maandag 7 november 2016

Each & Ear op Freonedei fan Omrop Fryslân

Snein 6 novimber 2016 
Dominy Liuwe Westra en Rein Tolsma mei Lifenote op it poadium yn'e feesttint



















Jubileumprogramma foar freonen
Hjoed steane de doarren by Omrop Fryslân iepen foar de Freonen fan Omrop Fryslân. Mei-inoar fiere wy dan it 35-jierrich bestean fan de Freonen. Yn it ramt fan dat jubileum is der fan 'e moarn ek in bysûndere Fryske tsjerketsjinst foar de Freonen, ûnder lieding fan dominy Liuwe Westra fan Lollum. De muzikale begelieding is fan de populêre jongereinband Lifenote.
Om 8:30 oere set it freoneprogramma yn in grutte partytinte út ein mei in moarnsbrochje en dêrnei folget om 09:15 oere de bysûndere tsjerketsjinst. Tusken 10:00 en likernôch 12:30 oere is der in ynteraktyf programma yn it Omropgebou, dat stiet yn it teken fan de tema’s 'Doe, No en Takomst'. Der is fan alles te besjen, te beharkjen en te dwaan.

Tsjerketsjinst oer Each & Ear
By it begjin fan de tsjerketsjinst fine wy noch in sitplak oan ien fan de lange tafels yn de tinte neist it omropgebou. De tsjerketsjinst is ek live te folgjen op radio en telefyzje, En ek nei ôfrin kin de tsjinst nochris besjoen wurde op Omropfryslan.nl.
It tema fan dizze fiering is 'Eagen en Earen'. Dit tema past moai by it ferieningsblêd 'Each & Ear' fan de freonen fan Omrop Fryslân. Dominy Westra fynt dy blêdnamme fral in skot yn 'e roas.
De bibellêzing fan radio-Prelude-presintator Rein Tolsma giet passend oer 'Dy't earen hat om te hearren, dy moat se brûke, dy moat hearre, dy moat harkje'.
Dominy Liuwe Westra:

  • Tusken de wurden 'eagen' en 'earen' sit mar ien letter ferskil, dochs is der in hiel grut ferskil tusen sjen en harkjen. Jo earen dogge it altyd, mar de eagen kinne jo rjochtsje om de oandacht earne op te rjochtsjen. Mar wat doch ik der dan mei? Dêr doelt Jezus op mei syn ferhaal oer de siedder. 
  • Elk siedsje lit by it delkommen de grûn efkes trilje. Elk siedsje wurdt heard. Der bart wat yn de grûn mei dat siedsje. Dan komt der groei en komme der fruchten. It giet yn dit bibelferhaal om de grûn, dy't alle fermogen en krêft rjochtet op it siedsje. Sa moat it ek mei it evangeelje.
  • Dit ferhaal giet om it keninkryk fan God, en it giet ek oer ús; nammentlik dat wy opheine en meitrilje, dat wy fokusje, en sykje, en doel fine. Dat hat allegearre mei leafde te krijen.
  • In omrop lykas Omrop Fryslân docht ek alle dagen oars net as siedzjen. Mar dat hat pas doel as der eagen en earen binne. 
  • As Friezen wolle wy dat dit stikje ierde syn gerak krijt.
  • Nijs moat in krêft wurde dat de wrâld feroaret, dan set it oan ta dieden, ta blommen. 
  • Ik winskje dizze omrop noch in soad jierren mei eagen en earen.

Sippy Tigchelaar & Aukje de Hoop
Moetings mei programmamakkers
Nei de tsjerketsjinst stappe der sa'n 330 Freonen fan Omrop Fryslân om. Hja krije bygelyks rûnliedings oer de redaksje en yn de studio's. Der stiet fan alles op it programma, Wy kinne apparatuer besjen, reitsje noch mear op 'e hichte fan de ûntwikkelings op ynternet en sjogge en hearre ferhalen oer de ekstreme sniewinter fan 1979.
Earst geane Durkje en ik nei it mediakafee, nei in presintaasje fan Sippy Tigchelaar & Aukje de Hoop, oer harren reportaazje foar 'Buro de Vries yn Frankryk', oer Friezen om utens yn Frankryk. Wy sjogge en hearre in soad oer bygelyks de fytsemakker fan Parys, de topless-dûnseres fan it Lido, de kastieleigners fan Normandië, in biologyske boerefamylje yn Bretagne, en oer in biotechnolooch dy't yn Frankryk dakdekker wurden is, En noch folle mear moaie ferhalen oer in programmareis fan tolve dagen mei apparatuer foar byld & lûd, troch it Franske lân.
Mei Hans Koster oer de redaksje

Dêrnei geane wy mei Hans Koster mei oer de redaksje, en troch de studio's foar radio en televyzje. Op fleurige wize bringt hy ús op alle ôfdielings, dêr't dan kollega's fan 'OF Radio' of 'OF Televyzje' oan it wurk binne, en dêr foar ús kleare steane om op byldjende wize ien en oar sjen te litten en smout te fertellen oer harrren wurk en wurkplak.
En oeral moetsje jo wer oare bekende programmamakkers, lykas: Piet Paulusma (oer it waarberjocht), Wim Brons (mei in kwis), Eelke Lok (oer de sniewinter), Arjen de Boer & Roelof Lousma (yn de tv-studio), Douwe Boersma (oer de nijste techniken), Suzanne van Zwam & Timo Jepkema (yn de Hjoed-studio), Hayo Bootsma (mei anekdoaten), 'speeddate' mei haadredakteur Klaas Geert Bakker, en oan de ein fan dizze freonedei wurdt it programma ôfsluten mei it Freoneliet fan Gurbe Douwstra, op de tekst fan Karin Bies.


Lit jim gean, freonen, freonen, lit jim gean.
Bliuw net sitten leave freonen, gean mar stean.
Wy bin bliid dat jim der binne,
wy mekoar no einlings kenne
Lit jim gean freonen, freonen, lit jim gean.

Geen opmerkingen: