Omslach fan '' Ut'e Heilige Dobbe' |
Skiednis fan de Fryske Bibel
Yn myn searje boekbesprekken oer it ûntstean fan de Fryske Bibel gean ik no yn op de Frysktalige publikaasje ‘Ut'e Heilige Dobbe’, dy't in útjefte is fan 1919, fan (en printe is by) A.J. Osinga fan Snits. Dit boek is skreaun troch Dr. G.A. Wumkes. Sintraal yn dit boek stiet it Bibelfrysk; sadwaande is dat ek de ûndertitel fan dizze publikaasje.
Searje fan boekbesprekken oer de Fryske Bibel
Myn eardere boekbesprekken oer it ûntstean fan de Fryske Bibel gienen al yn op de publikaasjes:
- De Friesche Bijbel - W. Hielkema - 6 juny 2016;
- Bijbelfriesch – Dr. G.A. Wumkes - 16 juny 2016;
- By de Fryske Bibel - E.B. Folkertsma & S.E. Wendelaar Bonga - 22 augustus 2016;
- Een nieuwe Friese Bijbelvertaling / In nije Fryske Bibeloersetting - 10 desimber 2018.
Foarwurd
Wumkes begjint dit lytse boekje fan 88 siden mei in foarwurd fan oardel side. Hy wol earst ris wat fan syn ideeën oan de lêzers meijaan, om dêrnei in tal Bibel-lûkjes iepen te setten, om syn lêzers ien en oar priuwe te litten fan de Fryske Bibel, dy't jierren letter publisearre wurde sil.
Wumkes neamt dat der yn dat tiidrek noch altiten Friezen binnen dy't twifelje oan it goed rjocht fan it Bibelfrysk. Hja sjogge noch altyd wantrouwich nei eltse ferbining fan ús Fryske taal mei it hillige.
Mar de tiid dat it Frysk allinnich tsjinne foar fratsen, is - sa skriuwt Wumkes - oer, want de Fryske folkstaal is geandewei draachster wurden fan it heechste.
Fierders draacht Wumkes oan dat troch de iuwen hinne de Fries noch nea sûnder in eigensprakich gebed west hat, om't de wiere Fries yn syn benaudens jimmeroan ta God rôp yn syn eigen Fryske sieleklanken. Dat de ferbining fan ús folkstaal mei de Ivige hat nea ûntbrutsen.
Dêrmei komt dr. Wumkes ta de konklúzje dat wy as Friezen it Frysk as kultuertaal, as wijde taal, as bibeltaal ek oandoarre moatte.
Fragminten fan sechstich bibelboeken
Yn syn boekje lit dûmny Wumkes sjen hokker fragminten út 60 bibelboeken hy oerset hat út de grûnteksten. Benammen de moaijens fan it Bibelfrysk moast neffens dizze bibeloersetter útkomme, dat Wumkes hat mear nei de foarm fan dizze sechstich teksten sjoen, as nei de ynhâld fan dy teksten.
Mei in skerpens neamt hy dat de Fryske Bibel perfoarst net efter hoecht te stean by de Bibel fan 'it Leechlân' (in kritysk-dûbelsinnige oanduding fan de 'Lage Landen', fan Nederland, om't leech net allinnich oerset wurde kin yn 'laag', mar ek yn 'leeg').
Bibelfrysk as bûns-arke
Mar dr. Wumkes hat mei syn boekje noch in oar doel. Eins is dat ek hjoed (2018) wer aktueel, want hy neamt dat de tiid fan doe (1919) de minsken net tichter by 'it iene Boek' (de Bibel) bringt, en dat hy sjocht dat in grut part fan it Fryske folk ûntbibele, en dêrom geastlik ferearme is. Dêrom hat it Fryske folk winst te dwaan mei de Fryske Skrift, yn de foarm fan in nasjonale werberte op de grûnslach fan it Evangeelje, mei ús iuwenâlde Fryske taal as 'bûns-arke'.
En dan stelt Wumkes dat hy mei syn Bibelfrysk - lykas yn dizze publikaasje - it paad sljochtsje wol foar it Fryske Nije Testamint, dat op kommendewei is. [Wumkes wist yn 1919 noch net dat it noch wol 13 jier duorje soe dat it Nije Testamint yn it Frysk útkomme soe].
Dr. Wumkes sprekt ta beslút fan syn foarwurd út dat hy winsket dat syn boekje mei 60 koarte teksten Bibelfrysk in profesije wêze sil fan in gever, in keiner, en in ealer Fryslân.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten