Oranje gerdynen en muorren yn't Moetingsintrum @ Stenden Hegeskoalle |
Oranje EK yn Fryslân
Twaris hat it Nederlânsk âlvetal de striid al ferlen yn it Jeropeesk fuotbal (EK 2012). Denemarken en Dútslân wienen harren oermânsk. Guon Hollânners hawwe noch de hope dat it heve sil, dat Nederlân dochs noch troch giet nei in finaleplak. Snein moat it dan al wêze; alle hope is no rjochte op it winnen fan Portugal ankom snein.
Nederlân kleuret oranje. De oranjegekte kinne jo op strjitte net omhinne.
Ek Fryslân sjocht oranje. Stêden en doarpen, strjitten en tunen, auto's en sels minsken kleurje oranje. De pompeblêden lizze no op it wetter yn 'e sleatten, en oranje is no tydlik Fryslâns boppe.
Docht Stenden Hegeskoalle EK mei?
Jawis, minsken prate oer fuotbal en hjir en dêr yn it gebou sjogge jo oranje tekens fan Jeropeesk fuotballeafde.
Stenden Hegeskoalle hat yn it fermidden fan har Ljouwerter haadgebou in Moetingsintrum. It Stiltesintrum en de oare twa (easterse) gebedssintrums hawwe harren stille plak oan de eastside fan it Moetingsintrum. Rûnom it rjochthoekich Moetingsintrum leit in gong. Troch dizze gong kinne jo om it ganse Moetingsintrum hinne kuierje. Rûnom is de muorre fan it Moetingsintrum oranje. En foar de glêzen tusken it Moetingsintrum en de Japanske tún hingje oranje gerdynen.
Leauwe, hope en leafde yn 'e timpel
Tsjintwurdich binne de fuotbalstadions de moderne timpels foar it folk.
It binne de timpels om inoar te moetsjen en om de hilligen te groetsjen.
Faaks leauwt it folk net mear dat harren hilligen Kening Fuotbal wurde, mar de hope bliuwt fansels ta de lêste tel en of it no winst wurdt, of ferlies, de leafde bliuwt.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten