Woansdei 13 jannewaris 2021
Boekomslach fan 'Quist' |
In man mei in lege rolstoel foar him út triuwend, rint fan Ljouwert nei Harns, om dêrnei troch te reizgjen nei ien fan ’e eilannen Skylge of Flielân. Mar dy rolstoel is net fan himsels. Hy hat dizze rolstoel nammentlik stellen.
Mar is dizze man - Julius Quist, learaar oan in gymnasium yn de Fryske haadstêd - dêrmei in dief?
Achter dy rolstoel sit it ferhaal, fan in frou mei wa’t Quist - steande foar it rút fan syn skoallokaal - in brekbere bân-op-ôfstân oangie. Oare kant strjitte wennet dizze frou, dy’t er út it rút fan syn lokaal wei withoefaak sjocht. Mar mear komt der net fan. Kin soks wol in relaasje neamd wurde?
No is Julius geandewei ûnderweis nei har begraffenis. Al gau fernimt er dat neat gewoan is op dizze tocht. Dat hat ek te krijen mei Julius' fûle reaksje op de fraach fan syn rektor oft it net tiid waard om wat betider mei pensjoen te gean. Quist hie antwurde: "De duvel mei my helje as ik op jo suggestje yngean".
Nee, dat hie er better net sizze kind...
Nee, dat hie er better net sizze kind...
Learaar en feniks
It Fryske boek 'Quist' (2020) is skreaun troch Koos Tiemersma (1952), in populêr skriuwer fan Frysktalige lieten en fan in oantal romans. Dit is syn tsiende roman.
Op it boekomslach sjogge wy it byld ‘Wurge Feniks’, makke troch de Drachtster keunstner Jan Ketelaar.
It boek is sawol op papier as digitaal yn it Frysk ferskynt, wylst der ek in Nederlânsktalige ferzje as e-boek beskikber is.
Tiemersma hat wol in bysûndere foarm fûn foar de opskriften fan alle haadstikken fan syn boek. Dizze titels binne nammentlik de lêste wurden fan it haadstik. Dat hie ik - tinkt my - noch nea earder sa sjoen yn in boek.
It boek is sawol op papier as digitaal yn it Frysk ferskynt, wylst der ek in Nederlânsktalige ferzje as e-boek beskikber is.
Tiemersma hat wol in bysûndere foarm fûn foar de opskriften fan alle haadstikken fan syn boek. Dizze titels binne nammentlik de lêste wurden fan it haadstik. Dat hie ik - tinkt my - noch nea earder sa sjoen yn in boek.
Koos Tiemersma hat syn boek 'Quist' oanbean oan de leararen Dútsk dy’t ferbûn binne oan it kristlik Gymnasium Beyers Naudé te Ljouwert. Dat de presintaasje dêr wie, hat alles te krijen mei de ynhâld fan dit boek, dat de lotgefallen fan Julius Quist beskriuwt, dy't ek learaar Dútsk is.
Dizze roman is in soarte fan Faustiaanse fertelling, dy’t boeit fan begjin oant en mei de ferrassende ûntknoping oan 'e ein fan it ferhaal.
"De duvel mei my helje as ik op jo suggestje yngean".
Nee, dat hie er better net sizze kind tsjin syn rektor.
Lytse en grutte Julius
It is in útspraak mei gefolgen. Sa gau as Julius Quist beslút om it adfys fan syn rektor dochs mar op te folgjen, en hy ûnderweis nei skoalle ta net útsjocht by it oerstekken, wurdt er oanriden. Fysyk rekket er yn in koma, mar syn geast slagget it al om oerein te kommen en de oerstek oer strjitte ôf te meitsjen.
In bysûndere kuiertocht mei in rolstoel folget. Ljouwert út, op Harns oan. Oeral ûnderweis - fia Weidum, Jorwert, Baard, Winsum, Tsjom en Hitsum - wurdt de lytse en de folwûksen Julius konfronteard mei syn ferline, al is it Quist net altyd dúdlik wat de wûnderlike figueren dy’t er ûnderweis nei Harns allegearre tsjinkomt presys fan him wolle.
Wat folget is ek in tocht troch Quist syn ûnderbewuste, dy't in klimaks fynt yn de haven fan Harns.
Höchste Zeit!
- Oait stelde er wat foar, wie er in man fan oansjen.
- Of wie er te wis fan himsels en stie er dêrtroch net mear op skerp?
- Nettsjinsteande syn solitêr karakter woe er der dochs by hearre, sûnder der oat echt by te hearren.
- Wa of wat hâldt jo tsjin?
- Sa is it dus om dea te gean.
- No priuwt er in foarm fan frijheid, einlings.
- Hjoed is alles oars.
- Net elkenien is segene mei in sosjaal netwurk.
- Dêr stiet er, de steile learaar dy't yn 'e kunde komt mei syn kwetsberens.
- Syn fuotten komme him foar as ferkenners op ûnbekend terrein.
- Sels fan myn bestimming bin ik net wis.
- De takomst leit iepen. Of it ferline, mar krekt wat jo wolle.
- Hie it net better west om de leechte gewoan mar leech te litten?
- Wat is it dochs fijn om te rinnen.
- In groede is net mear as in oerbliuwsel. De wûne derûnder liket faak hiele te wêzeb, mar de praktyk leart gauris dat it oars leit.
- It kontrast tusken de prinsipes dy't er oaren foarhold en syn dwaan fan 'e moarn kin net grutter wêze, beseft er.
- In ympulsyf beslút is net per definysje in ferstânnich beslút.
- Elk boek kreëert in dreamwrâld.
- Soe hysels dat ek kind hawwe, in wyldfrjemde passant sûnder foarbehâld talitte?
- Mar wat west hat, hat west.
- Lang ha 'k der net by stilstien hoe 't ik op jim oerkaam. Mar de lêste tiid is der wat feroare.
- Wy moatte allegearre troch deselde tunnel hinne, hoe unyk oft wy ek tinke te wêzen.
- De dea lit him net omkeare.
- Hieltyd mar wer om 'e hite brij hinne draaie hat ek gjin doel.
- Der is mar ien wei, en dy leit fóár him.
- It bestean is ienrjochtingsferkear, om te einigjen op in bline muorre, al of net behongen mei de snypsnaren fan in religy.
- Ik moat leare om te betrouwen en net allinnich op mysels ôf te gean.
- Net by stilstean, dêr wurdt it net better fan.
- Jorwert. Wat moatte je dêr?
- Ien dy't de kuier altyd seach as tiidferdriuw foar lju dy't neat omhannen hawwe.
- Troch ôfstân te nimmen, silst sjen dat ek pine in begjin hat. Wat ynhâldt dat er ek in ein oan komt.
- Wat de oanwêzigens fan in frou net al losmakket yn in man.
- Dit is de werklikheid, of better sein: ien fan 'e werklikheden sa't dy har oan in minske foardogge.
- Bern falle net samar út 'e loft.
- Elk oardiel hat syn bline hoeken.
- Betsjut dit dat er omdoarmet yn it lân fan 'e ivige jeugd? Of dat er bûten de tiid pleatst is, yn in romte dy't apart foar him yn sêne set waard?
- Soms is it hast net te begripen hoe't it kin dat de dingen geane sa't se geane.
- Hâldt hjir ek de stille foarm fan fertriet ta dy't him achter safolle doarren nei wenjen set hat, as in fantoom?
- Ik bin leaver gelokkich fan mysels.
- Wenne oan 'e dea kin altyd noch.
- Hoe is dat eins, libje mei in brijwein oan prakkesaasjes?
- Hy fynt it net sjyk om te praten oer in oar as dy der sels net by is.
- In komplimint lit him makliker diele.
- Hy mist it rinnen.
- It húske, it abonnemint fan de âldere man.
- Dat is er fansels ek: ien dy't noait echt meidien hat, him altyd bewust fan 'e kleau tusken him en de oaren.
- Wêrom docht er hieltyd it ferkearde?
- Hy wol sels ferantwurdlik wêze foar wat er docht.
- De sjippehelling fan wat men ûnderwiisfernijing neamt.
- In betider pensjoen is in kreaze manier om ôfskied te nimmen.
- Elk lijen freget om in betsjutting.
- Sin lit him it meast effektyf bestride mei ûnsin.
- Wêr't de âlden har puberteit ynsetten as ekskús, dêr brûke har bern dy as wapen.
- De jongerein hat gjin weet mear fan plichtsbesef, wylst ik myn godgânse bestean dêroan ophongen haw.
- Ier of let feroarje wy allegear yn in âld sok.
- Omsangerje op 'e jongerein is fan alle tiden.
- Haast is de smaroalje fan ús maatskippij, in foarm fan leafde.
- Troch te rinnen falle de problemen teplak.
- Der ûntstie in balâns tusken libben en dea, tusken de jonge dy't der noch wie en it famke dat fuortfoel.
- Hy krige tagong ta in leafde dy't se him earder ûntsein hie.
- Op hûs oan is gjin opsje.
- Oer de sechstich, yn syn belibbing in kantelpunt, it momint dat âldens en kwalen elkoar opsykje om al lispeljend ferdjerklike plannen te smeien.
- Nimmen yn Nimmenslân. Hoechst neat mear. Gjin ferline, gjin takomst en foaral gjin no.
- Tsjom. mei in oermoedich wizende toer.
- De blêden risselje yn 'e nuete wyn, lykas syn gedachten, dy't ek net mear binne as losse blêden oan 'e stâle fan it tafal.
- Hy bestiet út neat mear as syn eagen, de rest docht it net.
- Makket er werklik diel út fan twa realiteiten tagelyk?
- Neigeraden dat er langer ûnderweis is, falt er yn hieltyd lytsere fragminten útelkoar.
- Hy kin it him amper foarstelle, de soan dy't deryn slagge om syn mem har ferstjerren te ferhastigjen, as in died fan meiminsklikens.
- Hoe kin it dat ik der no pas achter komt dat al dy boeken my neat wezentliks brochten.
- Underwilens stiet oeral in fraachteken.
- Sjoen wurde: hy ûndergiet it ûnderwilens as in kadoke, in befêstiging fan syn bestean.
- Ik bin ûnderweis, al bin ik der net wis fan dat ik hjir bin of op in oar plak.
- Iepenhertich wêze nei in oar ta bliuwt mar lestich, wend as er is om himsels te rêden.
- Wa kin er eins noch fertrouwe, wa is wat er seit te wêzen?
- Net elkenien is ynsteld op it selskip fan oaren.
- In drokke begraffenis seit my it measte net.
- Elke foarm fan bestean freget om in skriftlike befêstiging.
- Wêr't it fielen regeart is it drôchbyld noait fier.
- It skouspul docht surrealistys oan.
- In swart gat slokt him op om him oan 'e oare kant út te spuien.
- Hy priuwt syn namme.
- Hoefolle tiid moat deroerhinne gean foardat minsken beseffe dat der wat weardefols ferlern gien is.
- Iensumens komt noait allinnich.
- Gjinien bloeit op achter de geraniums, bewege is sûn.
- In goede start is alles yn syn fak. Wissichheid, útstrieling, dêr komt it op oan.
- Quist begjint oan it lêste stikje fan syn karriêre: "Höchste Zeit!"
Geen opmerkingen:
Een reactie posten