zaterdag 27 augustus 2016

Siems sirkelgong

Sneon 27 augustus 2016
Omslach fan 'Siems srikelgong'

In earbetoan oan de Commonwealth Wargraves
Trijeris it jier jout de Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB) in nije roman út as ledeboek foar harren leden en foar de ferkeap fia bygelyks harren webside en de boekwinkels. Tusken dy ledeboeken yn komt der in inkele kear ek in ekstra boek út, út in grut ferskaat oan soarte fan boeken. Sa publisearre de KFFB koartlyn - yn july 2016 - it boek 'Siems sirkelgong', skreaun troch Siem Jonker fan Alkmaar.
It boek is 'In earbetoan oan de Commonwealth Wargraves', sa't de ûndertitel fan it boek ek al seit op it omslach fan it boek. Op dat omslach stiet in foto fan de skriuwer by de Commonwealth War Graves fan de seis Ingelsen en trije Kanadezen op it algemiene begraafplak fan Warkum, dy't njoggen fan de 51 oarlochgrêven binne fan dit begraafplak.
Der wurdt yn it boek oer in soad dingen skreaun, mar net dat it hjir giet om de grêven fan de militêren út de lânnen fan it saneamde 'Gemenebest' (Commonwealth: Australië, Kanada, Yndia, Nij-Seelân, Súd-Afrika en Grut-Brittannië), dy't (hjir: yn Fryslân) omkommen binne yn de Earste of de Twadde Wrâldkriich.

Alvestêde-abeecee
Yn de simmer fan 2013 fytste Siem Jonker mei in bakfyts in Alvestêdetocht om stil te stean by de grêven fan de Fryske Commonwealth War Graves. Letter hat Siem syn befinings op papier set yn de Fryske Skriuwersarke. In 2014 oant en mei 2016 binne syn ferhalen publisearre yn de Fryske literatuerkrante 'De Fleanende Krie', it ledeblêd fan de KFFB, de Fryske Boekeklub. En mei stipe fan de Wendelaar Bonga Stichting binne dizze ferhalen op fersyk fan Jonker ofrûne simmer útjûn troch de KFFB.
It boek fangt oan mei útlis fan de skriuwer oer de oanlieding ta syn 'Pylgertocht', sa't Jonker syn fytstocht sels neamt. No is sa'n tocht by dizze grêven del net in wiere beafeart, om't dizze grêven de religieuse betsjutting misse, mar hawar, wy nimme it mar sa't de skriuwer it neamd hat.
No soe men tinke dat it ferhaal de folchoarder fan de Fryske Alvestêdetocht oanhâldt, mar dat is net sa, want Siem Jonker makket der in saneamd 'abeecee'-skriuwwurk fan, dat it boek fangt oan yn Boalsert en giet dan fia Dokkum, Drylts, Frentsjer, Harns, Hylpen, Ljouwert, Sleat en Snits ta beslút nei Warkum.

Jonkers sirkelgongen
No moatte jo net tinke dat dit boek him konsekwint rjochtet op dizze Fryske Commonwealth-oarlochsgrêven. It boek mist dizze fokus, want de skriuwer skriuwt yn in brede marzje om syn tema hinne. Alhoewol it boek kwa folchoarder fan de haadstikken de sirkelgong mist fan de echte Fryske Alvestêdetocht, is it kwa ynhâld fan elts haadstik oars, want fan elts haadstik kin men wol sizze dat de skriuwer in breed ferskaat fan ûnderwerpen beskriuwt dy't by him nei boppe komme en dy't hy ûnderweis tsjin komt. Sis mar dat it assosjatyf skreaun is, mei in grut tal fan ferwizings nei wat Jonker yn it ferline bygelyks earne lêzen hat. Ut de sirkel fan syn holle wei nimt de skriuwer jo eins yn syn skriuwsel mei yn in wide sirkelgong.
Sa wurdt bygelyks yn Burdaard skreaun oer de hege need fan in brêgewipper, yn Wetsens oer it grêf fan Rink van der Velde, yn Drylst oer de fredesmacht yn Afganistan, yn Frentsjer oer in brosjure fan it Nederlânsk Bibelgenoatskip, ûnderweis nei Harns oer 'leylijnen', yn Ljouwert oer in strjittedichtstien fan Baukje Wytsma en yn Starum oer klompkesilen.

Jonker oer Fryske Commonwealth War Graves
Dochs wurde yn syn boek fansels ek de befinings fan Siem Jonker beskreaun oer de besites oan de Fryske Commonwealth War Graves fan bygelyks Drylts, Frentsjer, Harns, Hylpen, Snits, Starum, Warkum en ek fan Nijemardum.
In tal sitaten út it boek dy't my wilens it lêzen opfallen binne, wol ik jo ta beslút fan dit boekbesprek noch meijaan:

  • Dennis (de as fredesmilitêr yn Afganistan omkommen soan fan kommandant Peter van Uhm) hat, mei in protte oare jonge minsken, besocht om frede te bewurkjen... ik neam dat bibelsk.
  • In Fries knibbelet nearne oars foar as foar in nêst ljipaaien.
  • 'Dat ik er was, staat eenmaal op een steen. Dat ik er zal zijn, staat bij God geschreven' (út in gedicht fan Geert Boogaard).

It earste en lêste sitaat bringe de bakfytstocht fan Siem Jonker dan wol wer wat tichter by it karakter fan in pylgertocht.
De wearde fan dit nije boek fan Siem Jonker leit fral ek yn it omtinken dat Jonker jout oan al dy meastentiid jonge minsken dy't yn de ûnminsklike striid foar in nije wrâldfrede harren libben ferlern hawwe boppe en yn Fryslân. Alle omtinken - ek dit fan Siem Jonker - oan it libben en stjerren en de |Fryske grêven fan dizze helden draacht by oan it wolfertsjinne respekt foar dizze wurdearre striders foar frede.

Geen opmerkingen: