zaterdag 3 januari 2015

Twa Fryske pylgers fan Sint Jabik nei Santiago de Compostela (diel 1)

Sneon 3 jannewaris 2015
Twa rêchsekken met de pylgerhoeden fan Durkje & Wiep Koehoorn


















Diel 1: Fan Sint Jabik nei Dinant
Yn de moannen maaie en septimber fan 2014 publisearre de Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB) yn harren literêre krante 'De Fleanende Krie' yn twa dielen it ferhaal fan de pylgerreis fan Durkje en my, de lange tocht fan Sint Jabik nei Santiago de Compostela, geandewei troch Fryslân, Nederlân, België, Frankryk en Spanje; in reis fan sân jier fan see nei see fan de Waadsee nei de Atlantyske Oseaan.
Hjirûnder folget it earste diel fan ús ferhaal, oer de tocht fan it Fryske Sint Jabik nei it Belgyske Dinant, publisearre yn De Fleanende Krie fan maaie 2014.
Moarn folget hjir it twadde diel.

Fan Sint Jabik nei Sint Jabik
Op de moaie Pinkstersnein fan 16 maaie 2005 sette Durkje en ik de earste stappen op it Jabikspaad; it begjin fan in mear as 3.300 kilometer lange pylgerreis fan it Fryske Sint Jabik nei it Spaanske Santiago de Compostela. In tocht fan Sint Jabik nei Sint Jabik, want ‘Santiago’ betsjut ek ‘Sint Jabik’. It wurdt in lange pylgertocht, ek fan see nei see, want wy geane fan Sint Jabik earst nei Swarte Hoanne oan de Waadseekust en dan pylgerje wy sân jier lang, oant wy yn oktober 2012 by de Cabo Fisterra oan de Atlantyske Oseaankust net fierder kinne.
Yn 2005 kuierje wy Sint Jabik út, en yn 2012 geane Durkje en ik as pylgers wer werom nei hûs. Yn novimber 2012 komme wy foar ús gefoel ek wer thús yn ús tsjerke fan Stiens, as wy as pylgers ús gemeente foarop geane nei it brea en de wyn fan it jûnsmiel yn De Hege Stins.

In bytsje doel?
Faaks tinke jo: ‘Dy minsken koene wol net wiis wêze; wat foar doel hat it no om sa fier te rinnen? Wêrom geane safolle minsken op ’e fyts of te gean nei Santiago de Compostela? Wat bringt harren dêrta en wat sykje en fine hja dêr?’
Doe’t Durkje en ik yn 2002 - twa jier nei de iepening fan it Jabikspaad – yn De Groate Kerk fan Sint Jabik it rûteboekje kochten fan it Jabikspaad, wisten wy wol dat dit Frysk-Oeriselse pylgerpaad efter Hasselt súdop fierder giet nei Spanje, mar dat wy ea it hiele ein rinne soenen, hienen wy doe noch net ôfpraat.
Mar it Jabikspaad hat ús yn ‘e besnijing krigen, dat wy koenen net oars, en gean fierder, trochrinne nei Spanje. As jo my tsien jier earder frege hienen om sa’n ein te rinnen, hie ik sein dat net te dwaan: Jo koene wol net wiis wêze, en rin nei Spanje. Wa docht dat no?

It Jabikspaad
Dat wy kuieren yn maaie 2005 fan it pylgermonumint foar De Groate Kerk fan Sint Jabik fia Swarte Hoanne en oer de Waadseedyk nei Nijesyl en Aldebildtsyl. Jan Wijbe – ús âldste soan – hie krekt it rydbewys, dat hy brocht ús nei ôfrin fan de tsjerketsjinst fan Pinkster nei Sint Jabik, en helle ús letter wer op út Aldebildtsyl. De earste dei.
In wike letter kuierje wy fan Aldebildtsyl fia Stiens en Ljouwert nei Goutum. Yn juny 2005 giet it fierder fan Goutum, fia Jirnsum en Akkrum nei Aldeboarn; en yn july fia It Hearrenfean nei Oranjewâld. Yn augustus 2005 stappe wy yn twa dagen fan Oranjewâld fia Wolvegea en oer it rivierke De Linde ús provinsje Fryslân al út, om dan fia Oldemarkt en Blokzijl fierder te gean nei Genemuiden. Yn oktober 2005 is der gjin werom mear, want dan kuierje wy yn 9 kilometer fan Genemuiden nei Hasselt.
Wy hawwe dan al betocht om net op te hâlden, dat wy geane deselde middei noch fierder, nei Berkum, by Zwolle. Dat op dy sânde pylgerdei hawwe wy nei 143 kilometer it Jabikspaad alhiel efter ús litten. Yn dizze seis dagen geandewei op it Jabikspaad feroaren wy fan kuierder nei pylger. En in pylger wol troch, oer Europeeske Jabikspaden, nei it Spaanske Santiago de Compostela. Mar werom eins nei Santiago?

Santiago de Compostela
De hillige Jakobus – soan fan Zebedeus, broer fan Johannes en neef fan Jezus – wie de earste apostel fan Jezus Kristus dy’t martele en om it libben brocht waard troch kening Herodes Agrippa I, yn Jeruzalem om it jier 44 nei Kristus hinne. It ferhaal giet dat syn stoflik omskot mei in boat nei Spanje, en ta hôf brocht is op in Romeinsk hôf yn it noardwesten fan Spanje. Yn it jier 830 waard Jakobus syn grêf fûn en yn de 11e ieu mocht de biskop fan Iria nei Spanje ta, om dêr in basilyk te bouwen op it grêf fan de hillige Jakobus (Sint Jabik, Santiago). Om it jier 900 hinne ûnstie de Spaanske beafeart nei it grêf fan Jakobus en likernôch yn it jier 1000 kamen de earste pylgers fan bûten Spanje nei it grêf fan Sint Jabik. Tsjin de 12e ieu wie de beafeartsstêd Santiago de Compostela like wichtich as Rome en Jeruzalem. Dat al mear as 1000 jier geane minsken op beafeart nei Santiago de Compostela, út Spanje, út Nederland, út hiel Europa, mar ek fan oer de hiele wrâld.
Tsjintwurdich hawwe minsken in ferskaat oan reden om nei Santiago de Compostela te gean, lykas sportive prestaasje, spirituele grûnen, fanwege histoarje, kultuer en natuer, as krúspunt of kearpunt yn jins libben, en as moeting mei in grut ferskaat oan minsken. Meastentiids is in kombinaasje fan dizze reden oan ’e oarder, en meastentiids skoot it fan de sportive kant mear op nei de spirituele en religieuze kant fan it pylgerjen: de kuierder wurdt geandewei pylger.

Fan Hasselt nei Vorden
Fan Nederlân út giet it pylgerpaad fia België en Frankryk nei en troch Spanje. Yn Hasselt stappe Durkje en ik oer fan it Jabikspaad op it Hanzestedenpad, dat fan Hasselt nei Doesburg rint. Mar wy geane net troch nei Doesburg, want wy wolle fan Zutphen út oerstappe op in oar paad: it Pieterpad.
Yn oktober 2005 geane wy fan Hasselt fia Berkum en Zwolle oer de IJssel nei Windesheim en Wijhe. Dan komme wy op in trajekt dêr’t wy moarns begjinne op in treinstasjon, om dan oan ’e ein fan de pylgerdei fan in folgjend treinstasjon mei de trein werom te riden nei it startstasjon, en dan mei de auto werom nei hûs.
Op trije kâlde winterske dagen mei temperatueren om it friespunt hinne, geane wy yn jannewaris en febrewaris fan 2006 earst fan Wijhe fia Olst en Deventer nei Zutphen. Wy binne dan Oerisel al út gien en Gelderlân ynkommen. Ein febrewaris ferlitte wy yn Zutphen it Hanzestedenpad, om sels geandewei in trochstek te sykjen fan Zutphen nei Vorden, dêr’t it earste part fan it Pieterpad oergiet yn de twadde helte. Wy hawwe no yn 11 dagen 241 kilometer rûn.

Pieterpaad fan Vorden nei de Sint-Pitersberg
Op de sneon foar Pinkster 2006 rinne wy fan Vorden nei Doetinchem, en op Pinkstermoandei giet it dêr fierder; foar inkele kilometers by Elten en Hoch Elten sels troch Dútslân, om dan bij Millingen aan de Rijn mei it fear de brede rivier oerset te wurden. Yn juny geane wy yn in twadaagse rintocht nei Afferden. Wy sliepe by Groesbeek by in boer yn in appartemint yn in âlde bargestâl. By de rivier de Maas stiet ús skoansuster Ike út Malden mei harren auto klear om ús werom te riden nei ús auto yn Spijk.
Yn augustus 2006 rinne wy yn in trijedaagse fan Afferden fia Meerlo en Venlo nei Roermond. Alle dagen fytse wy hinne en wer tusken auto en fyts, en wy sliepe trije nachten yn ús lytse tinte, as iennichste gasten op in grutte kemping yn Blitterswijck. Yn de hjerstfakânsje fan 2006 rinne wy yn in trijedaagse fan Roermond troch it moaie suden fan Limburg fia Pey en Spaubeek nei Maastricht. Wy rinne hinne en fytse werom, en sliepe yn in fakânsjehûske yn Posterholt.
Wy hawwe oan de ein fan it Pieterpad no totaal yn 21 dagen 492 kilometer rûn, en litte no Nederlân efter ús.

As frjemdlingen op ’e Via Mosana en de GR654 troch België
Yn de maaiefakânsje en yn de simmerfakânsje fan 2007 rinne wy yn sân dagen de 138 kilometer lange pylgerrûte fan de ‘Via Mosana’ troch België, fan Maastricht fia Visé, Luik, Esneux, Villers-le-Temple, Huy en Andenne nei Namen. Wy ride hinne, en geane werom mei trein en mei partikulier ferfier fan in kafeegast, en wy sliepe by bêd & brochjes, yn hotels en op in kemping. Yn de hjerstfakânsje fan 2007 rinne wy oer de pylgerwei GR654 yn in trijedaagse fan Namen, fia Bois-de-Villers en Anhée nei Dinant. Underweis sykje en fine wy sliepplak op in boerepleats en yn in hotel.
It wurd ‘pylger’ komt út it Latyn, fan ‘peregrinus’, wat soks betsjut as ‘de frjemdling, dy’t jo oer jo lân foarby giet’. No’t Durkje en ik yn België binne, fiele wy ús mear pylger, mear de frjemdling, dy’t somtiden oer lân en hiem fan boeren it pylgerpaad rint. By de Maas lâns moatte wy flink klimme; wy komme oer wiete, glysterige paden, krije it hyt en kâld, en moatte goed paadsykje om de goede wei te gean. Yn België komme wy al goed yn de sfear, as wy rjochtingbuorden foar pylgers sjogge, as wy Jabikstsjerken foarby komme, as wy it earste kleaster mei har mûntsen – yn Leffe – besykje. Wat is België in moai lân – bygelyks de Ardennen, mar ek it boerelân - en wat binne dy Belgen ek freonlik foar ús, as wy as pylgers harren hiem op komme, of earne oars harren passearje.

Sentier Vers Saint-Jacques-de-Compostelle via Vézelay (GR654)
En no – yn Súd-België, ticht by Frankryk en op ’e oergang fan de Via Mosana op de GR654 - komt de grutte oergong fan ús pylgerreis. Fan no ôf binne wy te fier fan hûs om in lyts tal dagen te pylgerjen, dat no’t wy op it Frânske pylgerpaad rjochting Vézelay komme, beslute wy allinnich noch yn langere fekânsjes ús pylgertocht fuort te setten; noch 2.686 kilometer troch België, Frankryk en Spanje te gean.

Moarn nimme wy jo fierder mei op ús pylgerreis, troch Frankryk en Spanje, nei Santiago de Compostela.

Ultreia!

Geen opmerkingen: