Posts tonen met het label Rie fan Tsjerken yn Fryslân. Alle posts tonen
Posts tonen met het label Rie fan Tsjerken yn Fryslân. Alle posts tonen

woensdag 17 december 2008

KFFB-bestjoersgearkomste yn 'e Ljouwerter Kurios-tsjerke

Woansdei 17 desimber 2008

It foltallich bestjoer van de Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) komt hjoed wer gear. Koster frou Dijkstra betsjinnet ús trou lykas de oare kearen, mar no foar it lêst, want nei mear as 30 jier komt in ein oan har kosterswurk yn "har" Kurios-tjserke fan Ljouwert.

Wy binne bliid mei de finansjele stipe dy't ús tasein is fan it Mariënburgfûns. No kinne wy in grut tal studinten fan 'e Kristlike Oplieding ta Learkrêft Basisûnderwiis fan de Stenden hegeskoalle fan Ljouwert yn 'e kunde komme litte mei ús nije Ionabondel, mei as doel dat ek ús Fryske oersettings fan dizze Ionalieten troch dizze studinten yn de kristlike basisskoallen fan Fryslân bekend wurde.

Wy prate oer de feiligens fan ús thússide, oer in nije Fryske oersetting fan in boek fan Elie Wiesel, oer in bewurking fan in âlde KFFB-útjefte, oer in swiere manuskript-beoardieling, oer de jiergearkomste en oer ús meiwurking as útjouwer oan de kommende oprjochting fan in nij Platfoarm foar Fryske Oekumene (PFO), dy't bedoeld is as fuortsetting fan it hjoeddeistige Kristlik Frysk Selkip (KFS). De KFFB stiet fan herten achter dit inisjatyf fan de Rie fan Tsjerken yn Fryslân en sil alle war dwaan om der mei alle oare belangstellende Fryske organisaasjes op eigentiidse wize wat moais fan te meitsjen. Ik bin út namme fan it KFFB-bestjoer op it stuit ôffurdige yn 'e opstartwurkgroep fan it nije PFO en hjoed hat in oare KFFB-bestjoerder har beskikber steld om yn it PFO-oprjochtingsbestjoer in bestjoerssit yn te nimmen as alle plannen foar it PFO trochgeane.

zaterdag 4 oktober 2008

Breinstoarmdei KFS-Platfoarm foar Fryske Oekumene

Sneon 4 oktober 2008

As Opstartgroep fan boppesteand platfoarm hawwe wy allerhande groepen en yndividuen dy't harren ynsette foar Fryske oekumene útnoege foar de Breinstoarmdei fan hjoed yn De Hege Stins fan Stiens. Wy ferwachten sa'n 30 minsken, mar de opjefte rûn op ta 38 dielnimmers. In soad Frysk-religieuze organisaasjes binne yn harren fertsjinwurdige. Dat liket mar op!

Om tsien oere iepene wy mei de hiele groep dielnimmers liturgysk ûnder lieding fan ús foarsitter dû. Hinne Wagenaar en muzikus Jan Breimer. Trije kear geane alle dielnimmers ûnder myn lieding hjoed yn trije groepen útinoar yn de bysealen ta breinstoarmjen oer ús trije haadfragen.

De earste haadfraach is wêr de Fryske Oekumene ferlet fan hat. Sintraal steane Produksje & Utwikseljen fan Ynformaasje & Materiaal ta Ynspiraasje & Spiritualiteit & Besinning en dêrby foar hokfoar doelgroepen dat wêze kin. Ek giet it yn dizze earste sesje oer Ynformaasje & Materiaal ta Foarming & Tarissing & Oplieding & Leare & Diskusje & Debat.

De twadde haadfraach is fan hokfoar Ynformaasje & Materiaal de Fryske Oekumene ferlet hat. Wy prate dan troch oer op hokfoar wize oanbieders dat oanbiede kinne èn op hokfoar wize fragers dat freegje kinne.

De tredde haadfraach is fan hokfoar organisaasje de Fryske Oekumene ferlet hat. Wy prate oer Yndividuele leden & Organisaasjeleden & Stipers. Wurdt it in selstânnige Stifting, in Feriening of wolle wy in Platfoarm ûnder de hoede fan bygelyks it Kristlik Frysk Selskip (KFS) of fan de Rie fan Tsjerken yn Fryslân. En no al freegje wy ek nei een passende namme, dy't seit wa't wy binne en wat wy betsjutte foar Fryslân en de Friezen. En hoe komme wy oan eigen jild en fûnsen foar dit mienskiplik wurk?

Oan de ein fan 'e middei komme wy nochris byinoar yn de grutte byseal fan De Hege Stins om koart gear te fetsjen wat wy hjoed dien hawwe en op hokfoar wize wy no mei inoar fierder geane. Us liturgyske ôfsluting is wèr yn de tsjerkeseal, wêr't wy inoar ta beslút it prachtige nije Fryske liet as seine inoar tasjonge, dat moarn yn de nije Iona-sjongbundel "Wylde Goes" fan ús KFFB publisearre wurdt yn de Oase fan Drachten. Nei it sûpke, hapke en ôfskie geane dizze och sa belutsen dielnimmers wèr op nei hûs, faaks mei noch de seine fan ús einliet yn 'e holle: "De frede fan 'e greiden wês oer dy, de frede fan mar en lân. Djippe frede mei komme oer dy. Mei Gods frede no groeie yn dy."

woensdag 14 mei 2008

Platfoarm foar Fryske Oekumene yn Wurdum



Woansdei 14 maaie 2008

Yn de Fikary yn Wurdum komme we as oprjochtingsbestjoer foar de twadde keer gear om nei te tinken op hokker wize Fryske organisaasjes dy't dwaande binne mei Frysk yn 'e eretsjinst yn de mande mei it Kristlik Frysk Selskip (KFS) en yn gearwurking mei de Rie fan Tsjerken yn Fryslân in nij platfoarm foar Fryske oekumene gearstalle kinne.

Wy prate oer wêr ferlet fan is yn Fryske tsjerken en yn oare Fryske kristlike organisaasjes en op hokker wize it KFS yn de takomst hjirby bygelyks in licht koördinearjende rol spylje kin.

Foar de simmer wolle wy allerhanne Fryske organisaasjes noegje om kommende hjerst mei ús nei te tinken oer wat yn de kommende jierren foar de Fryske Oekumene, foar it Frysk yn 'e eretsjinst wiis is.