Krystbeam 2011 |
Femyljebarren
Lykas alle jierren komme wy hjoed byinoar as femylje fan Durkje om yn de rûnte fan ús femylje it Krystfeest mei-inoar te fieren. Fan alle acht húshâldings binne fan 'e middei en jûn femyljeleden presint. Wy binne gearkommen by Pieter & Berinda yn Drachten, mei 29 minsken, út fjouwer geslachten fan de Broekster femylje De Jong.
Krystbuffet
Ek dit jier hawwe alle húshâldings in út trije parten besteand diel fan it Krystbuffet makke. Foar jong en âld binne der bygelyks fjouwer foargesetsjes, in haadgerjocht fan achttsjin soarten en ta beslút dan ek noch sân neigesetsjes. Dat der is iten by 't soad. Noflike petearen. Allegearre binne wy sûn. Soks stimt allegearre ta tankberens. It binne de yngredyïnten fan in lokkige Kryst yn 2011.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten