Yn de jiergearkomste fan it Kristlik Frysk Selskip (KFS) freegje de ferieningsleden hjoed om it Kristlik Frysk Selskip ankom jier noch net op te heffen. De nije Stifting Krúspunt is noch net folwoeksen en de Kriten binne noch net klear foar it opheffen fan it KFS. It bestjoer fan it Kristlik Frysk Selskip bringt de opheffing net yn stimming en it KFS sil nochris in jier foarút.
Om alve oere is it Reaklif by Warns it begjinpunt fan de spirituele kuier, organisearre troch de Stifting Krúspunt. Krúspunt is it yn 2009 oprjochte platfoarm foar Fryske oekumene en is bedoeld as de fuortsetter fan it wurk fan it mear as 100 jier âlde Kristlik Frysk Selskip. De dielnimmers fan de kuier rinne hjoed tusken de Gaasterlânske greiden fia Skarl nei de Johannes de Dopertsjerke fan Warns. Yn de tsjerke fertelt behearder G. Valk oer de skiednis fan de tsjerke en Hindrik van der Meer bespilet it oargel. Dan giet de kuier nei Laaksum om oer de Iselmardyk wer werom te gean nei it Reaklif.
As de kuierders oan it begjin fan ’e middei yn It Breahûs fan Balk oankomme, iepenet Eelke Goodyk hjir foar de 60 oanwêzigen de earste jiergearkomste fan stifting Krúspunt. De gearkomste begjint mei in meditatyf momint oer “Kuierje mei de Wêzer (God) oer de Slachtedyk”, fersoarge troch bestjoerder Tytsje Hibma. Foarsitter Liuwe Westra presintearret ek de oare bestjoerders fan Krúspunt: Piet Miedema, Douwe Gerbens, Toos Reichman en Warner Veltman.
Dêrnei wurdt de nije webside www.kruspunt.nl offisjeel presintearre en taljochte. In knap stik webwurk is dat fan de websidemakkers Arjen Miedema en Ben Akkerman. Op dizze webside stiet ek al it nije logo fan Krúspunt, dat it resultaat is fan in priisfraach ûnder studinten. De namme fan Matthijs Mol fan Nijegea wurdt bekend makke as priiswinner fan de logo-wedstriid en Matthijs Mol krijt fan de foarsitter de logo-priis útrikt. De sjuery priizget syn moai ûntwerp, dat it wêzen fan Krúspunt as Kristlik Frysk Moetingsplak sa goed sjen lit.
In part fan dizze gearkomste is de jierlikse ledegearkomste fan it Kristlik Frysk Selskip. It bestjoer freget oft de leden der al klear foar binne om it KFS op te heffen en oergean te litten nei de nije stifting Krúspunt. De leden binne noch net ta oan opheffen, sa blykt. Paul Hekstra en Durk van der Schaaf binne fan miening dat Krúspunt noch net de breedte fan it wurk fan it KFS hat. Thom Dijkstra sjocht wol de rykdom oan ynformaasje dy’t Krúspunt jout, mar mist yn Krúspunt noch it moetingsplak dat Krúspunt fral ek wêze wol en noch wurde moat. Pier Boonstra fan de Krite fan Burgum seit dat de Kriten fan Dokkum, Burgum en Bitgum der noch net klear foar binne. It bestjoer fan it KFS is dan sa wiis om it opheffingsútstel yn dizze jiergearkomste noch net yn stimming te bringen. Krúspunt moat noch wat folwoeksener wurde en dan sjogge wy ankom jier oft it KFS wol klear is om op te heffen om dan wol oer te gean nei Krúspunt. Kommende hjerst sil it bestjoer fan it KFS hjiroer yn berie mei har Kriten.
Healwei de middei wurdt wiksele fan lokaasje. Yn de Liudgertsjerke fan Balk folget dan de earste Krúspunt-lêzing, fersoarge troch Hinne Wagenaar, bestjoersadviseur fan Krúspunt. It tema fan dizze lêzing is “Liudger, in Fryske apostel?” Wagenaar warskôget yn it foar dat hy komme sil mei in krityske analyse fan de dieden fan dizze pryster, biskop en letter hillich ferklearre Liudger. Op grûn fan de relaasje fan Liudger mei syn famylje, mei de Fryske lannen en mei de Fryske taal besprekt Wagenaar de wize wêrop in misjonaris as Liudger omgie mei de Fryske taal en kultuer tidens it kerstenjen fan de ynwenners fan de âlde Fryske lannen fan Fryslân, Grinslân en Dútslân.
De earste jiergearkomste fan Krúspunt wurdt op passende wize ôfsletten mei in fesper, ûnder lieding fan Warner Veltman. Yn de fesper wurdt ek it Liudgerliet songen, yn de Fryske oersetting fan de ek oanwêzige Klaas Bruinsma:
"... Sa kinn’ wy as hy ek sjonge fan de Heilân fan de wrâld,
priizgje mei de harp en tonge,
Him dy’t ús foar ’t heil behâldt...”
Nei ôfrin fan dizze fesper kinne de oanwêzigen noch de mânske eksposysje oer Liudger van Douwe Gerbens besjen op de lange rigen panielen dy’t oan beide kanten fan de Liudgertsjerke opsteld binne. It bestjoer, de dielnimmende organisaasjes en de stipers fan Krúspunt sjogge werom op in tige moai programma fan dizze earste jiergearkomste fan de stichting Krúspunt.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten