Tiisdei 2 desimber 2008
Lykas alle wiken stap ik hjoed de Stienser bakkerswinkel fan "De Echte (waarme) Bakker" Nico & Aeltsje de Groot yn. It is noch drok yn 'e winkel. It praat giet hjir oer de lytse poppe dy't no al wer út 'e kûveuze is; Nico & Aeltsje binne grutsk no't hja pake & beppe wurden binne. Nei safolle wiken kûveuze wie it al wer feest doe't beppe de lytse poppe sels ek op 'e earm krige, sa fertelt hja my. Wol, lokwinske mei it - lokkich sûne - bernsbern.
Rjochts fan my stean in âldere man & frou mei in lyts famke. It famke stiet al in lang skoft hiel stil achterom te sjen. Ienienen seit hja: "Sjoch beppe, .... Swarte Piet!". Ik hie Piet noch net sjoen, mar dêr stiet it mântsje yndie yn 'e etalaazje, Syn swart kopke giet hinne en wer. Wêr sjogge jo dat noch mear yn 'e winkelstrjitte fan Stiens? Ik wit it net. Yn 'e hiele Langebuorren haw ik noch net ien sjoen. Om Swarte Piet fanewike noch te moetsjen, moatte jo dan dochs efkes nei It Achterbosk fan Stiens.
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten