Moandei 29 septimber 2008
Fan de Friese Pers Boekerij krige ik dizze moanne it nije foarlêswurdboek "Myn twadde Fryske Van Dale" ta resinsje tastjoerd. It is de Fryske ferzje fan in bernewurdboek fan Martine Letterie en Betty Sluyzer, út 'e rige fan Van Dale, oerset en bewurke troch Mindert Wynstra. Moaie tekeningen fan Paula Gerritsen, mar hja hawwe der nei alle gedachten net oan tocht om de teksten yn de tekeningen ek noch oer te setten yn it Frysk. Hie dochs better west. Mar hawar, twataligens hat ek syn foardielen.
It is in foarlêswurdboek foar bern fan fjouwer jier en âlder. Dit twadde diel befettet - lykas it earste diel - ek 1.000 Fryske wurden. Diskear allinne wurden dêr't de betsjutting lestich fan út te lizzen is oan beukers. Wurden lykas: fertriet, allergysk, sûnde, sabeare en breinroer.
By elts wurd heart in ferhaaltsje of in ferske mei in tekening. Elts stikje slút mei in definysje en oeral stiet foar foarlêzer en bern ek in tinktip by om yn te gean op de betsjutting fan it wurd yn it libben fan bern en foarlêzer.
Foar jonges én foar famkes is it in wearde(n)fol boek. Ek wearden en noarmen spylje in rol yn it wurdboek. Foar beuker en foarlêzer is it in útnoegjend boek foar sjen, harkje, lêze en prate. Net foar neat is de ûndertitel fan it wurdboek: "foar lytse en grutte filosofen". It boek is oan te rieden foar heiten & memmen en pakes & beppes dy't mei harren bern en bernsbern efkes tiid nimme foar taal, tiid nimme foar inoar en eltse dei (?) efkes tiid nimme foar in goed filosofysk petear mei bern dy't alle dagen wizer wurde.
Klik hjir mei jo mûs foar oanfollende ynformaasje of om it boek te bestellen.
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten