Sneon 6 juny 2009
'De âld pleats stie omraak yn 'e brân. De lôge sloech in grut gat yn it tsjuster fan 'e simmernacht...'
As it fjoer him einlings deljûn hat, wurdt in deademan yn 'e jiske fûn. Yn 'e earste opslach liket it in swalker te wêzen dy't wat ûnfoarsichtich wie mei syn smokerij.
Mar wie dat wol sa? En wat hie dy oare omstipper dêr midden yn 'e nacht op dat Sumarreheidster sânpaad te sykjen? De iene fraach ropt de oare op, en sa wurde it hieltyd mear.
Ald-resjersjeur Jolke Antema mei de hiele tizeboel útinoar raffelje. Hy komt der lang om let achter dat dy brân net samar in ûngelokje wie, mar dat dêr hiel wat oan foarôf gong. En hokker rol spilet âlde Douwe Poat yn it barren?
As bestjoer fan 'e Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) publisearren wy yn de moanne maaie 2009 de nije roman "Unrêst op Sumarreheide" fan ús Fryske skriuwer Hedzer Hooijenga út Ljouwert. It boek hat KFFB-nûmer: 454 en ISBN-nûmer: 978 90 74918 72-5. Yn 'e boekhannel èn by de KFFB kinne jo dizze histoaryske roman keapje foar € 16,00. Foar KFFB-leden is de priis by de KFFB € 9,00.
Faaks wolle jo ek lid wurde fan ús feriening de Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB). It lidmaatskip fan 'e KFFB kostet mar € 27,00 yn 't jier. Dêrfoar krije jo mar leafst trije kear yn 't jier (yn febrewaris, maaie en septimber) in nije roman-útjefte; en de Frysk literêre krante "De fleanende krie" krije jo der dan ek noch trije kear mei op ta.
Fia ynternet kinne jo fuortendaliks lid wurde op 'e side: http://kffb.nl/nijlid.html
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
2 opmerkingen:
Beste mijnheer Koehoorn,
'Unrêst op Sumarreheide' heb ik onlangs voor mijn broer gekocht.
Hij leest graag Fries en we hebben een tijd gewoond in de buurt waar het boek zich afspeelt.
Natuurlijk heb ik het ook zelf eerst gelezen.
Prachtig, zeer herkenbaar verhaal!
Ook de taal die de heer Hooijenga gebruikt is mooi.
Mijn broer heeft het ook met plezier gelezen inmiddels.
Nu heb ik een vraagje: Kun je ook iemand anders lid maken van de kffb?
Een cadeauabonnement voor een jaar?
Sorry dat mijn bericht in het Nederlands is. Fries lezen en spreken gaat prima maar schrijven in het Fries ben ik niet zo goed in.
Liever geen Fries dan 'min Frysk'
Vriendelijke groet,
Alie de Hek
Achte frou De Hek,
Hertlik tank foar jo reaksje.
As jo nei it emailadres rozendal.boelens@online.nl berjocht dogge om wa't it krekt giet (namme, adres, ensfh. fan bygelyks jo broer), en as jo dan € 27,00 oerskriuwe op bankrekken nûmer 811680 [op namme fan 'e skathâlder KFFB, Op de Keppels 42, Dokkum], mei de fermelding dat it om in kado-abonnemint fan (de namme en syn adres) jo broer giet, komt it klear. Jo broer ûntfangt dan in brief fan 'e KFFB, en wy skriuwe him dan yn ús bestân yn foar in jier en jo broer ûntfangt dan fergees de nije romans fan dat jier.
Dat is wier in moai kado.
Mei de groetnis fan
Wiep Koehoorn fan Stiens
KFFB, 23 juny 2009
Een reactie posten