zondag 9 augustus 2015

Jong en âld syket Jo

Snein 9 augustus 2015 
De iepen romte fan greide en loft, by Nijkleaster yn Jorwert
















Iedereen zoekt U, jong of oud,
speurend langs allerlei wegen.

Prelude op sneintemoarn
Lykas alle sneinen begjinne wy ek op dizze betide sneintemoarn ús nije wike mei de útstjoering fan it radioprogramma 'Prelude' fan Omrop Fryslân Radio. Ek hjoed bringt Omrop Fryslân Radio ús wer in oere geastlike muzyk, en in koarte oertinking foar dizze dei en wike.
Hjoed wurdt de oertinking fersoarge troch Hinne Wagenaar, de dûmny fan de tsjerklike gemeente Westerwert (Jorwert, Weidum, Jellum & Bears) en ek pionierspredikant fan Nijkleaster yn Jorwert.

It kloppet net
Dûmny Wagenaar fertelt dat it pioniersplak fan Westerwert en fan Stifting Nijkleaster en fan it Misjonêr Wurk fan de Protestânske Tsjerke yn Nederlân in fernijingsplak is yn it Fryske Jorwert, in plak fan 'Stilte, Besinning  en Ferbining'.
Wol gauris wurdt dan frege of Nijkleaster fan doel is om God wer werom te bringen nei Jorwert, wêr't men dan doelt op it ferneamde boek fan Geert Mak (Hoe God verdween uit Jorwert, 1996).
Wagenaar leit út dat dit tinken net kloppet, want dat tinken giet noch út fan (ferâlderde) konsepten en gedachten oer tsjerke en maatskippij.  

Iedereen zoekt U, jong of oud,
speurend langs allerlei wegen.
kronkelig, vreemd, of recht, vertrouwd -
Meester, waar kom ik U tegen?

Lit jo fine troch God
Nijkleaster wol him júst net blyn stoareagje op (ferâlderde) tsjerklike strukturen en systemen. God is net ôfhinklik fan soksoarte fan strukturen en systemen.
Nijkleaster biedt jo - yn alle frijheit - wol struktuer fan in dei yn Nijkleaster. Sintraal steane; Stilte, Besinning en Ferbining.
Yn Nijkleaster wolle wy besykje te lústerjen, en oan te sluten by de iepenheid fan de minsken, en by de iepen romte fan de greiden en fan de loften.

  • Wy bringe God net.
  • Wy besykje God te finen.
  • Of noch leaver: Wy besykje ús fine te litten!

Iedereen zoekt U
In oere letter sitte wy yn tsjerke, yn De Hege Stins fan Stiens.
En wat bart de dan? Hokker liet sjonge wy tidens dizze moarnstsjinst?
Foargongster dûmny Desirée Scholtens lit ús in liet sjonge, dat sûnder naad oanslút by wêr't dûmny Hinne Wagenaar earder fan'e moarn op doelde.
Wy sjonge fan'e moarn Liet 837, mei ek de wurden fan it earste fers:

Iedereen zoekt U, jong of oud,
speurend langs allerlei wegen.
kronkelig, vreemd, of recht, vertrouwd -
Meester, waar kom ik U tegen?
Eens vindt U ons, bij dag of nacht,
moe van ons zelf en zonder kracht,
dorstend naar liefde en zegen.

Harkje?
Wa't de oertinking fan dûmny Hinne Wagenaar (nochris) harkje wol, gean dan mar nei ûndersteande weblink, en gean dan mei jo kompjoetermûs nei de 49e minút. Dan folget de oertinking fan fiif minuten, ófslutend mei passende muzyk.
Klik op: Prelude fan 9 augustus 2015.

Wolkom
 Kom mar ris del, en lit jo fine ...
... by Nijkleaster, ... yn Jorwert
Wolkom!

Geen opmerkingen: