Snie oer de Ayttablomkes fan Stiens |
Stinseplant yn Stiens
Rûnom de Sint-Vitustsjerke op 'e âlde doarpsterp fan Stiens fyne jo yn 'e maitiid alle jierren in moaie sirkel fan giele Ayttablomkes op in frisgrien tek fan maitiidsgrien blêd.
It Ayttablomke (Eranthis hyemalis) is in stinseplant, dy't heart ta de saneamde Ranonkel-femylje. Bûten Fryslân wurdt it Ayttablomke de 'Winterakoniet' neamd.
Ier maitiidsblomke
It Ayttablomke bloeit yn 'e iere maitiid yn de moannen jannewaris, febrewaris en maart. Yn Nederlân is dizze plant seldsum, dat wy binne der yn Stiens mar wakker grutsk op dat wy yn ús doarp sa seinige binne mei dizze bysûndere stinseplant.
Froast werom
Fansels binne de temperatuer en it waar wichtig om it blomke ta bloei te bringen. Twa jier werom stienen de Ayttablomkes al fleurig te bloeien rûnom en op it tsjerkehôf.
No hawwe wy yn de ôfrûne wiken al in tal moaie maitiidsdagen hân, mei temperatueren fan sels al boppe de tsien graden Selsius, mar op it stuit binne wy al wêr in bêst stik tebekset yn de winter, no't de temperatueren yn dizze en yn 'e ankommende dagen yn 'e nacht al wêr sakje tusken de fiif en de tsien graden ûnder it friespunt en oerdeis de temperatuer mar kwea boppe it friespunt komt.
Snie op it blêd
Dochs is ek in tin snietekje op 'e Ayttablomkes in plaatsje om te sjen. In moaie kombinaasje fan grien blêd, giele blomknopkes en wite snieplakjes soargje foar in plaatsje om efkes stil by te stean, om te genietsjen.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten