Posts tonen met het label Mariënburg. Alle posts tonen
Posts tonen met het label Mariënburg. Alle posts tonen

woensdag 17 december 2008

KFFB-bestjoersgearkomste yn 'e Ljouwerter Kurios-tsjerke

Woansdei 17 desimber 2008

It foltallich bestjoer van de Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) komt hjoed wer gear. Koster frou Dijkstra betsjinnet ús trou lykas de oare kearen, mar no foar it lêst, want nei mear as 30 jier komt in ein oan har kosterswurk yn "har" Kurios-tjserke fan Ljouwert.

Wy binne bliid mei de finansjele stipe dy't ús tasein is fan it Mariënburgfûns. No kinne wy in grut tal studinten fan 'e Kristlike Oplieding ta Learkrêft Basisûnderwiis fan de Stenden hegeskoalle fan Ljouwert yn 'e kunde komme litte mei ús nije Ionabondel, mei as doel dat ek ús Fryske oersettings fan dizze Ionalieten troch dizze studinten yn de kristlike basisskoallen fan Fryslân bekend wurde.

Wy prate oer de feiligens fan ús thússide, oer in nije Fryske oersetting fan in boek fan Elie Wiesel, oer in bewurking fan in âlde KFFB-útjefte, oer in swiere manuskript-beoardieling, oer de jiergearkomste en oer ús meiwurking as útjouwer oan de kommende oprjochting fan in nij Platfoarm foar Fryske Oekumene (PFO), dy't bedoeld is as fuortsetting fan it hjoeddeistige Kristlik Frysk Selkip (KFS). De KFFB stiet fan herten achter dit inisjatyf fan de Rie fan Tsjerken yn Fryslân en sil alle war dwaan om der mei alle oare belangstellende Fryske organisaasjes op eigentiidse wize wat moais fan te meitsjen. Ik bin út namme fan it KFFB-bestjoer op it stuit ôffurdige yn 'e opstartwurkgroep fan it nije PFO en hjoed hat in oare KFFB-bestjoerder har beskikber steld om yn it PFO-oprjochtingsbestjoer in bestjoerssit yn te nimmen as alle plannen foar it PFO trochgeane.

dinsdag 1 juli 2008

Troch jo ljocht sjogge wy it libbensljocht

Dinsdag 1 juli 2008
In het Stiltecentrum van het Ontmoetingscentrum van Stenden hogeschool te Leeuwarden bevinden zich in de noord- en in de zuidmuur twee gebrandschilderde ramen. Achter deze hoge ramen zit een lichtbak, zodat het licht de hele dag de voorstelling van beide ramen kleurrijk toont.
Deze ramen zijn nog afkomstig uit de oude Leeuwarder Kweekschool Mariënburg, waaruit de huidige Christelijke Opleiding tot Leraar Basisonderwijs deels voortkomt.
De ramen zijn ontworpen door P. Verhoeff, geproduceerd door Glashandel Sneek in september 1952.

De Psalmtekst van het noordraam luidt: "Bij U is de levensbron"; afkomstig uit de oude (gezongen) Psalmberijming uit 1773 van Psalm 36 vers 3:
> Bij U, Heer, is de Levensbron;
> uw licht doet klaarder dan de zon
> ons 't heug'lijk licht aanschouwen.

De Nieuwe Bijbelvertaling (NBV) van het Nederlands Bijbelgenootschap (NBG) brengt de bijbehorende Bijbeltekst als volgt tot ons:
> want bij u is de bron van het leven,
> door úw licht zien wij licht.

En ús hjoeddeiske Fryske Bibel (ek fan it NBG) brûkt hjir de wurden:
> By Jo is de boarne fan it libben;
> troch jo ljocht sjogge wy it libbensljocht.

It keunstljocht yn it Stiltesintrum fan de Ljouwerter Stenden hegeskoalle bringt ús alle dagen dizze bliere wurden, mar jo moatte dan dochs wol efkes fierder lêze om dat libbensljocht op jo geastlik netflues te krijen.