Posts tonen met het label Platfoarm. Alle posts tonen
Posts tonen met het label Platfoarm. Alle posts tonen

maandag 6 april 2009

Lêste gearkomste ta oprjochting Frysk oekumenysk platfoarm

Moandei 6 april 2009

Nochris komt ús oprjochtingswurkgroep gear yn Wurdum foar de lêste tariedings ta de oprjochting fan in nij Frysk oekumenysk platfoarm. It Kristlik Frysk Selskip (KFS) wurdt no noch net ûntbûn sa't earder noch it doel wie. De KFS-leden hawwe yn 'e Ledegearkomste 2009 yn Stiens frege om it KFS noch in skoftsje oerein te hâlden, oan't dit nije platfoarm har wearde wier makke hat as fuortsetter fan it wurk fan it KFS.

Hjoed karre wy de lêste feroarings yn it konsept fan it karbrief fan 'e notaris goed. No is ek bekend wa't de earste sân bestjoerders wurde fan it nije platfoarm. En hjoed beslute wy ek wat de nije namme wurdt fan it platfoarm. In wichtige gearkomste, want no binne wy klear om de nije stifting notarieel op te rjochtsjen. Dat it sil no wêze.

Wy hawwe der hjoed net safolle wurk fan om ek fuortendaliks de datum, de lokaasje en it programma fan 'e oprjochtinggearkomste fêst te lizzen. Us skriuwer hat fuort ek al in konsept fan it útnoegingsbrief klear makke, dat it duorret net lang en wy binne klear.

Alle beëage dielnimmende organisaasjes wurde ynkoarten útnoege om oer in tal wiken de feestlike oprjochtingsgearkomste mei de notaris yn ús fermidden by te wenjen. As it programma dat wy op it each hawwe ek sa útfierd wurde kin, sette wy noch foar kommende simmer mei fleur en faasje útein. Fryslân is dan in weardefol platfoarm ryker, wêrfan in soad grutte en lytse organisaasjes mei in kristlike sinjatuer no al oanjûn hawwe dat hja ferlet hawwe fan sa'n fysyk en fral firtueel nij moetingsplak foar Fryske oekumene.

dinsdag 11 november 2008

Gearkomste Platfoarm Fryske Oekumene yn wurding yn Wurdum

Tiisdei 11 novimber 2008

Op 4 oktober 2008 organisearren wy as oprjochtingswurkgroep in saneamde Breinstoarmdei foar alle organisaasjes en belutsen minsken dy 't harren dwaande hâlde mei Frysk yn tsjerke, mei Fryske oekumene of bygelyks ek mei Fryske liturgy foar de earetsjinst. Wy binne der tige wiis mei dat safolle minsken op dy sneon nei Stiens kommen binne om meiinoar nei te tinken en meielkoar te praten oer wêr't de Fryske Oekumene ferlet fan hat, fan hokfoar ynformaasje & materiaal de Fryske Oekumene ferlet hat èn fan hokfoar organisaasje ús Fryske Oekumene ferlet hat.

Sûnt dy oktobersneon hawwe wy as provinsjale oprjochtingswurkgroep in wiidweidich ferslach makke fan 'e rike rispinge fan dy dei. Dat ferslach hawwe wy no ek analysearre en der in nij dokument fan makke, dat wy neamd hawwe: "Analyze fan 'e Befinings fan Stiens".

Dy analyze besprekke wy as oprjochtingswurkgroep hjoed fan alle kanten yn ús gearkomste yn 'e Wurdumer Fikarij. Wy sjogge yn dat it goed west hat om dy breinstoarmdei te hâlden. Der blykt yndie in grut ferlet te wêzen fan nije produksjes en fan útwikseljen fan besteand materiaal ta ynspiraasje, spiritualiteit, besinning, foarming, tarissing, oplieding, leare, diskusje en debat. Wy hawwe no ek better foar eagen op hokfoar wize minsken en organisaasjes materiaal en ynformaasje freegje en oanbiede wolle en kinne. De dielnimmers fan dy breinstoarmdei holpen inoar ek tige by it neitinken op hokfoar wize wy dit provinsjaal organisearje kinne en hokker nammen mooglik goed passe by sa'n nije stifting, platfoarm, sintrum of koepel.

Nei dy oktoberdei binne wy der wis fan dat de nije koers fan 'e Fryske Oekumene een breed draachflak hat, dat wy binne no folslein op koers nei in nij "Platfoarm Fryske Oekumene" (PFO), dat nei alle gedachten de de kommende ieu de fuortsetting wurde kin fan it hjoeddeistige Kristlik Frysk Selskip (KFS). It KFS is de mem fan in soad Fryske organisaasjes dy't harren wurk yn Fryslân dogge op it mêd fan tsjerke & leauwen. It KFS nimt as ieuweling (1908-2008) no gelokkich de organisaasjes foar Fryske Oekumene - dy't soks wolle - ûnder de waarme hoede mei yn de kommende ieu. It kommende jier sil een wichtich jier wurde. Mei fjoer & faasje sille wy oan it wurk foar de oekumene fan Fryslân, en foar in part ek dêrbûten.

Alle dielnimmers fan de Breinstoarmdei fan 4 oktober 2008 en oare belangstellenden krije ynkoarten it hiele oktoberferslach mei de byhearrende novimberanalyze. Hja krije ek allegearre ús saneamde Koersbrief, dy't ynformaasje jout oer de koers dy't wy op it stuit foar eagen hawwe. Wy koerse oan op in Platfoarm Fryske Oekumene mei in nij bestjoer dat gearstald wurdt út hjoeddeistige Fryske organisaasjes dy't meiinoar de Fryske Oekumene in waarm hert tadrage. Wa't stypje wol is wolkom.

zaterdag 4 oktober 2008

Breinstoarmdei KFS-Platfoarm foar Fryske Oekumene

Sneon 4 oktober 2008

As Opstartgroep fan boppesteand platfoarm hawwe wy allerhande groepen en yndividuen dy't harren ynsette foar Fryske oekumene útnoege foar de Breinstoarmdei fan hjoed yn De Hege Stins fan Stiens. Wy ferwachten sa'n 30 minsken, mar de opjefte rûn op ta 38 dielnimmers. In soad Frysk-religieuze organisaasjes binne yn harren fertsjinwurdige. Dat liket mar op!

Om tsien oere iepene wy mei de hiele groep dielnimmers liturgysk ûnder lieding fan ús foarsitter dû. Hinne Wagenaar en muzikus Jan Breimer. Trije kear geane alle dielnimmers ûnder myn lieding hjoed yn trije groepen útinoar yn de bysealen ta breinstoarmjen oer ús trije haadfragen.

De earste haadfraach is wêr de Fryske Oekumene ferlet fan hat. Sintraal steane Produksje & Utwikseljen fan Ynformaasje & Materiaal ta Ynspiraasje & Spiritualiteit & Besinning en dêrby foar hokfoar doelgroepen dat wêze kin. Ek giet it yn dizze earste sesje oer Ynformaasje & Materiaal ta Foarming & Tarissing & Oplieding & Leare & Diskusje & Debat.

De twadde haadfraach is fan hokfoar Ynformaasje & Materiaal de Fryske Oekumene ferlet hat. Wy prate dan troch oer op hokfoar wize oanbieders dat oanbiede kinne èn op hokfoar wize fragers dat freegje kinne.

De tredde haadfraach is fan hokfoar organisaasje de Fryske Oekumene ferlet hat. Wy prate oer Yndividuele leden & Organisaasjeleden & Stipers. Wurdt it in selstânnige Stifting, in Feriening of wolle wy in Platfoarm ûnder de hoede fan bygelyks it Kristlik Frysk Selskip (KFS) of fan de Rie fan Tsjerken yn Fryslân. En no al freegje wy ek nei een passende namme, dy't seit wa't wy binne en wat wy betsjutte foar Fryslân en de Friezen. En hoe komme wy oan eigen jild en fûnsen foar dit mienskiplik wurk?

Oan de ein fan 'e middei komme wy nochris byinoar yn de grutte byseal fan De Hege Stins om koart gear te fetsjen wat wy hjoed dien hawwe en op hokfoar wize wy no mei inoar fierder geane. Us liturgyske ôfsluting is wèr yn de tsjerkeseal, wêr't wy inoar ta beslút it prachtige nije Fryske liet as seine inoar tasjonge, dat moarn yn de nije Iona-sjongbundel "Wylde Goes" fan ús KFFB publisearre wurdt yn de Oase fan Drachten. Nei it sûpke, hapke en ôfskie geane dizze och sa belutsen dielnimmers wèr op nei hûs, faaks mei noch de seine fan ús einliet yn 'e holle: "De frede fan 'e greiden wês oer dy, de frede fan mar en lân. Djippe frede mei komme oer dy. Mei Gods frede no groeie yn dy."