Ik hâld fan Feinsum |
Dûbele ferkiezings
Yn de oanrin nei de ferkiezings fan de leden van de provinsjale steaten en fan it Fryske wetterskip fine jo rûnom yn Fryslân in ferskaat oan utingsfoarmen foar de promoasje fan de kommende ferkiezings en fan de polityke partijen en harren kandidaten dy't meidogge oan dizze beide ferkiezings.
Kandidaten op de kieslist, polityke partijen, en in tal ambassadeurs fan dizze partijen dogge dizze wiken en dagen - mear as oars - alle war om oandacht te freegje, om ynformaasje te jaan oer partijprogramma's en om kiezers te nûgjen om fral op harren partij en harren kandidaat te stimmen.
Hâlde fan en kieze foar
Bij de haven fan Feinsum stiet in mânsk ferkiezingsboerd wêr't wy in ferskaat oan plakkaten fyne, die't ús oandacht freegje; en ien party hat dêr boppe op ek nog in twatal banieren ophong yn ús doarp.
As wy de kûm fan ús doarp ynride wolle oan de eastside, komme jo by ien fan dizze banieren del. Dizze banier keppelet myn leafhawwen fan Feinsum oan it lokaal stimmen, en dan leafst fansels op de partij die harren banier fol yn it sicht set hat.
Nei it stimlokaal
Wy moatte it ferskaat fan oanbod fan partijen en kandidaten yn de ankommende dagen noch mar efkes goed yn ús omgean litte, om dan nije wike woansdei 20 maart 2019 fol oertsjûging nei it stimburo te gean om mei pasje te foldwaan oan ús maatskiplike boargerplicht. Dat woansdei mar net stinne, en gean der hinne.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten