zondag 30 november 2014

Wa't fan de hope libbet, kin dûnsje sûnder muzyk

Snein 30 novimber 2014
Foargonger dûmny Sybout van der Meer mei it Kwartettekoar fan Itens



















Advint yn Itens
Durkje en ik ryde fan 'e moarn fan Stiens nei Itens, om dêr de Frysktalige tsjerketsjinst fan it 'Frysk Oekumenysk Wurkferbân Itens en omkriten' by te wenjen. Foar dizze earste snein fan Advint hawwe hja dûmny Sybout van der Meer útnoege, dy't al in tal jierren mei my yn it bestjoer fan it Nederlânsk Bibelgenoatskip sit. Al dy jierren is it nea slagge om ris by in Itenser tsjinst te wêzen as Sybout dêr in kear foargonger is, want alle kearen wienen Durkje en ik op dat stuit op it pylgerpaad of op oare kuierpaden yn binnen- of bûtenlân te kuierjen; en ek hjoed - dizze kear - wie it omtrint wer net slagge, omdat ik dit wykein foar in wurkbesite foar it NBG yn it Afrikaanske Burkina Faso wêze soe. Mar dy reis koe fanwegen it oanhâldende gefaar nei de resinte steatsgreep yn Burkina Faso fansels net trochgean, dat hjoed kinne wy tegearre dochs ris in kear nei de Martinitsjerke fan Itens.
As wy tegearre mei Sybout en syn femylje de tsjerke yn gean, is it noflik waarm yn tsjerke, en it Kwartettekoar 'Itens' is al oan it ynsjongen, ûnder lieding fan harren pianist-dirigint Hindrik van der Meer.

Ljocht dat ús oanstjit yn 'e moarntiid
Jo begripe tinkt my dat it tsjerkefolk al efkes laitsje moat as mei-organisator Douwe Willemsma der yn syn wolkomswurd klam op leit dat dizze Advintsmoarnstsjinst in gearwurkingsproject is fan 'Van der Meer & Van der Meer'. Willemsma: "En wat wolle jo dan noch Meer?"
It tema fan dizze fiering is 'Wa't fan de hope libbet, kin dûnsje sûnder muzyk', sa ferwurde troch Gerben Rypma.
Nei de útlis fan frou Uilkje Sieperda-Bouma oer it liturgysk blomstik yn it koar fan de tsjerke, harkje wy nei oargelmuzyk fan oargelist Philippus Hingst, en dan sjonge wy nei in skoftsje stilte it moaie Advintsliet "Ljocht dat ús oanstjit yn 'e moarntiid: foartidich ljocht, sjoch ús hjir stean:".
Oanslutend meie wy dan as bemoediging en groet sjonge dat wy fan de Iene ús help ferwachtsje meie; dat Er omsjocht nei it wurk fan Syn hân.

Fjoer fan hoop kom(t) ús temjitte fan hegerhân
Dan folget in gebed dat wy sjongend bidde, dat oanfangt mei dat 'Wy komme foar jo antlit gear".
Tusken de earste en de lêste trije ferzen fan dit Tuskentiden-liet is tiid foar de 'Beurs', wêryn alle oanwêzigen it wurd fiere kinne oer harren leaf en leed, tichtby en fan fierens. Anna Marike fertelt grutsk en tankber oer de berte fan al wer in beppesizzer, en dûmny Van der Meer noeget my út om ris wat te fertellen oer it jubileumjier en it bibelwurk fan it NBG yn 2014, en ik fertel oer dat ik hjir mei de oaren it Advint no yn Itens fier, ynstee fan de presintaasje fan de Mooré-bibel yn Burkina Faso by te wenjen, sa't dat earder noch beëage wie.
Oanslutend wurdt in kearsespul spiele, mei it ferhaal fan de fjouwer kearsen dy't stadich brâne. Willem Tjerkstra spylet de kears 'Frede', Hindrik van der Meer is de kears 'Betrouwen', Anna Marike Dijkstra-van der Woude is de tredde kears 'Leafde', en Sybout is de ferteller. As in lyts jonkje oanfangt te skriemen, omdat hy wit dat hy as bern net kin sûnder Frede, Betrouwen en Leafde, en dat krekt dizze kearsen net mear brâne, sprekt de fjirde, noch brânende kears 'Hoop', dat Hoop der foar soarget dat de oare trije fan de fjouwer ankers fan it libben wêr oanstutsen wurde.
Dit kearseferhaal wurdt troch ús beantwurde mei it bypassende Advintsliet fan hoop: "Us kaam temjitte fjoer fan hegerhân".

It Bern en de bern op 'e noed
Foar de oertinking van dûmny Van der Meer wurdt út it boek fan de profeet Jesaja lêzen, oer it folk yn it tsjuster, dat it kleare ljocht wer sjen sil; en dêr sjonge wy dan fan yn de wurden "Ljocht yn it dûnker" fan Fedde Schurer, op de muzyk fan Hindrik fan der Meer.
Bern stean sintraal yn de preek fan dûmny Van der Meer. En hoe soe it ek oars, want wy libje yn de ankommende wiken ta nei de berte fan it Bern dat it ljocht bringt yn dizze wrâld. Us foargonger presintearret oansprekkende foarbylden, bygelyks fan in jonkje yn Manilla, fan Malala Yousafzai fan Pakistan, mar ek fan eardere ljochtbringers lykas Albert Schweitzer, Martin Luther King, Moeder Theresa en de Fryske pater Titus Brandsma fan Boalsert, dy't allegearre ek ea as lytse poppe, as bern op dizze wrâld kamen. 'Bern binne foar ús in jefte, mar ek in opjefte", seit de preker hjir en no yn Itens, en 'Doch lykas God, en wurd minske". Alle heiten en memmen, en alle pakes en beppes hawwe harren bern en bernsbern op 'e noed, want lykas Jezus in man fan beloften wie en is, kinne alle bern ea in folwoechsene fan de belofte wurde en wêze. Wy hawwe dus as folwoechsen minsken it Advintsberntsje Jezus, en alle bern fan 'e wrâld - fan fier en hein - op 'e noed. Hjit it Bern en alle oare bern fan herte wolkom, en haw it op 'e noed.

Tusken preek en keek
Nei de pianoklanken fan Hindrik van der Meer lêst Willem Tjerkstra it gedicht 'Fakkeldragers yn 'e wyn'.
Wy beantwurdzje dat mei it 'Ubi caritas', ek yn it Frysk: 'As der freonskip is en leafde, dan is God by ús".
Yn it ôfslutend gebed betinkt dûmny Van der Meer ek alle bern fan de wrâld, dy't wy op 'e noed hawwe, en tankt ek foar de kristenen yn West-Afrika dy't troch de wrâldwide bibelorganisaasjes holpen wurde en holpen binne mei it Wurd fan God - fan ús Heit - yn de taal fan harren mem.
Wy slute dit gebed ôf mei it sjongen van it Frysktalige gebed dat Jezus ús leard hat: "God fan fier en hein ús Heit".
De kollekte is fral foar de Itenser projekten yn Papoea en yn Tanzania, en ta beslút sjonge wy inoar in Ierske seine ta mei de wurden:
'Dat it paad op dy takomt en de wyn de goede kant út waait ......
oan't wy elkoar wer moetsje meist burgen wêze yn de palm fan Gods hân".
En dan is der waarme tee en kofje, mei keek en smûk petear.

Geen opmerkingen: