Posts tonen met het label Krúspunt. Alle posts tonen
Posts tonen met het label Krúspunt. Alle posts tonen

maandag 11 februari 2013

De seine fan Sint Patrick

Moandei 11 febrewaris 2013 
In pylger op 'e Spaanske Camino; geandewei nei Santiago de Compostela



















Spirituele pylgerreis
Ofrûne wykein frege ien fan myn webloglêzers út Maarssen my om de Fryske ferzje fan 'De seine fan Sint Patrick'. Hy wol dizze seine brûke foar twa Fryske froulju, dy't ynkoarten op spirituele pylgerreis gean, dy't hy in harren memmetaal mei dat doel de seine mei jaan wol.

Net yn it Frysk
No koe ik dy ferneamde seine wol yn it Ingelsk en yn it Nederlânsk fine, mar yn it Frysk nearne; net op de webside fan Krúspunt en ek net op it wrâldwide ynternet. Dizze seine wurdt wol in soad útsprutsen, my tinkt ek wol yn it Frysk, dat der sil wis wol earne Fryske ferzjes by immen lizze, mar dat helpt myn webloglêzer net, en my no ek net.

Jo sette ta oersetten
En om no de fraach sûnder risseltaat werom te lizzen by de freger, wie my net nei't sin, dat ik seach gjin oare wei en set de tekst fan de seine fan Sint Patrick oer yn it Frysk, en stjoer myn oersetting nei Maarssen. Dat ik haw op ferskate plakken Nederlânske en Ingelske ferzjes fan de seine fan Sint Patrick opskarrele en haw my juster set ta it oersetten yn in Frysktalige ferzje.

Fryske ferzje
Doe't it oersetten klear wie, haw ik de Fryske oersetting ek nei Krúspunt stjoerd en hjoed seach ik dat hja dizze nije Frysktalige seine fuortendaliks al op harren webside set hawwe as liturgy-ûnderdiel fan tsjerklike fieringen. Dat wa't no dizze seine syket, kin de Fryske tekst no op syn minst op ien plak fine op it ynternet.
En om der no foar te soargjen dat de tekst noch makliker te finen wurdt, skriuw ik myn Fryske ferzje fan 'De seine fan Sint Patrick' ek noch hjirûnder, dat as jo it earne brûke wolle, stiet it jo frij om dizze Fryske tekst te brûken:

De seine fan Sint Patrick

De Hear sil foar jo stean, om jo it paad te wizen.
De Hear sil neist jo gean, en syn earm om jo hinne slaan,
om jo te beskermjen tsjin it gefaar fan lofts en rjochts.
De Hear sil efter jo stean, om jo te bewarjen foar it kwea fan kweawillige minsken.
De Hear sil ûnder jo wêze, om jo te heinen as jo stroffelje.
De Hear is yn jo, om jo te treasten as jo fertriet hawwe.
De Hear is om jo hinne, om jo te ferdigenjen, as oare minsken jo tenei komme.
De Hear sil boppe jo wêze, om jo te seinigjen.
Dat ús genedige God jo seinigje mei, hjoed en moarn, en alle dagen fan jo libben.
Amen

(Oerset troch Wiep Koehoorn, Stiens, 2013)

zondag 30 december 2012

Ofslutende gearkomste fan 't Kristlik Frysk Selskip

Snein 30 desimber 2012 
Dûmny Hinne Wagenaar op 'e preekstoel en Gerrit Breteler sjongt


















Mear as 100 jier bestean
Moarn hâldt it Kristlik Frysk Selskip (KFS) nei rom hûndert jier statutêr op te bestean. Mar wy binne bliid dat it wurk fan it KFS fuortset wurdt troch it nij Frysk Oekumenysk Platfoarm, dat wy al op 2 juni 2009 oprjochte hawwe: de 'Stifting Krúspunt'.

Utsetter fan it KFS
Hjoed komme sa'n hûndert belangstellenden byelkoar yn Glinstra State fan Burgum om ôfskied te nimmen fan har 104-jierrige organisaasje. It binne benammen belutsen leden fan it Kristlik Frysk Selskip en fierders bygelyks leden van de kriten fan it KFS en in tal stipers fan Krúspunt; ek Durkje en ik binne hjoed by dizze útsetter fan ús KFS.  

Frysk yn tsjerke wie de minsken in ôfgriis
It middeiprogramma begjint mei in feestlike byienkomst yn Glinstra State. Grytsje Kingma sjongt yn dit middeiprogramma in tal lieten fan Fedde Schurer en ek it 'Halleluja' fan Leonard Cohen.
KFS-foarsitter dr. Liuwe H. Westra sprekt de tiidrede út mei as bysûndere titel: 'Maya’s yn Fryslân: it Kristlik Frysk Selskip op de jongste dei'. Syn rede giet oer it 'Doe', oer it 'No' en oer de 'Takomst' fan de striid foar it Frysk yn tsjerke.
Fansels wurdt de kultuerskok fan de dûmny's Huismans en Wumkes neamd; oer de tiid mear as hûnderd jier lyn dat it Frysk yn tsjerke noch revolúsje, komeedzje en 'fjoer & wetter' wie; doe't it Frysk yn tsjerke de minsken noch in ôfgriis wie.

En hoe is it no?
No - mear as hûndert jier lyn - hawwe wy Fryske Bibels; ek al op it ynternet.
Wy hawwe al jierren lang in Frysk 'Lieteboek foar de tsjerken'.
No wurde de inisjativen fan it Kristlik Frysk Selskip oernommen troch Stifting Krúspunt, want der moat fansels in plak oerbliuwe dêr't it wurk fan it KFS troch giet, want wy libje noch altyd yn in wrâld fan striid foar it ferfryskjen van tsjerke, en ek fan ûnderwiis, polityk en media. Krúspunt stapt yn de wrâld fan it Frysk yn tsjerke; dat Frysk yn tsjerke ris fansels wurdt.

Yn de takomst sjen
Nei de ôfrûne ieu sjogge wy dat it mei it Frysk yn tsjerke net alhiel wurden is wat it wurde soe, mar mei Krúspunt is der no wol in kâns om mei it wurk fan it KFS troch te gean. Wy geane oer nei in nije wrâld, yn in nije tiid.
Dûmny Liuwe Westra:
  • "Yn dy oare wrâld leit de takomst fan ús Friezen;
  • Kommunikaasje moat net fan wurden wêze, mar fan minsken;
  • Wy binne allegearre bern fan ien Heit;
  • Sa't it no is, kin it net bliuwe!"
Pakesizzers 
Nei de lêzing fan KFS-foarsitter Westra sprekke twa pakesizzers fan dûmny Sipke Huismans.
"Us pake siet der faak neist", sa seit Sipke Huismans jr., en "myn pake soe der grif bliid mei wêze dat it KFS no omset wurdt yn Krúspunt".
Pakesizzer Dieuwke Rosalina Huismans slút ôf mei poëzy fan har pake Sipke: "De risping komt yn it Himelsk lân".

Histoaryske fiering
Letter op 'e middei geane wy nei de fesperfiering yn de Krústsjerke fan Burgum. Dizze tsjinst stiet ûnder lieding fan dûmny Hinne Wagenaar fan Jorwert. Marieke van der Meer is oargeliste en der wurdt songen troch it Dûbelkwartet ûnder lieding fan Teake Posthuma. Gerrit Breteler sjongt twa lieten mei Johan Bijhold op piano. De ieuwenâlde Krústsjerke fan Burgum sit grôtfol, want der is ek in grut tal Burgumers nei dizze histoaryske fiering kommen.
Wagenaar:
  • "Frysk yn tsjerke? It moast net mâlder!;
  • De Frysk-kristlike beweging hat hiel wat úteinset; wat is der in wurk ferset;
  • Frysk yn tsjerke is gewoan wurden, mar noch net fansels;
  • Wy moatte ús no ferhâlde ta oare tiden, dy fan de 21e ieu;
  • De tsjerke en it Frysk sitte no yn in krisis, mar krisis kin ek in tiid fan genede wêze;
  • Foar alles is in oere, sit net sa yn noed, haw wat mear betrouwen, der binne nije kânsen en útdagings;
  • God is de Hoeder en dan kinne wy it loslitte, net te benaud, want God jout it ús;
  • Ha betrouwen yn God en stek in ljocht oan yn it tsjuster."
Dat wy hilligje jo namme
Nei de meditaasje fan Hinne Wagenaar sjongt Gerrit Breteler "Foar alles is in oere, foar alles is in tiid".
De gebeden wurde ôfsluten mei it sjongen fan 'Us Heit': "God fan fier en hein ús Heit, wûnder heimnis is jo namme, grut yn krêft en hearlikheid, oant yn alle tiden. Amen".

Noch ien dei en dan is it oer mei it Kristlik Frysk Selskip.
Mar it wurk giet troch; 'oant yn alle tiden'.

"Lit jins wirk oan jins tsjinstfeinten sjoen wurde,
en jins hearlikheit oer hjar bern.
En de ljeaflikheit fan 'e Heare ús God mei oer ús wêze,
en bifêstigje it wirk fen ús hannen oan ús,
ja it wirk fen ús hannen, bifêstigje dat".
Ut Psalm 90: 16-17
Boarne: Bibel, oerset yn de Fryske tael, NBG 1943, Jongbloed Ljouwert

woensdag 9 maart 2011

Bliid Boadskip no ek wrâldwiid fia ynternet

Woansdei 9 maart 2011

Grut nijs
Sûnt sneon 6 febrewaris 2011 steane de Fryske Bibels op it ynternet. Wrâldwiid kin ‘it Boek fan Heit yn de taal fan mem’ no oeral fia ynternet lêzen wurde, 24 oeren deis. Twa Bibels binne no op it web publisearre. It binne de saneamde ‘Wumkes-Bibel’ (1943) en de mear resinte ‘Nije Fryske Bibeloersetting’ dy’t datearret fan 1978. Jo kinne dizze twa bibelferzjes no fine op de thússide www.biblija.net

Bliid nijs
It wie yn it jier 2008 dat ik as lid fan it Lanlik Berie fan it Nederlânsk Bibelgenoatskip (NBG) in meiwurker fan it NBG ris frege oft it mooglik wêze soe om de Fryske Bibel op it ynternet te setten. Mei in tal oaren wie ik yn dy tiid yn it ferbân fan it Kristlik Frysk Selskip dwaande om it tsjintwurdige Frysk Oekumenysk Platfoarm ‘Krúspunt’ op te rjochtsjen en wy hearden hjir en dêr wol ris dat der ferlet wie fan de Fryske Bibel op ynternet. Dy fraach paste goed yn it motto fan it NBG: ‘Deryn foarsjen dat de Bibel safolle mooglik minsken berikt en oansprekt’, dat it duorre net salang of in lanlike projektgroep fan tige betûfte minsken wie oan it wurk om net ien, mar beide Fryske Bibels digitaal te publisearjen.

Goed nijs
Om’t de âlde bestannen fan de Fryske Bibels net brûkt wurde koenen, binne beide Bibels alhiel scand mei de kompjûter en op ’e nij oerset yn hjoeddeistige tekstbestannen, dêr ’t men tekstbewurkings mei dwaan kin. En no is it safier dat jo de teksten fan beide Fryske Bibels lêze kinne op Biblija.net. Op dit webstek kinne jo net allinnich de komplete Bibel lêze, mar it is ek mooglik om bygelyks fan ferskate bibelferzjes in grut of in lyts part fan de Bibel neistinoar op jo byldskerm op te freegjen. Sa kinne jo bygelyks deselde bibeltekst fan in Fryske, in Nederlânske mar ek in Russyske Bibel fergelykje. In grut tal Bibels yn allerhande talen binne hjir te lêzen. It is ek mooglik om hjir wurden yn bibelboeken te finen, sa kinne jo bygelyks sjen yn hoefolle en yn hokker psalmen it wurd ‘leafde’ stiet.

Ald en Nij nijs
It Alde en it Nije Testamint fan de ‘Wumkes-Bibel’ binne benammen basearre op ’e ‘Statenvertaling’. De mear resinte ‘Nije Fryske Bibeloersetting’ is it risseltaat fan in bysûnder projekt, om’t it de earste bibeloersetting yn Nederlân is dy’t troch gearwurkjen fan protestanten en roomsk-katolieken makke is. Eltse Bibel hat sa syn eigen skiednis, syn rykdom, syn boadskip yn eigen taal en mei in eigen takomst. De âlde en de nije Fryske Bibel steane foar jo klear op Biblija.net dat jo kinne der fuort mei oan ‘e slach.

Wrâldnijs
De Fryske Bibel is tige wichtig foar mannich Fries. Dûmnys yn Fryslân en ek Fryske dûmnys om utens brûke it Fryske Wurd gauris by harren preektarieding. By it meitsjen fan oarders fan tsjinst foar trou- en routsjinsten wurde ek Fryske bibelteksten brûkt. By bibellêzen en by bibelstúdzje kin in ferlykjen fan taalferzjes jo helpe om de Bibel better te ferstean. En as jo yn it bûtenlân op fakânsje binne of jo binne koartlyn of al lang lyn emigrearre, ek dan is Gods Wurd yn ús Fryske taal jo alle dagen fia ynternet deunby. It Bliid Boadskip komt no oeral dêr’t it ynternet tagonklik is. Sa wurdt wiermakke wat it tema is fan it NBG: ‘De Bibel iepen, wrâldwiid’. Fan de Stienzer Dr. G.A. Wumkesstrjitte oant it Nij-Seelânske Wellington. Wat in rykdom! Wa hie dat ea tocht doe’t dizze twa Bibels yn Fryslân ferskynden?

zaterdag 19 februari 2011

Wol praat op 'e Ledegearkomste fan it Kristlik Frysk Selskip

Sneon 19 febrewaris 2011

It bestjoer fan it Kristlik Frysk Selskip hat ús as KFS-leden útnoege foar de jierlikse Ledegearkomste, hjoed yn De Hege Stins fan Stiens. Krekt mear as tweintich fan de hast 300 leden binne fan'emiddei presint om mei ús ferieningsbestjoer te praten oer it al of net opheffen fan it KFS. Al twa, trije jier prate wy oer it kommende opheffen fan it KFS, no't it Frysk oekumenysk platfoarm 'Krúspunt' de fuortsetting beëaget en wurden is fan it wurk fan it KFS fan 1908-2008. It binne benammen de lêste Fryske kriten dy't it swier fine om it KFS no al op te heffen, en wy wolle sa graach it KFS opheffe as wy der wis fan binne dat alle leden en kriten deroan ta binne en fine dat it wurk fan it KFS op in ferantwurde wize oergien is nei ien of mear oare organisaasjes dy't it Frysk rûnom befoarderje.

Wy binne der noch net, sa docht bliken. Guon leden wize der op dat wy der noch net wis fan binne dat alle doelen fan it karbrief fan it KFS fuortset wurde yn Krúspunt of earne oars. Dat alle wurk fan it KFS op tsjerklik mêd yn goede hannen kommen is fan Krúspunt, is foar alle oanwêzige leden hjoed wol dúdlik, dat gjin noed oer dit wichtige punt. En wy binne it der ek wol oer iens dat it KFS-wurk op it mêd fan ûnderwiis, parse en polityk noch net goed oernommen is troch in oare organisaasje yn Fryslân. Frjemd is dochs dat guon âldere leden der no noch op wiisd wurde moat dat al yn it jier 1981 yn en troch it KFS ôfpraat is dat it KFS in mear beheinde, fersmelde koers farre soe, mei mear klam op tsjinstferliening op tsjerklik mêd, mei benammen moetings, ynspiraasje en útwikseling fan ûnderfinings.

Yn 2003 gie it roer om nei mear konkrete projekten, noch mear nei tsjinstferliening. Stadichoan is it kontakt tusken de ôfdielingsbestjoeren fan de Fryske ledekriten en it haadbestjoer fan it KFS minder wurden en no binne it eins benammen dy lêste kriten dy't fiele dat hja no ferweesd efter bliuwe als harren mem 'it KFS' der aanst net mear is. En ek al prate wy meiinoar al twa, trije jier oer opheffe, wy kinne it net oer ús hert krije en litte dy Krite-freonen falle. Dat nei in lang en ynkringend petear prate wy as wize mânlju en froulju ôf dat de Fryske Krite fan Bitgum ynkoarten mei in útstel by it haadbestjoer komme sil oer op hokker wize it yn harren eagen no fierder kin en moat mei of sûnder it KFS. En dan komme wy yn de iere simmer fan dit jier nochris byinoar om dat útstel te bepraten, om dan it beslút te nimmen om it KFS op te heffen of om it KFS op oare wize, mei in nij bestjoer en mei âlde en/of nije doelen fuort te setten.

Oan 'e ein fan 'e middeigearkomste karre wy de jiersifers fan de feriening oer 201o goed en karre wy ek de KFS-begrutting foar 2011 goed. Om't nei tsien jier bestjoerssit hjoed KFS-skriuwer Willem Noordhuis en KFS-bysitter Adalgard Willemsma (fan it Frysk Bûsboekje) ôfskie nimme as bestjoerders en KFS-lid Pier Boonstra it te mâl fynt dat it hjoed ûntsteane rompbestjoer fan it KFS wat al te lyts wurdt, beneame wy fan herten Pier flak foar it slúten fan de gearkomste noch as ynterim-bysitter foar de moannen dy't it Kristlik Frysk Selskip noch libbet en brûzet.

dinsdag 15 februari 2011

Bestuursvergadering Stichting Jabikspaad Fryslân

Dinsdag 15 februari 2011

In de Jacobshoeve van medebestuurslid Klaske Wijbenga komen we vanavond als bestuur van de Stichting Jabikspaad Fryslân in Sint-Jacobiparochie bijeen. Nu ons stichtingsbestuur weer op volle sterkte is, stellen we de nieuwe portefeuilleverdeling van de bestuurders vast. Van de uitgeverij weten we dat de verkoop van de routegidsen van het Jabikspaad goed verloopt, zodat we komende zomer aan de slag kunnen met een nieuwe uitgave van waarschijnlijk winter 2011-2012. We stellen vast wie van ons bestuur de stichting zal vertegenwoordigen bij enkele volgende bijeenkomsten van en met verschillende partnerorganisaties van onze stichting.

Een groot deel van de vergadering wordt besteed aan de voorbereidingen voor het openingsweekend van de binnenkort gerestaureerde Groate Kerk van Sint-Jacobiparochie en van het binnenkort daarin te openen Pelgrimscentrum Sint Jacob, dat gehuisvest wordt in het grote voorportaal van de Groate Kerk. Met name de inrichting van dit informatiecentrum en de openingsfestiviteiten van april 2011 komen vanavond uitgebreid aan de orde. We zijn blij dat inmiddels een studenten-projectgroep van Stenden hogeschool is gestart met het opstellen van een marketingplan voor het nieuwe pelgrimsontmoetingscentrum in het bijzonder, van de Groate Kerk en Sint-Jacobiparochie en de gemeente Het Bildt in het algemeen.

Daarna stellen we de inhoud van onze volgende Nieuwsbrief vast. De derde Nieuwsbrief zal deze week worden verspreid onder de relaties van de Stichting Jabikspaad Fryslân en zal tevens worden geplaatst op de website van de Stichting Jabikspaad Fryslân. We besluiten ons als zogenoemde 'Deelnemende Organisatie' aan te sluiten bij Krúspunt, het Friese oecumenische platform, dat de voortzetting is/wordt van het Kristlik Frysk Selskip (KFS). Ook staan voor het eerst de onderwerpen 'Anbi-registratie' en 'Schenkservice' ter oriëntatie op de agenda, want we realiseren ons terdege dat het voor onze stichting - die geen reguliere inkomstenbronnen heeft - van belang is om gebruik te maken van geldende regelgeving, die ook het belastingvrij aan de stichting schenken van grote of kleine geldbedragen mogelijk kan maken.

Door de grote betrokkenheid en de enthousiaste deelname van alle bestuursleden, is de afgesproken vergadertijd voor je gevoel in een zucht voorbij. Op grond van het onderzoek en de goedkeurende verklaring van de Kascommissie verlenen we aan de penningmeester van het stichtingsbestuur nog décharge en dan besluiten we de vier resterende agendapunten in onze volgende bestuursvergadering van maart 2011 de revue te laten passeren. En zo komen we weer aan het eind van deze boeiende bestuursvergadering.

maandag 20 december 2010

It logo fan Krúspunt

Moandei 20 desimber 2010

Op inisjatyf fan de Rie fan Tsjerken yn Fryslân hawwe in grut tal organisaasjes dy’t harren rjochtsje op it befoarderjen en it brûken fan it Frysk yn tsjerke, yn earetsjinsten en dêr bûten, yn 2008 in wurkgroep yn it libben roppen. Oan’t en mei de oprjochting wie ik lid fan dizze oprjochtinggroep. Dizze groep moast der yn foarsjen dat der in nij “Frysk Oekumenysk Platfoarm” oprjochte wurde soe. Dat platfoarm bringt allerhande ynformaasje en materiaal byinoar foar eltsenien dy’t mear witte wol fan wat der allegearre beskikber is en dêrmei ek foar elts dy’t al it beskikbere Frysktalige materiaal brûke wol yn en bûten tsjerke.

Sa is op 2 juny 2009 “Krúspunt” it moetingsplak wurden foar organisaasjes en persoanen dy’t mear wolle en kinne mei it Frysk yn en om tsjerke hinne. Sûnt de oprjochting sammelet Krúspunt, oan ‘e digitale snelwei fan it ynternet, alle ynformaasje, nijs en ûntwikkelings, dy’t raakflakken hawwe mei tsjerke/religy en de Fryske taal/streektalen. Mei help fan de webside fan Krúspunt ûntwikkelje de frijwillige meiwurkers in databank mei relevante ynformaasje oer it brûken fan it Frysk yn lieten en gedichten, yn liturgy, tsjinsten en diskusjerûnten, mei weblinks en aktualiteiten, mei fideo, foto’s en muzyk.

Matthijs Mol fan Nyegea hat it logo fan Krúspunt makke. Dit sprekkende logo is keazen as winnend logo fan in priisfraach dy’t Krúspunt dêrta útskreaun hie. It ûntwerp fan Matthijs Mol wie it winnend logo, dat presintearre is yn de earste jiergearkomste fan Krúspunt.

• Yn it logo sjogge jo de ûnderskate paden byelkoar kommen yn it “chi-ro”-teken. Dat lit jo sjen dat Krúspunt foar eltse kristen in iepen moetingsplak is, dêr’t elk syn eigen ynbring ha kin.
• De letter “T” is it krús. Foar eltsenien bekend as kristlik symboal.
• Oer dit alles hinne sjogge jo it reade Pompeblêd. Dat stiet foar it Fryske karakter fan Krúspunt.

zondag 30 mei 2010

Jiergearkomsten 2010 fan Krúspunt & Kristlik Frysk Selskip

Sneon 29 maaie 2010

Yn de jiergearkomste fan it Kristlik Frysk Selskip (KFS) freegje de ferieningsleden hjoed om it Kristlik Frysk Selskip ankom jier noch net op te heffen. De nije Stifting Krúspunt is noch net folwoeksen en de Kriten binne noch net klear foar it opheffen fan it KFS. It bestjoer fan it Kristlik Frysk Selskip bringt de opheffing net yn stimming en it KFS sil nochris in jier foarút.

Om alve oere is it Reaklif by Warns it begjinpunt fan de spirituele kuier, organisearre troch de Stifting Krúspunt. Krúspunt is it yn 2009 oprjochte platfoarm foar Fryske oekumene en is bedoeld as de fuortsetter fan it wurk fan it mear as 100 jier âlde Kristlik Frysk Selskip. De dielnimmers fan de kuier rinne hjoed tusken de Gaasterlânske greiden fia Skarl nei de Johannes de Dopertsjerke fan Warns. Yn de tsjerke fertelt behearder G. Valk oer de skiednis fan de tsjerke en Hindrik van der Meer bespilet it oargel. Dan giet de kuier nei Laaksum om oer de Iselmardyk wer werom te gean nei it Reaklif.

As de kuierders oan it begjin fan ’e middei yn It Breahûs fan Balk oankomme, iepenet Eelke Goodyk hjir foar de 60 oanwêzigen de earste jiergearkomste fan stifting Krúspunt. De gearkomste begjint mei in meditatyf momint oer “Kuierje mei de Wêzer (God) oer de Slachtedyk”, fersoarge troch bestjoerder Tytsje Hibma. Foarsitter Liuwe Westra presintearret ek de oare bestjoerders fan Krúspunt: Piet Miedema, Douwe Gerbens, Toos Reichman en Warner Veltman.

Dêrnei wurdt de nije webside www.kruspunt.nl offisjeel presintearre en taljochte. In knap stik webwurk is dat fan de websidemakkers Arjen Miedema en Ben Akkerman. Op dizze webside stiet ek al it nije logo fan Krúspunt, dat it resultaat is fan in priisfraach ûnder studinten. De namme fan Matthijs Mol fan Nijegea wurdt bekend makke as priiswinner fan de logo-wedstriid en Matthijs Mol krijt fan de foarsitter de logo-priis útrikt. De sjuery priizget syn moai ûntwerp, dat it wêzen fan Krúspunt as Kristlik Frysk Moetingsplak sa goed sjen lit.

In part fan dizze gearkomste is de jierlikse ledegearkomste fan it Kristlik Frysk Selskip. It bestjoer freget oft de leden der al klear foar binne om it KFS op te heffen en oergean te litten nei de nije stifting Krúspunt. De leden binne noch net ta oan opheffen, sa blykt. Paul Hekstra en Durk van der Schaaf binne fan miening dat Krúspunt noch net de breedte fan it wurk fan it KFS hat. Thom Dijkstra sjocht wol de rykdom oan ynformaasje dy’t Krúspunt jout, mar mist yn Krúspunt noch it moetingsplak dat Krúspunt fral ek wêze wol en noch wurde moat. Pier Boonstra fan de Krite fan Burgum seit dat de Kriten fan Dokkum, Burgum en Bitgum der noch net klear foar binne. It bestjoer fan it KFS is dan sa wiis om it opheffingsútstel yn dizze jiergearkomste noch net yn stimming te bringen. Krúspunt moat noch wat folwoeksener wurde en dan sjogge wy ankom jier oft it KFS wol klear is om op te heffen om dan wol oer te gean nei Krúspunt. Kommende hjerst sil it bestjoer fan it KFS hjiroer yn berie mei har Kriten.

Healwei de middei wurdt wiksele fan lokaasje. Yn de Liudgertsjerke fan Balk folget dan de earste Krúspunt-lêzing, fersoarge troch Hinne Wagenaar, bestjoersadviseur fan Krúspunt. It tema fan dizze lêzing is “Liudger, in Fryske apostel?” Wagenaar warskôget yn it foar dat hy komme sil mei in krityske analyse fan de dieden fan dizze pryster, biskop en letter hillich ferklearre Liudger. Op grûn fan de relaasje fan Liudger mei syn famylje, mei de Fryske lannen en mei de Fryske taal besprekt Wagenaar de wize wêrop in misjonaris as Liudger omgie mei de Fryske taal en kultuer tidens it kerstenjen fan de ynwenners fan de âlde Fryske lannen fan Fryslân, Grinslân en Dútslân.

De earste jiergearkomste fan Krúspunt wurdt op passende wize ôfsletten mei in fesper, ûnder lieding fan Warner Veltman. Yn de fesper wurdt ek it Liudgerliet songen, yn de Fryske oersetting fan de ek oanwêzige Klaas Bruinsma:
"... Sa kinn’ wy as hy ek sjonge fan de Heilân fan de wrâld,
priizgje mei de harp en tonge,
Him dy’t ús foar ’t heil behâldt
...”

Nei ôfrin fan dizze fesper kinne de oanwêzigen noch de mânske eksposysje oer Liudger van Douwe Gerbens besjen op de lange rigen panielen dy’t oan beide kanten fan de Liudgertsjerke opsteld binne. It bestjoer, de dielnimmende organisaasjes en de stipers fan Krúspunt sjogge werom op in tige moai programma fan dizze earste jiergearkomste fan de stichting Krúspunt.

maandag 7 september 2009

9e Landelijk Beraad van het NBG in Eemnes

Maandag 7 september 2009

We komen als leden van het Landelijk Beraad van het Nederlands Bijbelgenootschap (NBG) bijeen in hotel De Witte Bergen in Eemnes. Het Landelijk Beraad is het adviesorgaan voor de directie van het NBG voor wat betreft de vrijwilligersbeweging van het NBG. Vanuit het NBG-bureau te Haarlem zijn vandaag Angelique Zwart en directeur CeesJan Visser tijdens het overleg aanwezig. In het eerste deel van de vergadering geven we de directeur advies omtrent personele zaken en de invloed van die personele zaken op het vrijwilligerswerk van het NBG.

We spreken af dat we in onze bijeenkomst van november 2009 met de directeur zullen werken aan de opdrachtformulering inzake de zogenoemde Metadiscussie over "de NBG als Vrijwilligersbeweging", die we in 2010 breed zullen gaan voeren. We maken afspraken over de publicatie van allerlei bijgestelde statuten en reglementen en komen overeen dat we in november 2009 nader met elkaar in gesprek gaan over de verwachte actieplannen voor 2010 en voor de daaropvolgende jaren. Ook blikken we terug op de vorige Ledenraadsvergadering en op de aanstaande Ledenraadsvergadering van het NBG, het hoogste verenigingsorgaan van het NBG.

Ter vergadertafel ligt vandaag een eerste aanzet tot een strategisch kader voor de jaren 2010-2014, dat richting kan en zal geven aan de NBG-werkplannen en -begrotingen van de komende jaren. De resultaten van ons eerste verkennende gesprek over dit concept-kader zullen door de directeur worden megenomen in de aanstaande bestuursvergadering van volgende week.

Op mijn voorstel gaat de directeur van het NBG er van harte mee akkoord dat ook het NBG als deelnemende organisatie zal gaan deelnemen in het op 1 juni 2009 opgerichte platform voor Friese oecumene, genaamd Krúspunt (zie mijn weblogbericht van 1 juni 2009), waarmee het NBG laat zien dat zij ook achter de activiteiten staat die Krúspunt gaat organiseren ten behoeve van het bevorderen van het gebruik van de Friese taal in de Friese oecumene binnen en buiten de kerken. Het NBG zorgt ervoor dat de Bijbel zoveel mogelijk mensen bereikt en aanspreekt. Door zich te verbinden aan Krúspunt laat het NBG zien dat zij daarbij ook de Friese taal serieus neemt, waar het bijvoorbeeld specifiek gaat om "it Boek fan Heit, yn'e taal fan mem".

donderdag 25 juni 2009

Krúspunt op Radio Middelsé

Tongersdei 25 juny 2009

Radio-omropster Joukje Deelstra fan Radio Middelsé noege my koartlyn út om yn 'e radio-útstjoering fan jûn tusken seis oere en healwei sânen foar in fraachpetear yn 'e studio te kommen. It giet jûn oer de oprjochting fan Krúspunt, it Frysk Oekumenysk Platfoarm, dat de fuortsetting wêze sil fan it Kristlik Frysk Selskip (sjoch myn weblogberjocht fan 2 juny 2009).

Joukje hie yn it Frysk Deiblêd lêzen dat ik út namme fan en as bestjoerder fan 'e Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) ien fan 'e fjouwer oprjochters bin fan Krúspunt, wat har brocht ta it radio-fraachpetear fan hjoed.

It fraachpetear wurdt jûn streekrjocht útstjoerd en wurdt werhelle op sneintemoarn 28 juny 2009 tusken âlve oere en healwei tolven op Radio Middelsé. Yn it radiopraatsje giet it jûn fral oer de wize wêrop as Krúspunt oprjochte is, wêrom't Krúspunt sa wichtich is foar de hjoeddeistige en kommende Fryske oekumene en hokfoar tsjinstferliening Krúspunt fersoargje sil yn 'e kommende jierren.

Radio Middelsé stjoert radioprogramma's út yn it noarden fan Fryslân. It fraachpetear fan jûn mei my yn 'e Stienzer studio is it earste diel fan it radioprogramma "Tsjerke yn Beweging", dat alle tongersdeis en sneins útstjoerd wurdt op Radio Middelsé.

dinsdag 2 juni 2009

Krúspunt yn Jorwert oprjochte

Tiisdei 2 juny 2009
Wiep Koehoorn tekenet it karbrief, mei Paul Hekstra, Ellert Jongstra en Hinne Wagenaar















Jûn fûn yn ‘e âlde doarpstjerke fan Jorwert de feestlike oprjochtingsgearkomste plak fan Krúspunt, it nij Frysk Oekumenysk Platfoarm, fuortsetting van it wurk fan it Kristlik Frysk Selskip 1908-2008 (KFS).

Op inisjatyf fan de Rie fan Tsjerken yn Fryslân hawwe in grut tal organisaasjes dy’t harren rjochtsje op it befoarderjen en it brûken fan it Frysk yn tsjerke, yn earetsjinsten en dêrbûten yn 2008 in wurkgroep yn it libben roppen. Dizze tariedingsgroep moast der yn foarsjen dat der in nij Frysk Oekumenysk Platfoarm oprjochte wurde soe. Dat platfoarm bringt allerhanne ynformaasje en materiaal byinoar foar elkenien dy’t mear witte wol fan wat der allegearre beskikber is en dêrmei ek foar elk dy’t al it beskikber steld Frysktalig materiaal brûke wol yn en bûten tsjerke.

De mem fan in grut tal hjoeddeistige kristlik Fryske organisaasjes, it KFS, bliuwt noch in lyts tal jierren bestean om Krúspunt as in nij bern fan ‘e famylje grut te meitsjen. As Krúspunt har wurk as Frysk Oekumenysk Platfoarm goed opset hat, wurdt it mear as hûndert jier âlde KFS opheft. Krúspunt is de beëage organisaasje dy’t dan de eigentiidske fuortsetting wêze sil fan it KFS. It ynternet sil foar Krúspunt in wichtige wei wurde wêrmei't alle selsstannich bliuwende, dielnimmende Fryske organisaasjes harren ynformaasje en materiaal meiinoar wrâldkundig meitsje.

Yn it koar fan in folle Jorwerter tsjerke, yn it bywêzen fan notaris Van der Hem fan Jorwert is it karbrief fan Krúspunt op dizze Tredde Pinksterdei ûndertekene troch de fjouwer oprjochters fan Krúspunt: Ellert Jongstra fan it Ferbân fan Fryske Foargongers (FFF), Paul Hekstra fan it Project Hânsume Help, Wiep Koehoorn fan ’e Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) en Hinne Wagenaar fan it KFS.

Nei it passearjen fan de notariële akte wurde de earste bestjoerders fan Krúspunt presintearre oan alle oanwêzigen. De bestjoerders binne Douwe Gerbens út namme fan ’e KFFB, Eelke Goodijk út namme fan ‘e Frysk Oekumenyske Wurkferbannen, Toos Reichman út namme fan ‘e Beriedsgroep Earetsjinst en Tsjerkemuzyk en Warner Veltman út namme fan it FFF. Foarsitter wurdt Liuwe Westra fan it KFS, skriuwer wurdt Tytsje Hibma fan ’e Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst en ponghâlder wurdt Piet Miedema fan it KFS. Foarsitter Liuwe Westra sprekt nei de ûndertekening syn iepeningstaspraak út.

Nei it skoft fersoarget it Kwartettekoar fan Itens ûnder lieding fan Hindrik van der Meer in blier muzikaal programma as wie it in priuwerij fan allerhanne Frysktalige lieten om nei te harkjen en fral ek om mei te sjongen. Oan ’e ein fan ’e jûn gean de oanwêzigen alhiel optein werom nei hûs. In lyts tal giet yn de betide jûnskimer rinnendewei trocht de fjilden wer werom nei de auto. Hja rinne werom nei de tsjerke fan Leons, dêr’t in grut tal fan de dielnimmers oan it begjin fan de jûn als pylgers oer in part fan it Fryske Jabikspaad rûn fan Leons nei dizze tige slagge oprjochtingsgearkomste fan Krúspunt, yn ’e tsjerke fan Jorwert.

(foto: Pastoar Jan Romkes van der Wal fan Boalsert)

vrijdag 8 mei 2009

Bestjoersgearkomste fan 'e KFFB yn Ljouwert

Freed 8 maaie 2009

De bestjoersgearkomste fan 'e Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) is hjoed yn 'e Kurios-tsjerke fan Ljouwert. Earst prate wy oer in grut tal útgeande en ynkommen stikken. Foar ús kommende útjeften en oare projekten besprekke wy de eigen en eksterne finansjele mooglikheden om dy te realisearjen.

Wy komme wer in stapke fierder yn de diskusje oer in beëage nije bernebibel. De KFFB is frege mei wat goed nijs foar de bern te kommen. Soks keallet swier, mar wy sille alle war dwaan. Op 2 juny 2009 sil Krúspunt - it nije platfoarm foar Fryske oekumene - oprjochte wurde. As KFFB binne wy mei-oprjochter fan dit weardefol moetingsplak fan allerhande organisaasjes dy't it bêste foar hawwe mei it Frysk yn 'e earetsjinst en op oare plakken yn en bûten Fryslân.

Mei finansjele help fan it Mariënburgfûns sil de KFFB oan alle fjirdejiers studinten fan de Kristlike Oplieding ta Learkrêft Basisûnderwiis fan Stenden hegeskoalle te Ljouwert op 5 juny 2009 in eksimplaar oanbiede fan ús KFFB-muzykbondel de "Wylde Goes". Wy riede ús ynbring fan dizze gearkomste ta. En ta beslút wurdt lang praat oer it kommende jubileum fan it 75-jierrich bestean fan 'e KFFB, dy't ekstra feestlik wurde sil mei in grutte jubileumgearkomste yn jannewaris 2010 en mei in bysûndere útjefte fan in "Tinkskrift 75 jier KFFB".