zaterdag 8 juni 2019

Ús Feinsumer hiemhazze

Sneon 8 juny 2019
Hester of Hedzer is ús Feinsumer hiemhazze



















Fûgelbesite yn Feinsum
Sneontemoarn njoggen oere.
Niiskrekt reinde it noch; no is it droech.
De hurde wyn út it súdwesten komt oer it al wer griene ierapelfjild, de Heage Hearewei en It Kanael op ús ôf.
Yn it gêrs rint in tal fûgels hinne en wer, op syk nei iten yn it wiete gêrs.
No ris gjin mosken en leech fleanende sweltsjes, lykas juster; mar wol in Strânljip (Bonteluw/Scholekster), in tal Protters (Protters/Spreeuwen) en in drok hippend Boumantsje (Wipsteertsy/Witte Kwikstaart).
Mar net allinnich fûgels fine harren iten yn ús tún.


Hazzebesite bij Ultreia
Oer it Feinsumer Flinterplein komt in hazze op it gêrsfjild foar hûs oanrinnen.
Hja sjocht ris hoeden om him/har hinne of it feilich is om har/him hjir ta iten te setten.
Gjin minsken, hûnen en auto's te sjen, dat de hazze jout him/har rêstich del yn it gêrs tusken it bloeiende klaver, en nimt it derfan.
De hazze komt wol gauris - ek jûns let - efkes op ús hiem del foar in hapke grien. Om't wy net witte of it in mantsje of in wyfke is, witte wy net of wy der goed oan dogge om ús hiemhazze Hester of Hedzer te neamen. Mar dat docht der ek net ta. Ek de gender-net-bekinde hiemhazze is wolkom bij Refugio Ultreia Feisum.
Efkes letter springt ús hiemhazze oer de sleat foar hûs, en ferdwynt oer de Holdingawei en oer de Hyltsjebrêge wer op it ierapelfjild.

Efkes in hapke ite yn Feinsum

Geen opmerkingen: