Hjoed hawwe wy wer Bestjoersgearkomste fan de Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB). Wy moete inoar yn Hotel Duhoux yn Wurdum. Wy fange oan mei it wol en wee fan ús bestjoerders en fan harren famylje; spitichernôch mear wee as wol.
Dán sjogge wy nei de manuskripten, dy't wy fan skriuwers foar beoardieling krigen hawwe. In manuskript fan in nije romanskriuwer sille wy útjaan. In dichtbondel kin troch foar publikaasje. In manuskript kin foar ús net troch; in oar manuskript kin yn de takomst mei oanpassings faaks troch. Us nije bondel mei in grut tal Ionalieten is klear foar de drukker en dý sille wy presintearje op sneintemiddei 5 oktober 2008 yn de Oase yn Drachten. In prachtich inisjatyf is dat.
Wy prate oer it fêststellen fan de nije boekepriis 2009 en oer de nije wize fan boekefersprieding mei yngong fan febrewaris 2009. Leden en korrespondinten krije dêroer ynkoarten ynformaasje.
Op 29 desimber 2009 bestiet de KFFB 75 jier. Mei Tialda Dijkstra en Corrie Rozendal sil ik in útstel skriuwe foar bygelyks in jubileumtinkboek as in -tinkskrift.
Wy sykje in nije skriuwer foar ús bestjoer.
It lêste stiet de tarieding fan ús Jiergearkomste fan jannewaris 2009 op ús wurklist.
Wy hawwe hjoed in soad mei inoar besprutsen en beslúten, dat wy kinne de takommende wiken wis wol foarút mei alle wurk foar de KFFB.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten