Moandei 16 febrewaris 2009
"It is om 1847 hinne in roerige tiid yn Fryslân. It mislearjen fan rispingen, mûzepleagen, sykte yn 'e ierappels en yn it fee soargje derfoar dat in grut part fan 'e befolking yn earmoed libje moat. Alhoewol't it swurd fan 'e honger hieltyd skerper field wurdt, binne der ek inkelden dy't profitearje fan dizze tastân en der goed jern by spinne. Twa froulju mei in folslein ferskillende eftergrûn stribje beide op harren eigen wize nei wat mear frijheid. Se besykje de libbenswei dy't foar harren útstippele is te ferlitten en út eigen fearren te fleanen."
As bestjoer fan 'e Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) publisearje wy dizze moanne de nije roman "Frij as de wyn" fan ús Fryske skriuwer Rommert Tjeerdsma út Marrum. It boek hat KFFB-nûmer: 452 en ISBN-nûmer: 978 90 74918 701. Yn 'e boekhannel èn by de KFFB kinne jo dizze histoaryske roman keapje foar € 16,00. Foar KFFB-leden is de priis by de KFFB € 9,00.
Faaks wolle jo ek lid wurde fan ús feriening de Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB). It lidmaatskip fan 'e KFFB kostet mar € 27,00 yn 't jier. Dêrfoar krije jo mar leafst trije kear yn 't jier (yn febrewaris, maaie en septimber) in nije roman-útjefte; en de Frysk literêre krante "De fleanende krie" krije jo der dan ek noch trije kear mei op ta.
Fia ynternet kinne jo fuortendaliks lid wurde op 'e side: http://kffb.nl/nijlid.html
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten