Grouwe sipels klear foar de rispinge, oan de Goadyk by Stiens |
Rispinge
De rispmoanne (augustus) hawwe wy al wer hân, mar de tiid fan de rispinge is noch lang net oer.
As jo tsjintwurdich tusken de ikkers ride op'e Fryske klaai, dan sjogge jo noch in soad stikken lân, dêr't de fruchten fan it lân noch yn of op lizze. Sa is it ek oan wjerssiden fan 'e Goadyk tusken Froubuorren en Stiens.
Sûkerbiten en jirpels, hjir en dêr moat it noch út de grûn helle, dat it sil hjoed of moarn net misse of jo sjogge dêr wol boeren mei grutte trekkers, masjinen en weinen op it lân om harren produkten fan it lân te heljen.
Grouwe sipels
Hjoed ryd sa'n trekker op in stik sipellân oan de Goadyk. De grouwe sipels sjogge jo foar it grutste part boppe de grûn. It ûnderste woartelstikje stekt noch yn 'e klaai, en it sloppe lôf leit al foar it grutste part oer de sipels en op it lân; de punten fan it lôf wurde al giel en grau fan it ôfstjerren.
De boer hellet fan'e middei mei de trekker de sipels út de grûn; de masjine hellet it lôf der ôf en dan rûgelje de dikke sipels wêr werom oer it lân. No noch in tal dagen de sinne oer de sipels dy't op 'e klaaigrûn lizze, en dan kin de sipels fan it lân, ferkocht en ôflevere.
Swietrook
Dernei wurdt de ikker wer tared foar de winter en giet de klaaigrûn yn de kommende moannen yn 'e winterrêst.
Mar safier is it no noch net.
Oerdeis sjogge jo de sipels op it lân te droegjen, en sels as jo dêr yn it tsjuster fan jûn en nacht by del komme, dan mist it jo net, of jo rûke de swietrook fan de droegjende sipels op it sipellân neist jo.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten