Fjildsicht eastlik fan de spoardyk boppe Feinsum |
De twa Vitus-suskes
Nei dizze noflike moai waar-snein brekt jûn de sinne noch wer troch de wite wolken, dat it is net ferkeard om noch ris efkes nei bûten foar in noflike jûnkuier.
Durkje en ik kuierje troch it doarp en stappe oer de âlde spoardyk by de doarpshaven del oer de Feinsumer Feart hinne yn noardlike rjochting mei it sicht op Hijum, benoarden Feinsum.
De lette jûnssinne skynt noch treflik oer de fjilden, dat mei al gewas op it lân, ûnder in prachtige wolkeloft, is sa'n kuier tige moai.
En as wy efkes letter oer de Iestdyk wer werom kuierje nei Feinsum, sjogge wy op de kime de beide Sint-Vitustsjerken fan Stiens (lofterside efter) en fan Feinsum (rjochterside foar) neist inoar stean; in moai gesicht om de beide sustertsjerken sa susterlik neist inoar te sjen. Al ieuwenlang hawwe minsken sjoen wat wy hjir no sjogge.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten