Posts tonen met het label dichtbondel. Alle posts tonen
Posts tonen met het label dichtbondel. Alle posts tonen

zaterdag 12 januari 2013

Neilêzing



Sneon 12 jannewaris 2013
De dichtbondel 'Neilêzing' van Atze Bosch

Earste dichtbondel
In ‘letbloeier’, sa wurdt de dichter-skriuwer Atze Bosch (1927-2011) neamd op ’e efterflap fan syn twadde dichtbondel. Syn earste dichtbondel ‘Alles op syn tiid’ ferskynde by de KFFB yn jannewaris 2009, doe’t Bosch al oer de tachtich jier wie. In wiere letbloeier. As bestjoer fan de Kristlik Fryske Folksbibleteek hawwe wy Atze yn de KFFB-jiergearkomste fanjannewaris 2009 it earste eksimplaar útrikt fan syn moaie earste dichtbondel. Dat wie in fertsjinne kroan op alle fersen, dy’t er skreaun hie.

Twadde dichtbondel
Mar Atze Bosch hie folle mear poëzy skreaun. Dat doe’t twa jier letter - ein 2011 - syn ierdske libbensreis dien wie, lei der noch mear as genôch om in twadde bondel út te jaan. In nije, twadde dichtbondel waard nei Bosch syn ferstjerren gearstald troch in kommisje, besteande út syn omkesizzer Janke Feenstra-Bosch, skriuwster-sjongeres Grytsje Kingma-Zantema en dr. Bernard Smilde (sweager fan Atze).
Yn novimber 2012 wie syn twadde bondel ferzen klear en op 16 novimber 2012 wie ik der by yn Tresoar yn Ljouwert, doe’t postúm de twadde dichtbondel fan Bosch by de KFFB ferskynde. Dy bondel krige as titel: ‘Neilêzing’, as ferwizing nei it weardefolle, dat op it lân noch efterbliuwt, nei de rispinge. Op it omslach stiet in bypassende foto fan frou J.Y. Sijens-Wassenaar.

Neilêzing
Bosch syn teksten sprekke oan troch suver en linich taalgebrûk, en springe der bytiden út troch geastige en geastlike rykdom. Wa’t syn pinnefruchten lêst, sil soks wis ûnderfine.
De 66 gedichten yn dizze nije dichtbondel fan de KFFB binne printe yn de folgjende acht tema’s:
  1. Fryslân en it Frysk, mei bygelyks it moaie gedicht oer ‘De emigrant’ en oer ‘De Bonkefeart’.
  2. Leafde en lok; mei ‘Ljochtmoannenacht’ mei linige fersrigels lykas: ‘Tusken beamkeguod en reiden, op ‘e grins fan heide en fean, by de bosk-omseame greiden sjochst in boerespultsje stean’;
  3. Boerelân en boerelibben; mei in hjerstich tredde koeplet yn it ‘Jister-Trijelûk’;
  4. Jier en dei; lês dêr yn ‘Ofskie fan ‘e dei’ oer ‘in berntsje, skjin tenein troch mem yn ’t smûke bedsje lein,’;
  5. Bisten en blommen; mei ‘Snie’, dat alles wisket ûnder in wintersk bewâld, foar in bern in toverwrâld;
  6. Lieten út oratoaria, lykas: Ruth, Mozes en ‘It ljocht fan ‘e wrâld’;
  7. Om Krysttiid hinne; fan, oer en tusken ‘Krêbe en krús’;
  8. Oare geastlike teksten, mei de oersetting ‘De minsken fan foarby’, hja binn’yn it ljocht, binn’frij.
By josels begjinne
As bestjoerder fan de KFFB haw ik Atze Bosch yn de ôfrûne jierren kennen leard as in freonlik en beskieden man. Syn moaie gedicht ‘Net in oar’ stiet ek yn dizze nije bondel. It is in gedicht dat dy beskieden Atze Bosch as Neilêzing fan syn skriuwsels oan ús oerlanget as wy eltse nije dei begjinne; thús, op it wurk, yn tsjerke, op it sportfjild en op strjitte. Tink dan nochris oan en libje dizze wurden fan Atze Bosch:

Net in oar

Jei dei oan dei de frede nei;
dêr moatte wy nei stribje,
dat jong en âld op hiel de wrâld yn frede en leafde libje.

Mar dy’t soks wol, ferwachtingsfol,
moat net in oar oerwinne,
mar earst teset oer eigen hert en by himsels begjinne.
 

zaterdag 16 juli 2011

Moeting mei de dea

Sneon 16 july 2011

Wisse Alfred Pierre Smit (1903-1986) – in dominyssoan út Heumen - wie in ferneamd heechleraar yn Utert. Hy skreau in grut tal wittenskiplike wurken op it mêd fan letterkunde en literatuerhistoarje. Doe’t Pierre Smit syn wittenskiplik wurk ôfsletten hie, namen syn krêften ôf, rekke hy slim siik, swevend tusken libben en dea.

Yn die swiere tiid fan deasiik wêzen, begûn Smit wer fersen te skriuwen. Soks hie hy yn syn jongere jierren ek al dien. Yn 1927 ferskynde bygelyks syn dichtbondel ‘Feesten van ’t jaar’, dy’t in soad yndruk makke. Oan de ein fan syn libben begûn Smit kwatrinen te skriuwen. Yn 1984 begûn syn poëtysk skriuwen wylst er fan syn siik wêzen in soad pine hie. Yn de lange, drege nachten skreau Smit syn kwatrinen. It 150e kwatryn wie klear yn it begjin fan 1985. Fansels binne soksoarte fan gedichten persoanlike skriuwsels, mar se binne sa goed skreaun dat men dizze kwatrinen mei bliuwend fêste oandacht lêst.

Hûndert fan dizze 150 kwatrinen hat Smit oardere ta in dichtbondel, dy’t nei de dea fan W.A.P. Smit (yn 1986) ferskynde by útjouwer Kok út Kampen mei de titel: ‘Ontmoeting met de dood’. Dizze dichtbondel lit op tige minsklike wize wat fan syn deadseangst sjen en fan Smits ferwachting om opnommen te wurden yn de hearlikheid fan it Keninkryk fan syn en fan ús Himelske Heit.

Doe’t ik noch yn it bestjoer siet fan de Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB) kaam de Fryske KFFB-skriuwer Jan Dotinga fan Koatstertille by it KFFB-bestjoer mei de fraach oft wy syn Fryske oersetting fan dizze dichtbondel yn it fûns fan de KFFB opnimme woenen. De oersetting fan sa’n krêftige dichtbondel komt krekt, dat it is perfoarst gjin lúkse dat oersetter Jan Dotinga de taalkundige KFFB-ers Dick Eisma en Jacobus Knol tank seit foar harren stipe by dizze oersetting. De yn it Nederlânsk skreaune kwatrinen binne knap oerset troch Jan Dotinga. De KFFB hat de útjefte fan dizze dichtbondel yn 2011 fersoarge ûnder KFFB-nummer 467 en dizze bondel mei de searje fan 100 kwatrinen is no te keap by de KFFB foar € 7,50. De Fryske titel fan de dichtbondel is: ‘Moeting mei de dea’.

Om ris te sjen hoe’t soks giet, sjogge jo hjirûnder de Nederlânske ferzje fan Pierre Smit fan syn kwatryn ‘Janua aperta' (De deur staat open):
“De dokter heeft het mij vandaag gezegd:
Het kan met mij opeens zijn afgelopen.
Op dat moment heeft God Zijn hand gelegd
Over de mijne: Kijk, de deur staat open.”

Jan Dotinga hat ‘Juana aperta’ (De doar stiet iepen) sa yn it Frysk oerset:
“De dokter hat it hjoed al tsjin my sein:
’t Kin mei my ôfrûn wêze sa ynienen.
Op dat momint hat God syn hannen lein
Oer mines hinne: Sjoch, de doar stiet iepen.”

Sintraal steane yn de kwatrinen fan Smit it deasiik wêzen, it ferstjerren en it dea wêzen. Dotinga jout oan dizze tema’s fan Smit de folgjende beskriuwings yn it Frysk:

It deasiik wêzen:
- op troch him begrinzge grûn;
- tebekgong fan myn krêften;
- d’ ein fan it libbenspaad;
- De wjerglâns fan syn fingers dy’t my winke;
- wachtsje sûnder roer;
- myn wintertiid;
- yn strime en swypslach;
- op reis nei ’t himelsk heitelân;
- dizze lette oere fan myn libben;
- sit de dea by my oan ’t bêd;
- de swiere striid om myn ferlingd bestean.


It ferstjerren:
- de lêste grins fan it libben;
- ’t Momint fan oergong;
- de ein;
- yn dat ljocht opnommen;
- de oere fan út elkoar te gean;
- dat de ivichheid my ta har sûcht;
- alle grinzen sille iepen brekke;
- de nacht begjint te brânen;
- ferreizgje;
- efter myn eagen wurdt it tsjuster gloed;
- troch de dea nei Him ferheffe;
- nei de grins fan ’t libben driuwe;
- omheech nei Him tasûge.

It dea wêzen:
- Yn ’t ljocht te wêzen;
- troch ’t ivich libben wonken;
- syn ûneinich en ûnmjitlik wiid;
- Seizoenleas wêze;
- de rêst;
- oan de ivichheid besibbe
.

Och sa moai bringt Jan Dotinga it proses fan it dichtsjen út de kwatrinen fan W.A.P. Smit nei syn oersetting yn it Frysk, lykas:
‘Mar yn myn geast binn’ fersen oan it driuwen
Dy’t as kwatryn sykj’ om in berteweach.’

maandag 26 januari 2009

Alles op syn tiid

Moandei 26 jannewaris 2009

"De tiid fljocht as it spoar;
wy binne 't spoar faak bjuster,
want hjoed wie juster moarn,
mar moarn is hjoed wer juster."

Sa begjint de nije dichtbondel fan Atze Bosch. As bestjoer fan 'e Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) binne wy der wiis mei dat wy op sneon 17 jannewaris 2009 dizze dichtbondel publisearre hawwe, mei de oanbieding fan it earste eksimplaar oan ús Fryske skriuwer-dichter Atze Bosch (sjoch dêrta myn weblogberjocht fan dy dei).

Atze Bosch - berne yn 1927 - begûn syn dichterlik wurk as oersetter fan koarlieten foar it Kritekoar yn Hilversum, dêr’t er doe syn wurk hie. By ferskate gelegenheden oppenearre er him as dichter fan geastige en geastlike teksten. Sûnt syn pensjonearring hat er hiel wat teksten skreaun, sawol oersette as frije, û.o. lietteksten foar de oratoaria ‘Mozes’, ‘Ruth’ en ‘It Ljocht fan de wrâld’.

Yn oparbeidzjen mei syn sweager dr. Bernard Smilde kaam yn 1993 de bondel ‘Sjonge by de Bibel’ út, dêr’t Atze Bosch mear as hûndert lietteksten foar oersette of skreau op tema’s út it Alde en Nije Testamint.
Foar de bondel ‘Tuskentiden’ (2006) levere Bosch 54 teksten.
Yn 2008 ferskynde by ús Fryske Boekeklub - de KFFB - de Ionabondel ‘Wylde Goes, mei lieten út Glasgow en Iona’, yn in oersetting fan Atze Bosch (sjoch dêrta myn weblogberjocht fan 1 novimber 2008).

De nije dichtbondel "Alles op syn tiid" befettet 44 Frysktalige fersen en de 45e is in Hollânske oersetting fan it Frysktalige fers "De Pylger". Dizze fersen binne oardere yn sân tema's. Oan de ein is noch in tal oantekens oer de 45 fersen skreaun. It boek hat KFFB-nûmer: 451 en ISBN-nûmer: 978 90 74918 6951. Yn 'e boekhannel èn by de KFFB kinne jo dizze moaie dichtbondel keapje foar € 14,50. Foar KFFB-leden is de priis by de KFFB € 12,50.

Faaks wolle jo ek lid wurde fan ús feriening de Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB). It lidmaatskip fan 'e KFFB kostet mar € 27,00 yn 't jier. Dêrfoar krije jo mar leafst trije kear yn 't jier (yn febrewaris, maaie en septimber) in nije roman-útjefte; en de Frysk literêre krante "De fleanende krie" krije jo der dan ek noch trije kear mei op ta. Fia ynternet kinne jo fuortendaliks lid wurde op 'e side: http://kffb.nl/nijlid.html