Oandwaanlike boereprotestboerdtekst yn in Feinsumer greide |
Us doarp Feinsum leit sawat op de grins fan boulân en greidelân. Benoarden Feinsum fral boulân en súdop benammen greidelân. Yn en om Feinsum wikselt dat mei it jier op in inkel perseel ek noch wolris.
Lykas yn it hiele lân en yn Fryslân giet it boereprotest tsjin it stikstofbelied fan it regear ek oan Feinsum net foarby.
Op de greide benoarden de Feinsumer Sint-Vitustsjerke stiet sûnt inkele dagen ek in boereprotestboerd, mei dêrop de foto fan in ko en har kealtsje, dy't ús ferlitte, wylst mem de ko de oandwaanlike wurden ta har kealtsje sprekt:
'Kom mar leave,
wy binne yn dit lân net mear wolkom".
- Hoe moat soks no fierder?
- Wat is wiisheid?
Geen opmerkingen:
Een reactie posten