It bestjoer fan it Kristlik Frysk Selskip hat ús as KFS-leden útnoege foar de jierlikse Ledegearkomste, hjoed yn De Hege Stins fan Stiens. Krekt mear as tweintich fan de hast 300 leden binne fan'emiddei presint om mei ús ferieningsbestjoer te praten oer it al of net opheffen fan it KFS. Al twa, trije jier prate wy oer it kommende opheffen fan it KFS, no't it Frysk oekumenysk platfoarm 'Krúspunt' de fuortsetting beëaget en wurden is fan it wurk fan it KFS fan 1908-2008. It binne benammen de lêste Fryske kriten dy't it swier fine om it KFS no al op te heffen, en wy wolle sa graach it KFS opheffe as wy der wis fan binne dat alle leden en kriten deroan ta binne en fine dat it wurk fan it KFS op in ferantwurde wize oergien is nei ien of mear oare organisaasjes dy't it Frysk rûnom befoarderje.
Wy binne der noch net, sa docht bliken. Guon leden wize der op dat wy der noch net wis fan binne dat alle doelen fan it karbrief fan it KFS fuortset wurde yn Krúspunt of earne oars. Dat alle wurk fan it KFS op tsjerklik mêd yn goede hannen kommen is fan Krúspunt, is foar alle oanwêzige leden hjoed wol dúdlik, dat gjin noed oer dit wichtige punt. En wy binne it der ek wol oer iens dat it KFS-wurk op it mêd fan ûnderwiis, parse en polityk noch net goed oernommen is troch in oare organisaasje yn Fryslân. Frjemd is dochs dat guon âldere leden der no noch op wiisd wurde moat dat al yn it jier 1981 yn en troch it KFS ôfpraat is dat it KFS in mear beheinde, fersmelde koers farre soe, mei mear klam op tsjinstferliening op tsjerklik mêd, mei benammen moetings, ynspiraasje en útwikseling fan ûnderfinings.
Yn 2003 gie it roer om nei mear konkrete projekten, noch mear nei tsjinstferliening. Stadichoan is it kontakt tusken de ôfdielingsbestjoeren fan de Fryske ledekriten en it haadbestjoer fan it KFS minder wurden en no binne it eins benammen dy lêste kriten dy't fiele dat hja no ferweesd efter bliuwe als harren mem 'it KFS' der aanst net mear is. En ek al prate wy meiinoar al twa, trije jier oer opheffe, wy kinne it net oer ús hert krije en litte dy Krite-freonen falle. Dat nei in lang en ynkringend petear prate wy as wize mânlju en froulju ôf dat de Fryske Krite fan Bitgum ynkoarten mei in útstel by it haadbestjoer komme sil oer op hokker wize it yn harren eagen no fierder kin en moat mei of sûnder it KFS. En dan komme wy yn de iere simmer fan dit jier nochris byinoar om dat útstel te bepraten, om dan it beslút te nimmen om it KFS op te heffen of om it KFS op oare wize, mei in nij bestjoer en mei âlde en/of nije doelen fuort te setten.
Oan 'e ein fan 'e middeigearkomste karre wy de jiersifers fan de feriening oer 201o goed en karre wy ek de KFS-begrutting foar 2011 goed. Om't nei tsien jier bestjoerssit hjoed KFS-skriuwer Willem Noordhuis en KFS-bysitter Adalgard Willemsma (fan it Frysk Bûsboekje) ôfskie nimme as bestjoerders en KFS-lid Pier Boonstra it te mâl fynt dat it hjoed ûntsteane rompbestjoer fan it KFS wat al te lyts wurdt, beneame wy fan herten Pier flak foar it slúten fan de gearkomste noch as ynterim-bysitter foar de moannen dy't it Kristlik Frysk Selskip noch libbet en brûzet.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten