vrijdag 3 april 2015

Ljocht en skaad oer de Skeltedyk-pleats fan Koarnjum

Tongersdei 2 april 2015
De pleats oan de Skeltedyk fan Koarnjum























Opsmiten Fryslân strûpt net ûnder wetter
In soad pleatsen, stinsen en tsjerken yn it noarden fan de provinsje Fryslân binnen doetiids boud op hege of lege terpen, de troch minskehânnen makke ferhegings yn it lânskip, dy't opsmyten binne om foar te kommen dat dit soarte fan bouwurken under wetter strúpten as it seewetter al te heech opkaam.

Ljocht en skaad kleurje loft en lân
Ien fan dy pleatsen dy't op sa'n lytse ferheging yn it lânskip boud is, stiet oan de Skeltedyk by Koarnjum.
Omtrint alle wurkdagen ryd ik mei de auto twa kear deis by dizze boerepleats del. Moarns kleurje de loften wolris moai yn't easten, efter de pleats, en oan de ein fan de middei as de sinne fan it westen út sa moai oer it gea skynt, tekenet de kombinaasje fan sinne en wolken moaie ljocht- en skaadflakken oer de lege en hege parten fan boulân en greiden. Sa ek hjoed by dizze Koarnjumer pleats.

Geen opmerkingen: