dinsdag 1 september 2015

Swier waar yn Stiens

Moandei 31 augustus 2015 
De Boeier fan Stiens is ûnder wetter strûpt

Ljocht, lûd en wetter
Oan de ein fan de middei sjocht men oan de loft dat der swier waar op komst is.
De loft wurdt tsjuster en dan samar in earste ljochtflits, en fuort dernei in swiere donderslach boppe ús hûs.
Noch in tal kearen bliksem & donder oer ús wenwyk, en dan set de rein útein as gienen de slûzen boppe ús iepen.
Yn in pear tellen falt der safolle wetter út 'e loft dat de putten en it rioel it al ridlik gau net mear oan kin.
Strjitten yn Stiens strûpe yn koarte tiid foar in grut part - of alhiel - ûnder wetter.

Wetter
Nei seis oere jûns knapt it waar al wer wat op, en wurdt it stadich oan droech.
Dan komt it folk ek wer op 'e lap, om bûten ris te sjen hoe grut de skea is.
Foar de lytse bern is der alhiel gjin skea fansels, want hja sjogge ien lange wetterplasse, wat foar harren itselde is as ien grut boartersplak.
De alderlytste bern skowe mei harren koarte learskes hoeden troch de sé fan reinwetter, ûnderwilens de hân fan heit en/of mem goed beet hâldend, om fral net te fallen.
De âlderen steane oan de ein fan harren hiem oan de strjitkant, wêr it brede wetter begjint.
Jûn mar ris gjin praatsje oer de hage, mar oer it wetter.

Geen opmerkingen: