donderdag 20 mei 2010

Jûn yn Jirnsum

Tongersdei 20 maaie 2010

Jûn haw ik in gearkomste mei twa bestjoerders Klaas Koops en Geert Metselaar fan 'e Stichting Rusland Kinderhulp yn Stienwyk. Wy prate oer ús plannen om takom jier lânlik en yn 'e regio's te betinken dat it yn 2011 fiifentweintich jier ferlyn is dat de kearnreaktor fan Tsjernobyl foar in grutte ramp soarge.

Op 'e weromreis nei hûs gean ik noch efkes troch Jirnsum om dêr te besjen hoefier alle tariedings binne foar de presintaasje fan 'e Jirnsumer Moeting ankom moanne juny. Wol, it monumint is klear en it ynformaasjeboerd ek. As de gemeente no ek noch efkes it grien rûnom behoffenet, is it pylgermonumint fan ús Stichting Jabikspaad Fryslân klear foar de takomst.

Op 'e oare side fan 'e Rykswei stiet de âlde doarpstsjerke fan Jirnsum yn it folle keunstljocht. Op 'e eftergrun, stiet heech yn 'e loft de moanne, foar in part yn't skynsel fan 'e ûnsichtb're sinne.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten