woensdag 26 maart 2014

Ljocht en tsjuster oer feart en lân

Woansdei 26 maart 2014
De Stienser Feart by de Griene Leane fan Stiens


















Kontrast oer wetter en lân
Oan de ein fan de middei wikselje ljocht en skaad inoar ôf.
As ik oer de brêge fan de Griene Leane de Stienser Feart krús om Stiens yn te gean, leit de grins fan ljocht en skaad oer it wetter fan 'e feart.
It kontrast fan ljocht en tsjuster sjocht men hijr en no oer wetter en lân, mar ek yn 'e loft.
Efter my in skerpe sinne yn in healbewolkte ljochte loft mei sniewite wolken, en in ljocht skaad oer ikkers en greiden.
Foar my ît fûle ljocht oer de Stienser folkstún en oer it Stienser Aldlân, en dochs bedobbe ûnder een tichte tsjusterblaue loft.

Krús fan tsjuster en ljocht
Twa diagonalen, tekene troch de iene streek fan tsjuster en skaad, en de oare streek fan ljocht en sinne, mei harren krús hjir boppe de skieding fan wetter en lân.
In krús fan tsjuster en ljocht, in moai symboal fan de hjoeddeistige Fjirtichdagentiid, dy't wy hân hawwe as it tsjuster fan de dea wiksele hat mei it ljocht fan in nij libben.

Geen opmerkingen: