maandag 26 januari 2009

Alles op syn tiid

Moandei 26 jannewaris 2009

"De tiid fljocht as it spoar;
wy binne 't spoar faak bjuster,
want hjoed wie juster moarn,
mar moarn is hjoed wer juster."

Sa begjint de nije dichtbondel fan Atze Bosch. As bestjoer fan 'e Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) binne wy der wiis mei dat wy op sneon 17 jannewaris 2009 dizze dichtbondel publisearre hawwe, mei de oanbieding fan it earste eksimplaar oan ús Fryske skriuwer-dichter Atze Bosch (sjoch dêrta myn weblogberjocht fan dy dei).

Atze Bosch - berne yn 1927 - begûn syn dichterlik wurk as oersetter fan koarlieten foar it Kritekoar yn Hilversum, dêr’t er doe syn wurk hie. By ferskate gelegenheden oppenearre er him as dichter fan geastige en geastlike teksten. Sûnt syn pensjonearring hat er hiel wat teksten skreaun, sawol oersette as frije, û.o. lietteksten foar de oratoaria ‘Mozes’, ‘Ruth’ en ‘It Ljocht fan de wrâld’.

Yn oparbeidzjen mei syn sweager dr. Bernard Smilde kaam yn 1993 de bondel ‘Sjonge by de Bibel’ út, dêr’t Atze Bosch mear as hûndert lietteksten foar oersette of skreau op tema’s út it Alde en Nije Testamint.
Foar de bondel ‘Tuskentiden’ (2006) levere Bosch 54 teksten.
Yn 2008 ferskynde by ús Fryske Boekeklub - de KFFB - de Ionabondel ‘Wylde Goes, mei lieten út Glasgow en Iona’, yn in oersetting fan Atze Bosch (sjoch dêrta myn weblogberjocht fan 1 novimber 2008).

De nije dichtbondel "Alles op syn tiid" befettet 44 Frysktalige fersen en de 45e is in Hollânske oersetting fan it Frysktalige fers "De Pylger". Dizze fersen binne oardere yn sân tema's. Oan de ein is noch in tal oantekens oer de 45 fersen skreaun. It boek hat KFFB-nûmer: 451 en ISBN-nûmer: 978 90 74918 6951. Yn 'e boekhannel èn by de KFFB kinne jo dizze moaie dichtbondel keapje foar € 14,50. Foar KFFB-leden is de priis by de KFFB € 12,50.

Faaks wolle jo ek lid wurde fan ús feriening de Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB). It lidmaatskip fan 'e KFFB kostet mar € 27,00 yn 't jier. Dêrfoar krije jo mar leafst trije kear yn 't jier (yn febrewaris, maaie en septimber) in nije roman-útjefte; en de Frysk literêre krante "De fleanende krie" krije jo der dan ek noch trije kear mei op ta. Fia ynternet kinne jo fuortendaliks lid wurde op 'e side: http://kffb.nl/nijlid.html

Geen opmerkingen: