De pylgerhoed fan Wiep Koehoorn |
Diel 2: Fan Dinant fia Santiago de Compostela nei Cabo Fisterra
Yn de moannen maaie en septimber fan 2014 publisearre de Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB) yn harren literêre krante 'De Fleanende Krie' yn twa dielen it ferhaal fan de pylgerreis fan Durkje en my, de lange tocht fan Sint Jabik nei Santiago de Compostela, geandewei troch Fryslân, Nederlân, België, Frankryk en Spanje; in reis fan sân jier fan see nei see fan de Waadsee nei de Atlantyske Oseaan.
Hjirûnder folget it twadde diel fan ús ferhaal, oer de tocht fan it Belgyske Dinant fia it Spaanske Santiago de Compostela nei ús einpunt op Cabo Fisterra, publisearre yn De Fleanende Krie fan septimber 2014.
Juster publisearre ik hjir it earste diel.
Sentier Vers Saint-Jacques-de-Compostelle via Vézelay (GR654)
Op ús pylgerreis (sjoch yn de blog fan juster) binne Durkje en ik no yn it suden fan België, by de grins mei Frankryk, op ’e oergang fan de Via Mosana op de GR654. It is de grutte oergang fan ús pylgerreis. Fan no ôf binne wy te fier fan hûs om eltse kear in lyts tal dagen te pylgerjen, dat no’t wy op it Frânske pylgerpad rjochting Vézelay komme, beslute wy allinnich noch yn langere fekânsjes ús pylgertocht fuort te setten, noch 2.686 kilometer troch België, Frankryk en Spanje te gean.
Fan Belgysk Dinant nei it Frânske Vézelay
Yn de simmerfakânsje fan 2008 geane wy mei de auto mei ús tinte en fytsen nei de grins fan België en Frankryk. Ankommende 4 simmers sille wy alle jierren fjouwer wiken op in ferskaat oan kempings kampearje en hast alle dagen hinne rinne en werom fytse, dat de rûte troch Frankryk rinne wy fan noard nei súd, en fytse wy fan súd nei noard.In 2008 rinne wy yn 19 dagen oer 360 kilometer fan Dinant fia Rocroi, Rethel en Reims nei Blaise-sous-Arzilières. Op 9 july rinne wy Frankryk yn. In Dútske pylger dy’t foar de twadde kear nei Spanje rint, moetsje wy op ’e Belgysk-Frânske grins. Wy rinne bij kâlde rein en hite sinne, en wenne ûnderweis oan de Frânske hurkhúskes yn kafees, en wy ite alle dagen stokbôle en drinke liters focht. In kop hite tee yn in kafee of op in terras is in wiere opstekker by ús middeisbrochje.
Wy rinne by lange kanalen del, geane troch kilometers graanfjilden, en sjogge abdijen en sinneblommen, en wy helje in stimpel yn ús pylgerpaspoart – in stimpelkaart foar pylgers - yn de mânske katedraal fan Reims, ûnder de moaie tsjerkeruten fan keunstner Marc Chagal. Dan komme wy yn de sêftgriene wyngerds fan de Champagne.
Yn 2009 troch beafeartstêd Vézelay
In 2009 rinne wy yn 17 dagen oer 375 kilometer fan Blaise-sous-Arzilières nei La Charité-sur-Loire. Underweis sjogge wy bylden fan Sint Jabik en kastelen en rivieren, wy passearje treinspoaren, kalkstienrotsen, en - lykas yn Fryslân - ek oeral tsjerken. Wy helje in stimpel yn ús pylgerpaspoart yn de mânske katedraal fan Reims. En dan giet it mis. Op in wiete Romeinske wei troch de bosk rinne wy op mei in Franske pylger. Durkje glydt út oer glysterige stiennen en komt raar te fâllen. In dikke bult op ’e holle, tosk troch de lippe en in rare skuor yn it kin, in soad bloed, dat wy litte ús yn in doarp kilometers fierder troch in freonlike Frânsman nei ús auto bringe, en geane nei it sikehûs yn Châtillon-sur-Seine. Mei 9 hechtings en nei twa dagen rêst giet it wer fierder mei ús as pylgers. In hiele dei wurde wy folge troch twa grutte swalkhûnen, en in pear dagen rint de Amsterdamske pylger Astrid mei har hûntsje Foxy mei ús op. En dan helje wy in pylgerstimpel yn de basilyk fan Vézelay. Wat is it dêr dochs drok, mei al dy pylgers en toeristen mei-inoar. Vezélay is as wrâldferneamde, historyske beafeartstêd foar ús as pylgers in wier hichtepunt.
Pylgerje yn Frankryk yn 2010
In 2010 rinne wy yn 22 dagen oer 480 kilometer fan La Charité-sur-Loire fia it kleaster fan Saint-Léonard-de-Noblat en fia Limoges nei Oradour-sur-Vayres. Underweis sjogge wy Jabiksskulpen, âlde auto’s, trekkers en masines, muorskilderings fan pylgers, weikrusen, fan minsken ferlitten doarpen en ruïnes en stuwmarren en grutte strierôlen. Wy passearje de rivier de Loire. Wy moetsje in tal Nederlanners dy’t ûnderweis sliepplakken oan pylgers oanbiede. Op in dei keapje wy fan trije famkes harren selsmakke kersetaart. Fiif bliere minsken bliid!
Yn 2011 oerstappe fan GR654 nei GR65
Yn 2011 rinne wy yn 23 dagen oer 501 kilometer fan Oradour-sur-Vayres nei Arthez-de-Béarn. Underweis sjogge wy allerhande rûtebuorden foar pylgers. In pear dagen rint de Belgyske pylger Arn mei ús op; wy binne de earste pylgers dy’t hy moetet. Wy passearje in grut tal oarlochsmonuminten en de rivier de Loire. Wy ite ûnderweis yn bushokjes en tusken maïs en minsken, en hast alle dagen drinke wy kofje yn in doarpskafee, en meitsje in praatsje mei de doarpsbewenners, dy’t moarns betiid meastentiids al oan ’e reade wyn sitte. Wy keapje by doarpsbakkers lekkere grutte resinebroadsjes. Underweis ite wy op it fjild druven, yn de bosk toarnbeien, en yn hôven prûmen, Sint-Jabiksappels, nektarines en kiwi’s; en wy binne tsjûge fan de rispinge fan grutte tabaksblêden. En alle sneonen sjogge wy brulloften, mei lange rigen toeterjende auto’s.
Op 14 augustus binne wy yn Montréal-du-Gers op de ein fan de GR654. Wy geane dy dei fierder op it pylgerpaad fan de GR65, dy’t ús nei de Frânsk-Spaanske grins bringe sil. Op allerhande plakken fine wy bultsjes lytse stiennen, dy’t foargeande pylgers hjir en dêr dellizze. Op de gleonhite dei fan 20 augustus rane wy by in temperatuer fan op syn minst 37 graden Celsius bykâns fan paad en wei ôf. Mar wy sette troch en komme gleon oan op ús einpunt fan dizze fjirde simmerfakânsjepylgerreis.
Yn de hjerst fan 2011 de Pyreneeën oer
Yn de hjerstfakânsje fan 2011 binne wy werom yn Arthez-de-Béarn, om dan yn in trochgeande tocht fan 4 dagen fia Ostabat te pylgerjen nei Saint-Jean-Pied-de-Port, oan de foet fan de Pyreneeën, flak foar de Frânsk-Spaanske grins yn de hege bergen dy’t dan foar ús lizze. Underweis sykje en fine wy sliepplakken yn in boerepleats of yn pylgersliepplakken fan gemeenten, of yn lytse hotels. It wurdt súdop al folle drokker op de pylgerpaden, mei al dy oare pylgers. Yn de spielende rein komme wy oan yn Saint-Jean-Pied-de-Port.
De oare deis hawwe wy in (s)wiere topdei, want yn in lege mist gean wy in mearke-eftige Pyreneeën yn, en dan krije wy de hiele dei prachtige fiersichten as wy de 26 aventoerlike kilometers geane oer it heechberchte tusken Frankryk en Spanje, dêr’t wy hjoed oer ús ôfstânsgrins fan 2.500 kilometer geane, op ús 117e pylgerdei, seis jier neidat wy begûn binne yn Sint Jabik. Nei in berchtocht fan 8½ oere stappe wy yn Roncesvalles it earste Spaanske kleaster yn, dêr’t wy in sliepplak fine.
2012 is it jier fan de Camino
Wy kinne net wachtsje en gean fierder, dat yn de maaiefakânsje fan 2012 binne wy werom yn Roncesvalles, oan de oare kant Pyreneeën, om yn Spanje ús earste 8 dagen fan 153 kilometer fia Pamplona, Puente-la-Reine, Estella en Logroño nei Navarrete op it Spaanske pylgerpaad – de camino – te rinnen.
Durkje is ôfrûne winter op redens raar op it iis fallen, dat de swiere pylgerrêchsek kin net op, dat wy hiere twa lytse auto’s en ride sa alle swiere bagaazje efter ús rintocht oan. Hast alle oeren moetsje wy oare pylgers, út allerhande lannen. It is de earste dagen fan maaie hjir op de camino sa drok, dat it net tafalt om earne sliepplak te finen. Mar mei de gastfrijens fan de Spaanske doarpsbewenners slagget it alle dagen al en fyn in bêd, en eltse dei krije wy ek oeral in lekker waarm pylgermiel. Wat in segen om sa moai as pylger - yn alle frijheit - oer paden, troch fjilden en oer bergen en oer skildereftige midsieuske stiennen brêgen te gean. Is it hast te moai om wier te wêzen.
De Dútske pylger Silvia rint in pear dagen mei ús op. Wy moetsje de hiele dei - en alle jûnen yn pylgerrestaurantsjes - tsientallen pylgers, oeral wei, en allegearre mei prachtige ferhalen fan ûnderweis. Mar om 22.00 oere moatte wy sliepe, want dan gean de refugio’s ticht, dêr’t wy allegear mei-inoar sliepe yn lytse en grutte sliepsealen. Wy wolle nei dizze wike net nei hûs, mar it moat al, foar wurk en ynkommen. Ankom simmer mar ris wer op de camino sjen.
De hite simmer fan 2012 op de Camino
Foar ús gefoel duorre it jierren om wer werom nei Navarrete, mar feitlik wiene it mar goed twa moannen, dat wy wer werom binne op de camino. Us tinte brûke wy al lang net mear, mar no tôgje wy in lyts karavanbakje efter de auto oan, dêr’t wy op Spaanske kempings ûnderweis yn sliepe. It is alle dagen ferhipte hyt. Alle dagen rinne wy hinne, dan mei in lytse hierauto werom, dan boadskiprinne, nei de kemping, deiferslach skriuwe, ite en ta beslút sliepe. Moarn om goed 6.00 oere giet de wekker wer. Wy moetsje de pylger Marloes - in wiere Fryske trochsetter - dy’t alhiel yn ien kear yn 4 moannen fan Snits nei Spanje rûn. Guon dagen rinne wy mei-inoar in ein op, de iene dei wat langer as de oare dei, mar hast alle dagen moetsje wy inoar op de camino.
Wy rinne oer rotsen, troch gleone stêden, troch Eucalyptusbosken, oer de hite en keale flakten fan de Spaanske meseta’s en oer de hege stienbult fan Cruz de Ferro, Yn de kleasterruïne fan San Antón wurdt troch in Spaanske gitarist foar ús - as foarbygeande pylgers - songen. Op it hytst fan de dei krije alle pylgers fan in foarbykommende refugio-eigener út syn auto wei in fleske iiskâld boarnewetter; as kaam it fan in ingel út ’e himel, sa lekker.
Ultreia! Altyd mar fierder.
Dizze simmer rinne wy 585 kilometer yn 26 dagen. Alles rint hjir op de camino: jong & âld, bern & beppes, wurkleazen & drokbesette minsken, manlju & froulju, Spanjaarden, oare Europeanen, Asiaten en Amerikanen; de hiele wrâld rint hjir; allinnich of yn grutte of lytse groepen. As jo it net meimakke hawwe, is it hast net te leauwen, mar hjir rint ien grutte ynternasjonale famylje, ien mienskip fan pylgers, wêrfan nèt wichtich is wàt jo binne, mar wól wá’t jo foar jo néíste (pylger) binne. Lykas alle jierren fiere wy Durkje har jierdei op ús jierlikse pylgerreis. En op 7 augustus rinne wy oer ús ôfstânsgrins fan 3.000 kilometer hinne, op ús 140e pylgerdei. Fan it kleasterstêdsje Samos út rinne alle pylgers suver yn optocht fierder, safolle minsken binne de lêste hûndert kilometers op beafeart nei it grêf fan de hillige Jakobus. Oeral wêr’t jo sjogge, binne Jabiksskulpen, wetterflessen, Sint-Jabiksfigueren en de giele caminopylken as weiwizer.
Dizze gleonhite simmer rinne wy fia Santo Domingo, Burgos, Castrojeriz, Sahagun, Léon, Astorga, Ponferrada, O Cebreiro en Palas de Rei nei O Pedrouzo. Dan is ús simmerfakânsje om en geane wy - bykâns yn it sicht van Santiago de Compostela - wer nei Stiens werom. Noch ien kear fan Stiens nei Spanje, en dan helje wy ús doel. Earst noch twa moannen beide op ús skoallen oan ’t wurk yn Ljouwert, en alle dagen baarne fan langstme nei de útsetter fan ankom hjerst.
Pylger wurde yn Santiago de Compostela en Cabo Fisterra
En dan ta beslút fan dizze 3.366 kilometer lange pylgerreis rinne wy yn de hjerstfakânsje fan 2012 fan O Pedrouzo de lêste 22 kilometer nei Santiago de Compostela. Dêr helje wy ús pylgerbewiis nei it toanen fan ús pylgerpaspoarten fol pylgerstimpels, en dêr geane wy twa kear nei de misse yn de katedraal fan Sint Jabik; de twadde kear sels mei de biskop fan Santiago as foargonger. Fan it Fryske Sint Jabik binne wy no oankommen yn it Spaanske Sint Jabik. Mar wy woenen ek fan (Wadden)see nei see, dat wy geane yn fjouwer dagen noch 95 kilometer fierder, fia Negreira en Oliveiroa nei Cabo Fisterra. Nei 156 dagen yn sân jier 3.366 kilometer pylgerjen, ferbaarne wy in pear âlde pylgersokken, sa’t de pylger wend is om hjir syn pylgerklean te ferbaarnen op ’e rotsen, yn it einleaze sicht fan de Atlantyske Oseaan.
Ta beslút besjogge wy mei triennen yn ’e eagen de trije sa ferskillende filmkes dy’t ús leave bern Jan Wijbe & Gaby (út Panama) en Baukje & Rauke (út Grins) en Pieter (yn Stiens) thús al ferhoalen op ús minilaptopke set hawwe. In pear dagen letter hjitte hja ús grutsk en ferrassend wolkom op Schiphol, mei op harren spandoek de wurden ‘Petje af, pelgrims’. Unferjitlik moai is soks.
Myn grutte pylgerhoed sit fol tekstyletiketten fan pylgersymboalen en beafeartstêden, en de hollen fan Durkje en my floeie suver oer fan weardefolle ûnderfinings, fan al dat moais en fan al dy leave minsken dy’t wy dwers troch alle lannen, talen en kultueren moete hawwe. Net it doel, mar fral de wei en harren minsken makken it ûnferjitlik, en fol fan wearde. My tinkt, wy sille ús libben lang noch pylger wêze en ivich pylger bliuwe.
Ultreia!
Geen opmerkingen:
Een reactie posten