Tongersdei 25 juny 2009
Radio-omropster Joukje Deelstra fan Radio Middelsé noege my koartlyn út om yn 'e radio-útstjoering fan jûn tusken seis oere en healwei sânen foar in fraachpetear yn 'e studio te kommen. It giet jûn oer de oprjochting fan Krúspunt, it Frysk Oekumenysk Platfoarm, dat de fuortsetting wêze sil fan it Kristlik Frysk Selskip (sjoch myn weblogberjocht fan 2 juny 2009).
Joukje hie yn it Frysk Deiblêd lêzen dat ik út namme fan en as bestjoerder fan 'e Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) ien fan 'e fjouwer oprjochters bin fan Krúspunt, wat har brocht ta it radio-fraachpetear fan hjoed.
It fraachpetear wurdt jûn streekrjocht útstjoerd en wurdt werhelle op sneintemoarn 28 juny 2009 tusken âlve oere en healwei tolven op Radio Middelsé. Yn it radiopraatsje giet it jûn fral oer de wize wêrop as Krúspunt oprjochte is, wêrom't Krúspunt sa wichtich is foar de hjoeddeistige en kommende Fryske oekumene en hokfoar tsjinstferliening Krúspunt fersoargje sil yn 'e kommende jierren.
Radio Middelsé stjoert radioprogramma's út yn it noarden fan Fryslân. It fraachpetear fan jûn mei my yn 'e Stienzer studio is it earste diel fan it radioprogramma "Tsjerke yn Beweging", dat alle tongersdeis en sneins útstjoerd wurdt op Radio Middelsé.
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten