart fan Feinsum.
Pylgerûnderfining yn Nederlân, België en Frankryk
Dizze pylgers hawwe it Jabikspaad fia de westelijke rûte al ris alhiel kuiere, en hja hawwe dêrnei al in soad ûnderfining as pylgers opdien op it ferfolch fan de pylgerpaden troch Nederlân, België en koarlyn al omtrint oant it Frânske Vézelay ta. Dat hja binne grif al betûfte pylgers wurden mei safolle kilometers en ûnderfining op dizze rûte, op wei nei it Spaanske Santiago de Compostela.
En om't hja de eastlike fariant fan it Jabikspaad noch net kuiere hawwe, is harren plan om fan'e wike dizze eastlike rûte fan Sint Jabik fia Aldebildtsyl, Feinsum, Ljouwert en Swichum nei Jirnsum te gean, want dêr yn Jirnsum komme by it pylgermonumint De Jinsumer Moeting de beide rûtefarianten fan it Jabikspaad byinoar, om dan as ien paad fierder te gean nei it Oeriselske Hasselt.
Weromsjen en dan wer fierder
Yn ús wersjen fan fan 'e moarn hawwe wy moai de tiid om efkes werom te sjen op harren wikenlange pylgertocht, dy't hja fan 'e maitiid makke hawwe fan Limburch út troch België oant omtrint it Frânske pylgerstedsje Vézelay.
Nei in noflik ûrke yn 'e sinne op it bankje foar ús Refugio Ultreia Feinsum wurdt it wer tiid om ôfskie te nimmen, en dan giet de rêchpuod wer op 'e rêch en de kuierstokken yn 'e hân, en dan fia de Hyltsjebrêge It Kanael oer, om fia de Hege Hearewei oer it Jabikspaad op nei Stiens te gean.
Moaie kuierdagen tawinske, Ultreia!, en graach ris wer oant sjen.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten