Jikke Olivier & Anders Rozendal & Martje de Jong & Johannes Bakker (foto: Willem Verbeek) |
De oanwêzige leden fan de Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB) wurde by oanfang fan dizze Jiergearkomste 2024 troch foarsitter Johannes Bakker wolkom hjitten yn de folle seal fan de Kuriostsjerke fan Ljouwert. Dan iepenet hy de gearkomste mei bibellêzing en gebed.
De foarsitter memoreart dat ús kristlike boekeklub nei 90 jier spitichernôch hast oankommen is oan de ein fan har bestean.
Jierferslach 2023 fan de sekretaris
KFFB-sekretaris Martsje de Jong lêst it jierferslach oer it jier 2023 foar.
- De KFFB hat mei yngong fan 2024 noch 496 leden, en hat mei wat der bykommen is oan leden en mei wat der weifallen is oan leden yn totaal 18 leden ferlern yn it ôfrûne jier. It docht fansels sear dat wy no ûnder de krityske grins fan 500 leden kommen binne. Dat betsjut dat ús feriening ankom jier ophâldt te bestean.
- Wy betinke ús âld-KFFB-bestjoerder Jacobus Knol (1936-2023), wêrby՚t troch Martsje neamd wurdt wat hy allegearre betsjut hat foar de Fryske literatuer.
- Dan wurde de útjûne boeken fan ferline jier neamd. Yn de bibleteken dogge de KFFB-boeken it goed. Fjouwer KFFB-boeken fan de tsien Fryske boeken stienen ferline jier yn de top 10 fan Fryske boeken, dat dêr binne wy tige wiis mei. En lânlik is der 2.728 kear in KFFB-boek útliend, dat de KFFB-boeken wurde rûnom graach lêzen!
- Mar ja, 2024 is it lêste jier fan boekútjeften troch de KFFB. It hat bliken dien dat net ien oare útjouwer it moaie fûns fan de KFFB oernimme wol.
- Ien fan de leden yn de seal is al 70 jier lid fan de KFFB. Hja is 70 jier lyn lid wurden op oantrunen fan ald-KFFB-bestjoerder E.S. de Jong.
KFFB-ponghâlder Jelle Kingma besprekt it finansjeel eksploitaasjeferslach oer it jier 2023 en lêst it kontrolerapport fan de kaskommisje foar.
- Yn 2023 binne nochal wat subsydzjes ynkommen, folle mear as foarhinne. Dêrmei is it finansjele risseltaat oer 2023 posityf. Dat is fansels goed foar de fermogensûntwikling fan de KFFB.
- Deselde subsydzjes binne ek foar 2024 tasein, dat it kin wêze dat ek 2024 foar de KFFB posityf útfalt.
- De kaskommisje seach by har neisjen fan de boekhâlding dat alles oer 2023 ynoarder wie. De kaskommisje dielt dat skriftlik mei, en adfisearret de KFFB-ledegearkomste om hjoed decharge te ferlienen oan ponghâlder en bestjoer. Mei in applaus út de seal wurdt dat ûnderstreke.
Sprekster Gerda van der Wijk fan de Afûk
Hja stelt har earst foar en fertelt fan har karriêre. Gerda gie nei har ôfstudearjen oan de Drachtster Pedagogyske Akademy foar Basisûnderwiis oan it wurk yn de winkel fan de Afûk. Dêr ferbrede hja har wurk, en op it stuit is hja belutsen by it wurk fan de webwinkel fan de Afûk.
Dêrnei bringt se noch nei foarren dat de KFFB yn 1934 oprjochte is en dat dizze feriening no al 519 boeken útjûn hat. Dat hat in soad dien oan de lêsbefoardering yn it Frysk.
Dan fertelt Van der Wijk ús it ien en oar oer de Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje (Afûk).
Nei dat him as priiswinner de blommen oanbean binne, nimt Anders Rozendal as folgjende sprekker it wurd.
Mar earst lit Jelle noch wat sjen en hearre oer ûnder oaren, de oprjochting fan de KFFB yn 1934, oer de oprjochters, oer ferwurdings yn it karbrief en oer de earste jiergearkomste.
Hja stelt har earst foar en fertelt fan har karriêre. Gerda gie nei har ôfstudearjen oan de Drachtster Pedagogyske Akademy foar Basisûnderwiis oan it wurk yn de winkel fan de Afûk. Dêr ferbrede hja har wurk, en op it stuit is hja belutsen by it wurk fan de webwinkel fan de Afûk.
Dêrnei bringt se noch nei foarren dat de KFFB yn 1934 oprjochte is en dat dizze feriening no al 519 boeken útjûn hat. Dat hat in soad dien oan de lêsbefoardering yn it Frysk.
Dan fertelt Van der Wijk ús it ien en oar oer de Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje (Afûk).
- De Afûk is oprjochte yn 1928. De Afûk stie doe ûnder it tafersjoch fan de Fryske Underwiisrie.
- Douwe Kalma wie de earste foarsitter fan de Afûk. Kalma joech ek Fryske taalles.
- Sûnt 1937 mocht Fryske les jûn wurde op Fryske skoallen.
- Der kamen Fryske ûnderwiismetoaden.
- Yn de Twadde Wrâldkriich wienen der al sa’n 2.000 kursisten Frysk by de Afûk.
- Yn de 50er jierren kaam der mear fernijing, en letter kamen der twatalige skoallen.
- Yn de 60er jierren starte de Afûk mei de kursus Frysk foar net-Frysktaligen.
- Der kamen ek Afûk-kursussen foar de Fryske radio-útstjoerings.
- Yn 1972 waard de Afûk in selsstannige stifting, mei in eigen winkel, en koe hja as útjouwer mear útjaan op it mêd fan learmiddels.
- Letter kamen der kursussen foar spesifike doelgroepen, lykas foar amtners.
- Doe wurken der sa’n tolve meiwurkers by de Afuk.
- Yn de saneamde Stip-boeken fan de Afûk krigen de bisten de nammen fan Afûk-meiwurkers.
- It tal Afûk-útjeften waard breder, mei bygelyks ek in histoaryske atlas.
- De Afûk hat ek in eigen literêr fûns oprjochte foar boeken fan skriuwers dy՚t by de Afûk ûnderdak fûnen.
- Nei in taalrel binnen de Afûk krigen de Afûk-skriuwers it foech om harren eigen literêre wurken yn eigen Fryske taal te skriuwen, ek wol mei wurden dy’t net yn it Fryske wurdboek stean.
- Doe waard ynset op ferbreding en professionalisearring yn it Fryslânhûs fan de Afûk te Ljouwert.
- It Frysk waard ferplichte as skoalfak yn it Fuortset Underwiis.
- De KFFB groeide út ta ien fan de grutste útjouwers yn it winkel-oanbod fan de Afûk.
- It Tomke-projekt waard tige soksesfol, mei ek boeken yn it Bildts en yn it Stellingwarfs en Papiaments.
- It Frysk waard yn in grut tal plakken yn de provinsje sichtber.
- Yn 2004 ferhuze de Afûk nei de Bûterhoeke - neist Tresoar - yn Ljouwert.
- Yn 2020 moast de winkel spitichernôch ticht fanwegen corona, mar de Afûk-webwinkel hie yn dy tiid noch nea sa goed draaid.
- No wurkje der al sa’n fjirtich minsken foar de Afûk. Dêrmei kin ek in grut tal projekten draaie yn Fryslân,
- De Afûk giet no folop nei hûndert jier Afûk yn 2028.
- KFFB-karkommisjelid Martsje de Jong behannelet yn har presintaasje seis manuskripten. Trije dêrfan moasten ôfwiisd wurde, neffens de karkommisje. Ien dêrfan is fan Klaas Elgersma, mar dat boek sil wol troch in oare útjouwer útjûn wurde. It boek fan KFFB-skriuwer Elgersma koe nammentlik by de KFFB net mear op tiid klear foar de lêste útjeften fan 2024, en it boek waard boppedat ek te tsjok foar de brievebus. KFFB-boeken moatte nammentlik troch de brievebus kinne, oars wurdt it besoargjen te djoer.
- En dan komt der begjin takom jier, nei 90 jier, in ein oan de KFFB. Dat dit wie it lêste ferslach fan de karkommisje.
- Efkes werom sjen: der binne no al 519 boeken útjûn troch de KFFB, en it wie de KFFB in eare om se út te jaan.
- De priiswinnende KFFB-skriuwers en -oersetter (fan de KFFB-boeken fan 2024) krije no in bosk blommen ta lokwinsk fan harren priiswinnende boek. Dat der binne blommen foar Jikke Olivier (skriuwster), Anders Rozendal (skriuwer), foar Nelly Jongsma-De Jong (skriuwster, mar spitigernôch net oanwêzich) en Martsje de Jong (oersetster), en ek blommen foar Mynke Hoekstra, om՚t hja de fersprieding fan alle KFFB-boeken fersoarget.
Nei dat him as priiswinner de blommen oanbean binne, nimt Anders Rozendal as folgjende sprekker it wurd.
- Rozendal hat al yn 2001 syn earste roman útjûn by de KFFB. Dêr kamen - sawat alle jierren - nochris 17 nije romans, in ferhalebondel en in bernebibel efteroan, en syn boek dat no foar 2024 priiswinnend boek is, is dit lêste útjeftejier dan ek syn lêste boek, mei om't de KFFB ophâldt te bestean.
- Anders neamt dat hy en ek Corry Rozendal-Boelens (syn yn 2022 ferstoarne frou) beide it skriuwers- en dichtersbloed yn harren famylje hawwe. En harren soan Jan Minno Rozendal is no al wer de folgjende generaasje, dy’t de skriuwerspinne oernommen hat fan Anders & Corry.
- Rozendal stelt fêst dat it leauwen net altyd yn KFFB-boeken ferwurke is, mar dat Anders dat op ien of oare wize wol faak ynbrocht hat yn syn eigen boeken.
- It lêste KFFB-boek fan Anders Rozendal dat de KFFB dit jier noch útjaan sil, hat Anders opdroegen oan Corry, syn ferstoarne frou, dy't yn it ferline ek jierrenlang bestjoerswurk dien hat foar de KFFB.
De takomst fan de KFFB
KFFB-bestjoerder Jelle Kingma presintearret dan de plannen foar de likwidaasje fan de KFFB yn 2025.Mar earst lit Jelle noch wat sjen en hearre oer ûnder oaren, de oprjochting fan de KFFB yn 1934, oer de oprjochters, oer ferwurdings yn it karbrief en oer de earste jiergearkomste.
- Yn 2024 wurdt dúdlik dat it net mear út kin by de KFFB: der binne no te min leden, en finansjeel kin it dan ek net mear.
- Om ús feriening in 2025 te likwidearjen, moat twatredde part fan de leden foar de ûntbining stimme (yn maart 2025). As twatredde fan de leden net oanwêzich is (en dat sil ՚t wol net), dan komt der noch in gearkomste. De opheffing fan de feriening giet troch as twatredde fan de dan oanwêzige leden der foar binne.
- As dat sa is wurdt dêrnei alles fan de KFFB ûntbûn en fereffene, en dêrnei giet de feriening yn likwidaasje. Dat moat ek publisearre wurde. Fia de Keamer fan Keaphannel fynt dêrnei de ûntbining fan de KFFB plak. Ynkoarten wurde dêrta de ledegearkomste fan maart 2025 bekend makke fia De Fleanende Krie.
- De ledekrante De Fleanende Krie hâldt ek op fan bestean as de KFFB ophâldt, mar de stifting fan ‘de Krie՚ wol finansjeel noch wol bydrage foar de likwidaasje.
- Der komme fan't jier noch twa nije KFFB-boeken út, mei twa kear in ‘Krie՚ der op ta, en as ekstra in oerset berneboek.
- De foarrie KFFB-boeken giet werom nei de skriuwers of wurdt safolle as mooglik foar in pear euro noch ferkocht. Ek de Afûk nimt noch al wat KFFB-boeken oer foar de ferkeap yn har eigen Afûk-winkel.
Ferhalen fan Hylkje Goïnga
Gerda van der Wijk fan de Afûk komt ta beslút fan dizze ledegearkomste nochris oan it wurd.
Foarsitter Johannes Bakker slút de gearkomste en winsket ús allegearre wol thús.
Gerda van der Wijk fan de Afûk komt ta beslút fan dizze ledegearkomste nochris oan it wurd.
- Hja lêst aanst in twatal koarte ferhalen foar fan Hylkje Goïnga (1930-2001), mar hja fertelt ynearsten noch wat oer de skriuwster, dy't troud wie mei skriuwer Anne Wadman.
- De man-frou-relaasje is yn Goïnga har ferhalen it sintrale tema.
- Har ferhalen binne meastentiids komysk en tragysk, mei bizarre wendings.
- Dan lêst Gerda van der Wijk de twa humoristyske ferhalen 'Spikers' en 'In lintsje' fan Hylkje Goïnga foar.
Foarsitter Johannes Bakker slút de gearkomste en winsket ús allegearre wol thús.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten