Woansdei 22 juny 2011
Welmoed - in jonge froulike dokter - rint staazje yn in grut, modern sikehûs yn Egypte. Se woe wolris oer de râne fan Europa hinne sjen en syktegefallen behannelje dy't yn Nederlân eins net mear foarkomme. En boppedat: “Wat kin my oerkomme? Ik ha in stel goeie harsens, ik rêd my goed yn it Ingels”.
Welmoed bedarret midden yn de hektyk fan in drok Noard-Afrikaans lân dêr't de man-frouferhaldings dochs justjes oars binne as yn it eigen memmelân, yn Fryslân. Egypte en alle ûnferwachtse dingen dy't har oerkomme, konfrontearje har hieltyd mear mei de fraach wat se eins thús te sykjen hat, by har freon Evert, in jonge boer. De wrakseling mei har gefoelens en relaasjes mei Fryske en Egyptyske mannen komme yn dy folslein oare omjouwing yn in hiel oar deiljocht te stean en de wissichheid fan ‘wat kin my oerkomme’, kriget fuort al in fikse knoei.
De novelle ‘Los Sân’ fan Greet Andringa (berne yn 1971 yn Reduzum) is it earste Kadoboek foar ‘De Moanne fan it Fryske Boek’, yn septimber fan it jier 2010. Greet Andringa hat yn opdracht fan de Stichting It Fryske Boek en Tresoar it Kadoboek skreaun. Op 26 septimber 2010 jilde dit boek as ferfierbewiis yn Fryslân. Greet Andringa brocht ferline jier yn de aksjedagen har kadoboek persoanlik te plak by in tal boekhannels yn de provinsje. Hja wie bygelyks yn Frjentsjer, Koudum, It Hearrenfean en Drachten. Op har reis troch Fryslân reizge hja mei de Fryske Fertelbus.
In ferwizing nei de titel fan har boek skriuwt Andringa hast op de ein fan it boek, mei de wurden: ‘It libben is los sân: minsken bouwe der kastielen fan, mar ien buike is genôch om der neat fan oer te litten.’
En in pear siden fierder skriuwt Greet: ‘Alle froulju binne gelyk; ….. Se binne sân dat jo troch de fingers rûgelet’, en dêrmei doelt de haadpersoan Welmoed ek op harsels.
In tal sitaten fan Greet Andringa yn har boek:
- ….. benaudens en praktysk nut as basis foar freonskip? Wat hat dit noch te krijen mei oprjochtens?;
- Egypte is ien grutte mem. Jo kinne neat sels dwaan en foardat jo it witte, skeine jo wer ien of oare ymplisite konvinsje. ….. Ik ferstean se net yn har eigen taal, en yn it Ingels sitte fan twa kanten gatten. Ik bin te hastich, te westers om my derûnder del te jaan, it fret my op;
- ..... allerhande ûnbegrypbere Arabise famyljekwestjes, net nei te gean;
- Boppedat is it ús plicht as moslim om de hongerigen iten te jaan, de minsken om ús hinne te helpen. It holpen hawwen fan in oar minske sêdet mear as it allinnich opiten fan in pûdfol bôle;
- Real Egyptian panic, ….. Noait wurdt dúdlik wêr’t it begongen is en wêrom;
- Der bart wat frjemds as jo dingen opskriuwe: bytiden wurde se folle grutter as bedoeld, bytiden folle lytser, mar de wurden wurde hoe dan ek ûnbetrouber.
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten