Posts tonen met het label tinkboek. Alle posts tonen
Posts tonen met het label tinkboek. Alle posts tonen

woensdag 19 november 2008

KFFB-bestjoersgearkomste yn Ljouwert

Woansdei 19 novimber 2008

It foltallich bestjoer van de Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) komt hjoed gear yn in seal fan de Kuriostsjerke fan Ljouwert. Wy sjogge werom op it wurk dat wy de ôfrûne wiken dien hawwe. Twa manuskripten komme net troch ús karkommisje. De iene skriuwer hawwe wy spitigernôch al útlein wêrom't net kin en oer in oar manuskript is noch tefolle twifel, dat dêr sil nochris nei sjoen wurde, mar it sil hjir al swier kealje. Mei de boeken dy't al wol yn 'e prizen falle, giet it mei it útjouproses goed. Der komt kommend jier ek in nije Fryske oersetting fan in bekend bûtenlânsk skriuwer.

Fierder prate wy noch oer it Tinkboek foar ús 75jierig jubileum en wy hawwe it programma klear foar ús jierlikse ledegearkomste fan 17 jannewaris 2009. Wy binne wiis mei de muzykgroep dy't dan in optreden fersoarget en mei de sprekker dy't mei in lêzing komt oer ien fan de lêste KFFB-útjeften. Yn de bestjoersgearkomste fan desimber 2008 sil it folsleine programma klear wêze.

woensdag 8 oktober 2008

KFFB-gearkomste yn de Kurios-tsjerke fan Ljouwert

Woansdei 8 oktober 2008

In mânske wurklist leit hjoed op tafel foar de bestjoersgearkomste fan ús Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB). Wy sjogge werom op wat sûnt de foarige gearkomste troch ús bestjoersleden allegearre dien is, lykas it wurk fan ús karkommisje, it oanfreegjen fan subsydzje om ús nije Iona-lietebondel publisearje te kinnen, in nije dichtbondel dy't yn jannewaris 2009 ferskynt en ek ús KFFB-bydrage oan & de evaluaasje fan de Breinstoarmdei oer Fryske Oekumene fan ôfrûne sneon yn Stiens.

Wy prate ek oer it publisearjen fan KFFB-harkboeken yn 'e mande mei in oare organisaasje, oer de ôfsluting fan de Sutelaksje yn Drachten op 18 oktober 2008, oer ús útjefteprogramma fan 2009 en oer de KFFB-jiergearkomste fan 17 jannewaris 2009. En as redaksje presintearje Corry Rozendal, Tialda Dijkstra en ik ús ynhâldlik útstel ta in KFFB-tinkboek dat ferskine sil by gelegenheid fan it 75-jierrich bestean fan 'e KFFB yn desimber 2009.