vrijdag 7 september 2018

Boekpresintaasje fan Biografy oer A.M. Wybenga yn Nijewier

Freed 7 september 2018
Jan Minno Rozendal krijt syn biografy fan Jehannes Bakker




















Jan Minno Rozendal oer Anders Minnes Wybenga
Nei in lange tiid fan tarieding, boarne-ûndersyk, skriuwen, lêzen en werskriuwen is it hjoed dan sa fier dat de Fryske flagge út kin by sealesintrum Nij Sion yn it Fryske Nijewier.
In grutte groep minsken – folle mear as tocht - is ôfreizge nei Nij Sion om de feestlike boekpresintaasje by te wenjen fan de nije biografy oer de Fryske dichter en skriuwer Anders Minnes Wybenga, dy’t skreaun is troch de Fryske histoarikus Jan Minno Rozendal (1979), soan fan de Fryske skriuwers Corry Rozendal-Boelens (1946) en Anders Minnes Rozendal (1946), en oerpakesizzer fan Anders Minnes Wybenga (1881-1948).

Earste eksimplaar foar de wethâlder
Utjouwer fan dizze nije biografy is de Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB), dat KFFB-ferieningsfoarsitter Jehannes Bakker iepenet healwei de middei dizze presintaasje-gearkomste, alhiel optein dat der safolle minsken ôfkommen binne op dizze moaie middei.
It KFFB-bestjoer hat it duo Eaglefield nûge om wilens dizze gearkomste in tal moaie lieten te sjongen. Hja sjonge foar ús ûnder oare harren Sinneliet en In Psalm.
Dan wurdt Pytsje de Graaf-van der Meer nei foaren frege. As wethâlder fan dizze gemeente Dongeradeel krijt hja fan foarsitter Bakker it earste eksimplaar oanbean fan de nije biografy. Yn har tankwurd seit hja tige nijsgjirrich te wêzen nei de ynhâld fan dizze nije publikaasje. Ek priizget wethâlder De Graaf de KFFB dat De Fryske Boekeklub jonge skriuwers lykas Jan Minno Rozendal de kâns jout om harren pinnefruchten te publisearjen.
Pytsje de Graaf en Jehannes Bakker

Twadde eksimplaar foar de histoarikus-skriuwer
It twadde eksimplaar wurdt dêrnei troch de KFFB-bestjoersfoarsitter oanbean oan de biograaf Jan Minno Rozendal. 
Foardat dizze ûndersiker-skriuwer it wurd krijt, harkje wy nei in tal deklamaasjes fan Akke Brouwer, dy’t yn dit programmablokje dichtwurk van Anders Minnes Wybenga útsprekt, bygelyks it gedicht ‘Jou my”( wat bliids fan blommen mei; en wat ljocht fan lieten mei).
Dan krijt biograaf Jan Minno Rozendal it wurd oer syn nije biografy ‘Yn eigen taal’.
Jan Minno fertelt dat hy fan de KFFB de opdracht krige om yn it ramt fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 dizze biografy te skriuwen. Rozendal hat skiednis studearre, mei ek ‘Biografie’ as stúdzjefak.
Rozendal seit dat wy hjir yn Nij Sion op in wichtich plak binne yn it libben fan A.M. Wybenga, want hjir op dit plak yn Nijewier stie foarhinne It Lokael, dêr’t Anders Minnes Wybenga yn de Nijewierster tsjerklike Jongfeinteferiening as fyftjinjierrige it fûnemint krige foar syn trije identiteiten, nammentlik: Kristen, Fries en Dichter. Dit wie de tiid en it plak foar Anders Minnes Wybenga om sels gedichten en ferhalen te skriuwen, yn it Frysk! Dat wie bysûnder, om’t it brûken fan de Fryske taal yn tsjerke net gewoan wie. Mar Anders Minnes Wybenga, skreau yn it Frysk, en presintearre syn foardrachten yn it Frysk.
Dit earste blok fan de presintaasje wurdt efkes opfolge troch in tal lieten fan it duo Eaglefield, lykas it liet ‘Jûntiid’. Mar hja leare ús ek in nij liet, mei de titel ‘Lân’, dat skreaun is troch Anders Minnes Wybenga, en dat op muzyk set is troch Geart van der Heide.
Presintaasje fan Jan Minno Rozendal
Ynfloeden en konflikten foarmje de rjochtlinige dichter-skriuwer
Nei dit muzikaal intermezzo giet Jan Minno Rozendal fierder mei syn presintaasje oer syn oerpake Wybenga. Hy fertelt oer de frekwinte kontakten fan Wybenga mei de Fryske dûmny Wumkes, ek al sa’n foarman fan it brûken fan de Fryske taal yn tsjerke. Wumkes hat grutte ynfloed hân op it libben en op it wurk fan Wybenga.
Anders Minnes Wybenga begûn as skriuwer fan it tydskrift ‘Yn ús eigen tael’, en waard letter as opfolger fan Wumkes de samler fan dit tydskrift. Yn de jierren tusken 1908 en 1923 wurke Wybenga oan it muoisume proses fan syn eigen Fryske beriming fan alle Psalmen.
Fierders fertelt histoarikus Rozendal oer in tal konflikten fan Wybenga, mei bygelyks De Jongfryske Mienskip (oer skriftuer as geastlik fûnamint), mei E.B. Folkertsma (oer it KFS en har tydskrift) en mei it Grifformeard Frysk Selskip (oer syn konservativere opstelling dat it Frysk dochs better mar net yn tsjerke brûkt wurde moast).

Biografy is no te keap
Oaremoarn is it 70 jier lyn dat Anders Minnes Wybenga ferstoarn is. Dizze ‘Soan fan Fryslân’ is hjir yn de omkriten fan Nijewier noch lang net fergetten, mar bûten dizze regio ken men dizze dichter-skriuwer net sa goed (mear). Wybenga fertsjinnet 70 jier nei syn ferstjerren alle oandacht, dat wy priizgje ús dat ús feriening KFFB mei Jan Minno Rozendal hjoed dizze moaie biografy fan Anders Minnes Wybenga presintearret.
Nei dizze presintaasje folget noch in deklamaasje fan Akke Brouwer, oer it gedicht fan Wybenga: ‘De tún’ (1946), en oer syn ‘Ek as ik swij’ (hâld ik myn idealen) (1934).
As foarsitter Bakker alle minsken tank sein hat foar harren ynbring, giet it boekediske iepen, en kinne de belangstellenden yn de seal de nije biografy oer Wybenga fuortendaliks keapje. Nei de noflike gearsit kuierje de oanwêzigen dan Nij Sion út, mei it tsjokke boek yn ’e hân. Ik kin jo it keapjen fan dizze weardefolle biografy oer de bysûndere Anders Minnes Wybenga fan herten oanrekommandearje!
Monumint foar Anders Minnes Wybenga yn Nijewier

Geen opmerkingen: